Beekdal Linde
Om de beek De Lende hinne wurkje wy oan it fersterkjen fan de beekdelling. Dat dogge wy op it mêd fan natuer, wetter, lânbou, lânskip en rekreaasje. Ferskate dielprojekten binne al klear. Lykas it werynrjochtsjen fan de Catspolder, wat no in wetterrike oaze foar ferskate fûgelsoarten is, in stik natuergrûn by De Hoeve en polder Hoekstra. Yn 2021 is it fytspaad lâns De Lende tusken de Vinkegavaartweg by De Hoeve en de Domeinenwei by De Blesse oanpast. Tagelyk binne op trije plakken âlde meanders (beekkronkels) fan De Lende op 'e nij werombrocht. De beek en it fytspaad slingerje troch it lânskip. Even westlik fan de Wetering rint it fytspaad troch it natuergebiet fan It Fryske Gea mei as doel om de natuer - en lânskipsbelibbing fan fytsers te fersterkjen. It grutste part is ynrjochte as natuergebiet en stiet yn iepen ferbining mei de beek. Hjirtroch kin mear wetter op it lân rinne, dêr 't ferskate planten en bisten fan profitearje.
Wat sil der de kommende tiid barre? Fan hjerst 2023 ôf geane wy oan 'e slach mei fjouwer dielgebieten yn it Beekdal Linde-gebiet:
- De Stuttebosch - start oktober 2023
- Gebiet Ter Schure - start oktober 2023
- Polder IJkenverlaat - start oktober 2023
- De hermeandering fan De Lende tusken Noordwooldervaort en de A 32 - start jannewaris 2024
De gebietsûntwikkeling Beekdal Linde is ûnderdiel fan it Natuurnetwerk Nederland
It Natuurnetwerk Nederland is in netwurk fan natuergebieten dy 't al ynrjochte binne of noch ynrjochte wurde moatte. Yn Fryslân wurkje wy ek oan it oanlizzen en ferbetterjen fan dit natuernetwurk. Troch besteande gebieten mei-inoar te ferbinen, meitsje wy in sterk netwurk. Soarten lykas de otter kinne dan maklik fan it iene nei it oare gebiet gean.
Gearwurking
De Gebietskommisje Beekdal Linde wurket yn opdracht fan de provinsje Fryslân en yn gearwurking mei de streek oan plannen foar it gebietsûntwikkelingsprojekt. De kommisje bestiet út fertsjintwurdigers fan gemeenten Ooststellingwerf en Weststellingwerf, natuer- en miljeuorganisaasjes, Wetterskip Fryslân, LTO Noord, Vereniging kleine dorpen en de provincie Fryslân.
Oer de gebietsûntwikkeling Beekdal Linde is in filmke makke. It filmke besjogge jo hjir.
Nijsbrief
Wolle jo tenei oer de mail op 'e hichte bliuwe oer de plannen en wurksumheden yn it Beekdal Linde gebiet? Meld jo dan oan foar de digitale nijsbrief.
Dit projekt wurdt meifinansierd troch: