Aktualisaasje Natuurnetwurk Nederland 2025
Deputearre Steaten fan Fryslân hawwe op 4 maart 2025 de Actualisaasje Natuurnetwerk Nederland 2025 fêststeld.
Wat is it Natuernetwurk Nederlân?
It Natuernetwurk Nederlân is it Nederlânsk netwurk fan besteande en nij oan te lizzen natuergebieten. It netwurk moat natuergebieten better ferbine mei-inoar en mei it agrarysk gebiet deromhinne. De provinsjes binne ferantwurdlik foar it Natuurnetwerk Nederland op it lân en It Ryk is systeemferantwurdlik foar de natuer yn de grutte wetters binnen de Rykswetters.
De begrinzging en bepalingen oer it Natuernetwurk Nederlân hat de provinsje fêstlein yn de Omjouwingsferoardening Fryslân 2022. De geometryske begrinzing is fêstlein op de kaart natuernetwurk Nederlân yn Taheakke 2.4.
Digitale kaart wizigingen 2025
Dizze kaart jout oan wêr't wizigingen trochfierd binne yn it Natuernetwurk Nederlân. It giet om gebieten wêrfan't DS foarnimmens is om dy ta te foegjen ta it NNN (de griene gebieten op de kaart) of fuort te heljen út it NNN (de reade gebieten op de kaart).
Natuurnetwerk Nederland Ynspraak
As jo de grutte kaart iepenje yn in nij tabblêd kinne jo fia de knoppen rjochtsboppe yn it skerm fan kaartbyld wikselje en de leginda iepenje. Sa kinne jo njonken de wizigingen ek it hjoeddeistige Natuernetwurk Nederlân ynsjen.
Sjenswize yntsjinje
Hawwe jo beswier tsjin de wizigingen dy't no foarlizze. Dan kinne jo in sjenswize yntsjinje op it Actualisaasje Natuurnetwerk Nederland 2025, dat jildt allinnich foar de grinswizigingen. Dêr kinne jo gebrûk foar meitsje fan ûndersteand digitaal formulier. Wolle jo de sjenswize leaver oer de post stjoere? Dan kinne jo it formulier ûnderoan de side downloade en ynfolje. It postadres is op it formulier fermeld. Wolle jo de sjenswize leaver oer de email ferstjoere, dan kinne jo dy rjochtsje oan: provincie@fryslan.frl
Jo kinne in sjenswize yntsjinje fan 7 april o/m 19 maaie 2025
Wannear’t jo jo sjenswize ferstjoerd hawwe, krije jo fan de provinsje in ûntfangstbefêstiging. Dat kin in pear dagen duorje. Dêrnei wurde de sjenswizen bondele, beoardiele en ferwurke yn in reaksjenota. Op basis fan de reaksjenota stelle Deputearre Steaten de wizigingen Natuurnetwerk Nederland 2025 fêst. Nei it fêststellen krije jo in antwurdbrief mei dêryn de beoardieling fan jo sjenswize.
Mear ynformaasje
Hawwe jo fragen? Dan kinne jo kontakt opnimme mei it Klantkontaktsintrum fia 058 - 292 59 25 of provincie@fryslan.frl. Sy helpe jo graach fierder.