Natuergebiet de Alde Feanen leit midden yn de provinsje Fryslân en falt binnen trije gemeenten: Smellingerlân, Ljouwert en Tytsjerksteradiel. It bestiet foar in grut part út leechfeanmoeras mei marren, feanplassen, petgatten, trilfeanen, reidlannen, healannen en moerasbosken. It natuergebiet hat seldsume floara en fauna. Dêrom is it oanmurken as Natura 2000 gebiet en ûnderdiel fan it Natuurnetwerk Nederland (NNN ). It is ek ûnderdiel fan Nasjonaal Park De Alde Feanen.

De Alde Feanen is in natuergebiet wêryn 't meardere funksjes gearkomme: wetter, lânbou, natuer en rekreaasje. It stribjen is dat dizze funksjes inoar gjin oerlêst besoargje, mar krekt njonken en mei-inoar bestean. Binnen de gebietsûntwikkeling Alde Feanen binne en wurde maatregels útfierd dy 't sawol de natuer as de belibbing fan de Alde Feanen fersterkje.

Op dizze webside lêze jo mear oer de ûntwikkelingen binnen de gebietsûntwikkeling Alde Feanen. Wat is der al útfierd en wat komt der noch? Fierder lêze jo mear oer de taken fan de gebietskommisje en wa 't deryn sitte.

Maaie 2024: Natuerûntwikkeling yn polder Siderius by Earnewâld(4e module)

Yn polder Siderius by Earnewâld wurdt 36 bunder natuer realisearre yn 2024. Dat stiet yn de 4e útfieringsmodule Alde Feanen, wêrmei't it kolleezje fan Deputearre Steaten op 23 april ynstimd hat. Yn dizze module wurde maatregels tsjin ferdrûging foarsteld dy't ek ekstra natuerûntwikkeling mooglik meitsje. 

It giet om it gebiet krekt foar de yngong nei Earnewâld, oan de linkerkant fan de Feantersdyk, tusken de Alle om 'e Slachte en de Koaidyk. In noch ûntbrekkende skeakel yn de ferbining fan natuer om Earnewâld hinne. Mei de ynrjochting fan dit gebiet ûntstiet in gehiel mei hegere wetterpeilen, goed foar it behâld fan it fean en de dêrby passende natuer. 

Winterdeis kinne de legere dielen langere tiid ûnder wetter stean. Dêr kin oerstreamingsgerslân ûntstean. Op de hegere plakken, mear lizzend op de flanken fan de sânrêgen, kin mei it ôfgraven fan in part fan de boppegrûn de goede omstannichheden kreëarre wurde foar de ûntwikkeling fan wiet skraallân. De rest fan it terrein wurdt fochtich-drûch krûde- en faunaryk gerslân. 

De 4e útfieringsmodule is opsteld troch de gebietskommisje Alde Feanen, yn opdracht fan de provinsje Fryslân. De gebietskommisje wurket yn dizze module gear mei de ûnder oare de provinsje Fryslân, Wetterskip Fryslân, de gemeente Tytsjerksteradiel en It Fryske Gea (as tydlik behearder fan it gebiet).

Utkomsten archeologyske ûndersyk yn polder Siderius

Yn febrewaris en maart 2024 is, yn opdracht fan de Provinsje Fryslân, in archeologysk fjildûndersyk útfierd yn polder Siderius. Dit is it gebiet fan de 4e útfieringsmodule, lein tusken de Alle Om 'e Slachte, Koaidyk en Feansterdyk.

It archeologysk boaiemûndersyk is dien om 't op de Fryske Archeologyske Monumintekaart (FAMKE) oanjûn is dat hjir resten wêze kinne fan bewenning út de stientiid / boarnestiid en de midsiuwen. Dizze ferwachting is basearre op de sânrêgen yn de ûndergrûn en de betide feanûntginning.

Earst is in ferkennend boarûndersyk dien. Dêrby is it hiele plangebiet ûndersocht. Dêrnei is op guon lokaasjes noch ferfolchûndersyk dien.

Konklúzje: op de lokaasjes dêr 't groeven wurde sil by de werynrjochting fan it gebiet (foar de natuerûntwikkeling ), binne gjin archeologyske resten.

Mochten der by it útfieren fan graafwurksumheden dochs losse spoaren en fynsten oantroffen wurde - it giet dan faak om lytse spoaren of resten dy 't net mei in boarûndersyk opspoard wurde kinne - dan sil dêr melding fan makke wurde by de provinsjaal archeolooch.

Wolle jo mear witte oer it ûndersyk dat útfierd is en de útkomsten dan kin it rapport hjir lêze. 

Mear ynformaasje oer de Friese Archeologische Monumentenkaart (FAMKE) 

Werstel healannen Oksekop

De Oksekop is in “boesemlân” yn de Wide Ie. It is in saneamde simmerpolder, dy't winterdeis ûnder wetter stie as it wetter yn de boezem heech stie. Simmerdeis wie it drûch genôch om hea te rispjen. Yn dizze “fochtige hooilannen” troffen wy bysûndere floara en fauna oan lykas de Gewone Dotterbloem en ferskate soarten greidefûgels. Troch ferskate redenen, lykas it ferleegjen fan de grûnwetterstân, binne dizze “fochtige hooilannen” yn Fryslân en de rest fan Nederlân ferdwûn. Dêrom fine wy it wichtich om de Oksekop wer geskikt te meitsjen as gebiet foar “fochtig Hooilân” en de dêrby hearrende floara en fauna.

Wat sille we dwaan? De gehiel tichtgroeide Alde Mûntsegroppe wurdt útgroeven. De wetter yn- en útlitten wurde ferbettere. Ek wurde de beammen en strûken fuorthelle om de greidefûgels te beskermjen tsjin rôffûgels en oare predatoaren.

De grûn is yn eigendom fan partikulieren, wêrfan in part by It Fryske Gea. De eigeners sille tastimming jaan moatte foar it útfieren fan dit wurk. Hja binne fansels behelle by de planfoarming en de fierdere útwurking.

Om't de ferfanging fan de kade lâns de Nije Mûntsegroppe op de planning fan Provinsjale Wettersteat stiet foar 2024, is de gearwurking yn beide projekten socht. Provinsjale Wettersteat wol in natuerfreonlike wâl oanlizze om de hjoeddeistige steile kademuorre te ferfangen. Ek dit wurdt mei de grûneigeners bepraat.

Nijsbrief

Lês de meast resinte nijsbrief fan july 2023 oer de lêtste ûntwikkelingen.

Wolle jo op 'e hichte bliuwe fan nijs oangeande de gebietsûntwikkeling? Meld jo oan foar de digitale nijsbrief.

Oanmelde nijsbrief

Funksjeferoaring

In wichtich ûnderdiel fan de gebietsûntwikkeling is it omfoarmjen fan lânbougrûn nei natuer yn de dêrfoar beheinde gebieten yn it NNN. Dat kin op ferskate wizen, bygelyks troch oankeap of it ruiljen fan grûn, mar ek kinne eigeners sels kieze foar omskeakeling nei natuer, de saneamde funksjeferoaring. Binnen de gebietsûntwikkeling wurdt wurke op basis fan frijwilligens. Dat betsjut dat in eigener sels beslút oft hy dêroan meiwurkje wol of net.

Klik hjir om de ôfbielding te fergrutsjen.

Een kaart van het gebied Natuurnetwerk Nederland waarin landbouwgrond omgevormd wordt tot natuurgrond
Kaart: Plangebied gebiedsontwikkeling Alde Feanen
It begûn mei it Raamplan Werynrjochting Alde Feanen

De Werynrjochtingskommisje makke tusken 1997 en 2004 it Raamplan Herinrichting Alde Feanen yn opdracht fan de provinsje Fryslân. Deputearre Steaten stelde it yn 2004 fêst. Yn it Raamplan stiet wat de doelen foar it gebiet binne en wat de winske maatregels binne om de doelen te heljen. De opdracht fan Deputearre Steaten oan de gebietskommisje wie: Ontwikkel in folweardich laachfeanmoeras dat oanstjoerd wurdt troch in optimaal wetterbehearsysteem. Binnen dit systeem moat romte wêze foar rekreatyf meigebrûk. De gebietskommisje fiert it ramtplan út troch it yn stikken op te dielen. Dy ûnderdielen hjitte útfieringsmodules.

Een kaart waar de vier modulegebieden op zijn weergegeven
Earste útfieringsmodule: It Pettebosk

De earste útfieringsmodule (2008) bestie út de oanlis fan it natueredukaasjebosk It Pettebosk. Dit is in stikje natuer binnen De Alde Feanen mei in boartersbosk mei reidfjilden, boartersgreide en moerasbosk. Eins is it de Alde Feanen yn it lyts sadat bern boartsjendewei yn de kunde komme kinne mei de natuer. Yn de natuerboarterstún is in útdaagjende rûte útset foar bern mei ferskate toubrêgen, klimpalen en in survivalbaan.

Het inrichtingsplan voor het Pettebosk
Twadde útfieringsmodule: Petgatten, farwegen en kuierpaden

Yn de twadde útfieringsmodule (2010 -2014) binne der nije petgatten noardlik en noardeasten fan Earnewâld kaam. Yn totaal suveret no sa 'n 400 bunder oan moeras - en petgatten it wetter út de Fryske boezem wei. Fierder wiene de maatregels rjochte op it ferminderjen fan ferdrûging, nije mooglikheden foar natuerûntwikkeling, wetterpeilen op maat en wetterberging en wetterkwaliteit. Dêrneist binne de farwegen foar lytse rekreaasjefeart útwreide en binne besteande kuierpaden opknapt.

Het inrichtingsplan voor de tweede module
Tredde útfieringsmodule: tsjingean ferdrûging

Ek yn de tredde útfieringsmodule (2014 -2023) is it tsjingean fan ferdrûging fan it bysûndere leechfean yn de Alde Feanen in wichtich doel. Behâld en fierdere ûntwikkeling fan de besteande natuergebieten stiet sintraal. En dêrneist foarsjenningen dy 't it mooglik meitsje om fan it gebiet te genietsjen. De tredde útfieringsmodule omfettet hast 600 bunder en is no yn útfiering. Op de kaart hjirûnder wurde de maatregels yn it koart beskreaun. Foar mear ynformaasje kinne jo it rapport ynsjen.

Kaart derde uitvoeringsmodule toegelicht
Kaart: Modulekaart gebiedsontwikkeling Alde Feanen

Klik hjir foar in grutte ôfbylding 

Tredde útfieringsmodule film

Tredde útfieringsmodule: wurk yn 'e simmerpolders klear
Impressie van werkzaamheden in de zomerpolders
Impressie van werkzaamheden in de zomerpolders
Impressie van werkzaamheden in de zomerpolders
Regio Deal Súdeast Fryslân

In Regio Deal is in gearwurking tusken Ryk en regio om de krêft fan de regio te fersterkjen. De ôfspraken binne ek fêstlein yn in oerienkomst, “de dealtekst Regio Deal Zuidoost Friesland”, tusken ministearjes, gemeente, Wetterskip en de provinsje Fryslân.

Yn dizze Regio Deal wurdt ynset op it fersterkjen fan de pylders “fitale kearnen” en “fearkrêftich lânskip”. Yn it gebiet wurde al ferskate wurksumheden útfierd om de natuer te fersterkjen en te belibjen fia de útfieringsmodules. Mei de ko-finansiering fan dizze Regiodeal ynvestearje wy yn mear mooglikheden foar rekreative belibbing yn de foarm fan lân - en wetterrekreaasje en ferkearsfeiligens foar besikers.

