Beslutelist Deputearre Steaten 14 april 2025

1. Provinsjale bydrage fan €625.000,- foar PROSIT-projekt 

DS stelt €625.000, - beskikber foar it ynnovative PROSIT-projekt foar duorsume enerzjy op de Waadeilannen. Mei dizze bydrage wurdt it plan om de eilannen selsfoarsjennend te meitsjen yn enerzjy fierder stipe. PROSIT is in útwreiding fan it rinnende demonstraasjeprojekt TidalKite by It Amelân.