Beslutelist Deputearre Steaten 11 maart 2025

1. Startnotysje havenfyzje

Mei de havenfyzje wolle wy mear gearhing berikke tusken de havens yn Fryslân. Kânsen dy't wy mei ús farwegenetwurk hawwe, kinne sa better benut wurde. It giet dêrby om primêr ekonomyske en mobiliteitskânsen, mar ek romtlike oerwagingen en duorsume fraachstikken. As tarieding op de yntegrale havenfyzje is in startnotysje opsteld. Dizze wurdt oan PS foarlein, wêrmei't sy winske ynhâldlike oandachtspunten meijaan kinne foar it ferfolch. It ûntwikkeljen fan in yntegrale havenfyzje is yn it bestjoersakkoart 2021-2027 ‘Oparbeidzje foar Fryslân’ opnommen as resultaat.

2. Sjenswize ûntwerp-omjouwingsfergunningen Toppenhuzen

It ministearje fan KGG hat de ûntwerp-omjouwingsfergunningen foar gaswinning by Toppenhuzen op besjen lizzen. It winningsplan, dêr't dizze oanpassing juridysk yn regele wurdt, is noch yn proseduere en hat noch net as ûntwerp op besjen lein. It ministearje wol no earst de fergunningen ferliene op grûn fan de Wabo en dêrnei beslute oer it winningsplan. Yn dizze sjenswize wurdt yngien op dizze keazen proseduere en op de ynhâld fan de ûntwerp-fergunningen.