Njonken wetterhúshâldkundige maatregels, wurdt ek in kuierrûte ferbettere en de kanorûte ferlein. Fierder komt der in fûgelsjochhutte oan de súdkant, sadat fûgels besjoen en fotografearre wurde kinne mei de sinne yn de rêch. Foar de fûgelsjochhutte komt in fûgeleilân, sadat de belibbing fan de natuer noch tichterby komt. De brêge by Westersanning is yntusken ferfongen. De dyk dêrhinne is koartlyn asfaltearre en foarby de brêge wurdt de dyk ek opknapt. Der is in Otterdûker makke ûnder de dyk Headammen. Dizze dyk wurdt opnij ynrjochte sadat it feiliger is foar kuierders, fytsers en 'oerheljende' kanoërs. Ta beslút wurdt it parkearterrein by de brêge oer de Headamsleat better ynrjochte.

Mear ynformaasje

LIFE+ projekt ‘Booming Business’

Mei finansiering út it LIFE+ projekt ‘ Booming Business’ binne sûnt 2013 maatregels útfierd, benammen rjochte op de ferheging fan de wetterkwaliteit en natuerwearden yn de Alde Feanen. Mei-inoar hat likernôch 220 hektare in kwaliteitsympuls krigen, ferdield oer in tal ferskillende ynrjochtingsmaatregels.

De resultaten binne anno 2023 goed sichtber. It meast yn it each springe it tebekkringen fan de bebosking fan feanmosreidlannen, it ûntwikkeljen fan ûnderwetterfegetaasje yn ferskillende petgatten en it stimulearjen fan reidgroei yn eardere lânboupolders.

Gebietskommisje Alde Feanen

De gebietskommisje Alde Feanen advisearret yn opdracht fan de provinsje Fryslân oer de ynrjochting fan it gebiet en de útfiering. Yn de kommisje sitte fertsjintwurdigers fan natuerbeskerming, wetterskip, rekreaasje en lânbou, mei ôffurdigen fan de provinsje Fryslân en de gemeenten Smellingerlân en Tytsjerksteradiel. Dêrby is ôfstimming mei de ynwenners en ûndernimmers yn it gebiet fan grut belang.

De leden fan de gebietskommisje binne:

  • Frou. A. Rispens, (ûnôfhinklik) foarsitter;
  • Frou. M. van der Steeg, sekretaris (út namme fan de provinsje Fryslân);
  • De hear A. Veldboom (út namme fan rekreaasje);
  • De hear S. Alkema (fan It Fryske Gea út namme fan Friese Milieu Federatie);
  • De hear J. Tjeerdsma (út namme fan LTO Noord);
  • De hear J. van der Velde (adviseur Wetterskip Fryslân);
  • De hear M. Bosloper (adviseur gemeente Tytsjerksteradiel);
  • De hear W. Jans (adviseur gemeente Smallingerlân).

Gearwurkingspartners

Yn it gebietsprojekt de Alde Feanen wurket provinsje Fryslân gear mei Wetterskip Fryslân, de gemeenten Tytsjerksteradiel, Smellingerlân en Ljouwert, It Fryske Gea, Fryske Miljeu Federaasje en LTO Noard.

Kommunikaasje

De gebietskommisje fynt it wichtich om de streek te belûken by it foarmjen fan de plannen. Sa hawwe kommisjeleden kontakt mei harren efterban, wurde der nijsbrieven ferstjoerd en ynringearkomsten organisearre foar belangstellenden. Direkt belutsen grûneigeners en pachters wurde útnûge foar in yndividueel petear.

Kontakt

Hawwe jo fragen oer gebietsûntwikkeling Alde Feanen? Dan kinne jo it klantkontaktsintrum fan de provinsje Fryslân telefoanysk berikke op telefoannûmer 058 - 292 59 25, of in mail stjoere nei provincie@fryslan.frl.