Represintaasje

De CdK útnûgje

De KfdK kriget jierliks in soad útnûgings, bygelyks om in kongres ta te sprekken of in iepening te ferrjochtsjen. De KfdK is tige wiis mei dy útnûgings. As jo ek fan doel binne de KfdK út te nûgjen, dan is it oan te rieden ûndersteande ynformaasje earst troch te lêzen.

Checklist

  • Omskriuw helder en koart de oanlieding fan de útnûging en de winske rol fan de KfdK.
  • Jou in beskriuwing fan de organisearjende partij.
  • Omskriuw it evenemint mei it doel en it tema.
  • Jou datum en lokaasje fan it evenemint. Winske tiidstip optreden KfdK.
  • Wa binne mooglike oare gasten/sprekkers.
  • Is der media oanwêzich.
  • Jou de kontaktynformaasje fan de organisator.
  • De aginda fan de KfdK wurdt in tal moannen foarút pland. In útnûging kin dêrom it bêste sa’n 8 wike fan te foaren ferstjoerd wurde. Jo kinne jo útnûging by foarkar digitaal stjoere via de knop ûnderoan disse pagina.

Proseduere Komitee fan Oanrikkemedaasje

Oanfregers tsjinje op grûn fan ûndersteande kritearia in skriftlik fersyk by de KfdK yn. 

Kritearia

  • Der moat sprake wêze fan in provinsjaal belang.
  • As de oanfraach in provinsjale portefúlje rekket, wurdt advys by de deputearre cq de fakôfdieling ynwûn.
  • It KfO mei gjin tiid yn beslach nimme.
  • Gjin stridigens mei de doelstellings en imago fan de provinsje.
  • Der meie gjin finansjele konsekwinsjes út wei komme.

Oan it oangean fan it KfO kinne gjin ferwachtings/rjochten ûntliend wurde foar wat subsydzjes oanbelanget.

As it fersyk tastien wurdt, wurdt de oanfreger dêr skriftlik fan op op ‘e hichte steld.

Kommissaris útnûgje