Atlas Ferkearsedukaasje
De Atlas Ferkearsedukaasje jout ynsjoch yn in seleksje fan wichtige projekten en aktiviteiten op it mêd fan permaninte ferkearsedukaasje en publyksaksjes yn de provinsje Fryslân. Jo kinne selektearje op jier, gemeente, ûnderwiistype en aktiviteit. Foar neiere ynformaasje oer de projekten en aktiviteiten dy't yn 2024 oanbean wurde, kinne jo it Digitaal Magazine rieplachtsje: Digitaal magazine 2024 | Fryslan.
Basispakketten foar it basisûnderwiis
It is essinsjeel dat bern goed ferkearsûnderwiis krije. It ROF stelt basisskoallen yn de gelegenheid ferkearsprojekten mei de wichtichste tema’s (ôflieding yn it ferkear, faasje en deade hoeke) út te fieren én jierliks yn alle gefallen ien praktysk ferkearsprojekt te dwaan. Yn de Atlas Ferkearsedukaasje steane de fêste projekten dy't diel útmeitsje fan ien fan de twa Basispakketten.
Basispakketten foar it fuortset ûnderwiis
Dizze line fan permaninte ferkearsedukaasje rint troch nei it fuortset ûnderwiis. Skoallen yn it fuortset ûnderwiis kinne kieze út twa Basispakketten, wêryn't yn alle gefallen de tema’s ôflieding yn it ferkear, alkohol & drugs en groepsdruk behannele wurde. Yn de Atlas Ferkearsedukaasje stiet in part fan it totaal oan ferkearsprojekten dat foar it fuortset ûnderwiis beskikber is.
Dêrneist steane projekten foar de oare doelgroepen en foar it grutte publyk yn de Atlas ûnder it label Publyksaksje, wêrfan't ek de aktiviteiten út it projekt Doortrappen wei sichtber binne op de kaart.
Iepenje de Atlas op it folsleine skerm
Foar fragen of opmerkings kinne jo kontakt opnimme mei ús Klantkontaktsintrum.