Beslutelist Deputearre Steaten 16 july 2024

1. Provinsjale Trochfytsrûtes 

It Kolleezje fan Deputearre Steaten hat besletten om 1,6 miljoen euro te ynvestearjen yn de trochfytsrûtes N357 en N924. De ambysje is dat Fryslân de fytsprovinsje fan Nederlân is, ûnder oare troch it netwurk fan trochfytsrûtes te realisearjen. Ein 2023 is besletten om de fytsrûtes oan de N 358 en de N 355 oan te pakken. No wurde ek de fytsrûtes N357 fan Ljouwert-Stiens en de fytsrûte N924 fan Ychten-Eastersee realisearre.

2. Mynbou 

By de Fryske mynboutafel fan 3 july is besletten om foar it simmerreses twa lobbybrieven oer Mijnbouw te ferstjoeren. De earste brief is rjochte oan minister Hermans, fan it ministearje fan Klimaat en Groene Groei. De twadde brief is rjochte oan de fêste Keamerkommisje fan Ekonomyske Saken en Klimaat.

3. Ferlinging Boere-eksperiminten Regelingen Fryske Klaaigreide en Feangreide 

Begjin 2021 hawwe de kolleezjes fan Drinte, Fryslân en Grinslân de oerkoepeljende Subsydzjeregeling Regio Deal Natuurinclusieve Landbouw Noard-Nederlân fêststeld. Dizze útfieringsregeling rjochtet him op lytsskalige gearwurkingsprojekten op it mêd fan natuerynklusive lânbou yn de klaaigreide en de feangreide. De fernijende ideeën moatte by te dragen oan de transysje nei in natuerynklusive lânbou yn klaaigreide en minimaal by te dragen oan ien fan de fjouwer pylders fan bioferskaat. De regeling wurdt ferlinge oant 1 novimber 2024.

4. Beliedsbrief Europa 

It konsept fan dizze beliedsbrief is hjoed fêststeld troch it Kolleezje. Dêrmei wurdt it stik frijjûn foar in eksterne reaksjeronde ûnder de organisaasjes dy't yn Fryslân, (Noard-)Nederlân en Dútslân belutsen wiene yn it proses. Nei de simmer stelle DS it definitive stik fêst mei reaksjenota op de eksterne ronde. Wêrnei 't PS nei ferwachting yn oktober beslute sil oer de Beliedsbrief Europa.