Budzjet en nije aksinten foar oanpak Frysk lanlik gebiet
Provinsje, Wetterskip en Fryske gemeenten sette harren ek yn de kommende jierren mei organisaasjes en de mienskip yn foar de oanpak fan it Frysk lanlik gebiet. De yntegrale wurkwize past by de opjeften yn Fryslân foar natuer, klimaat, wetter, boaiem en lânbou-sosjaal-ekonomysk. De trije oerheden fine it wichtich om de yn gong sette dialooch troch te setten en de opboude enerzjy yn de gebietsprosessen fêst te hâlden. It jild dat yn 2024 beskikber komt foar maatregels op it mêd fan Natuer, Klimaat-Feangreide en Lânbou, soarget dêrby foar in wichtige basis.
Weroiïntaasje
It Hoofdlijnenakkoord fan it nije kabinet jout nije aksinten yn de ryksbegrutting oan. Dat freget ek yn Fryslân om in weroriïntaasje foar de oanpak fan it lanlik gebiet. Sa wol it kabinet kieze foar it mear stjoeren op doelen en dêrby de lânbou mear it inisjatyf nimme litte. It earder beskikbere Transysjefûns foar it Nationaal Programma Landelijk Gebied (NPLG, € 24,3 miljard) ferfalt, mar komt foar in part yn oare budzjetten werom: it útstel is om € 5 miljard te reservearjen foar agrarysk natuerbehear (op basis fan in struktureel ekstra budzjet fan € 500 miljoen yn ’t jier) en ien kear € 5 miljard foar ynnovaasje yn ‘e lânbou, oanpak fan de dongmerk en stoppersregelingen.
Foar de oanpak fan it Frysk lanlik gebiet betsjut dat in ferskowing fan ambysjes en middels: tink oan oare finansieringsmooglikheden en oan it prioritearjen en fazearjen yn it ferfolchproses. Wy wurkje fierder oan de opjeften, mar de folchoarder en it tempo sille wizigje.
Wy wurkje troch oan de realisaasje fan de doelen
De Europeeske en lanlike doelen foar natuer, stikstof, lânbou, wetter, boaiem en klimaat binne op it stuit ûnferoare. It bliuwt dêrom fan belang om troch te gean mei it meitsjen fan plannen en oan ‘e slach te gean mei de útfiering fan maatregels. Ek dat sjogge wy werom yn it Hoofdlijnenakkoord: it nije kabinet wol trochgean mei de ynset op de klimaatopjefte, dêr’t it Feangreideprogramma en de Fryske beamme- en boskestrategy ûnderdiel fan binne. Ek wurkje wy troch oan de Kaderrichtlijn Water (KRW), it Programma Natuur, it Fryske part fan it NatuurNetwerk Nederland (NNN), de stikstofdoelen en doelberik Vogel- en Habitatrichtlijn (VHR), agrarysk natuer- en lânskipsbehear en greidefûgels yn it bysûnder.
Gearhingjende oanpak
Provinsje, Wetterskip en Fryske gemeenten sjogge de urginsje om yn it lanlik gebiet de doelen foar natuer, wetter, klimaat en takomstbestindige lânbou yn gearhing op te pakken en dêrmei karren posityf op inoar ynwurkje te litten. De trije oerheden, oanbelangjende organisaasjes en de minsken yn it gebiet wurkje dêrmei yntegraal mei-inoar op ynhâld fierder. Yn Fryslân hawwe wy dêr yn de ôfrûne jierren folop op ynset en dêr faak yn ‘e mande mei gebieten de foarstap yn nommen. Dêr is sawol fan de kant fan de Mienskip as fan it Ryk in soad wurdearring foar ûntfongen. De gebietsprosessen en -inisjativen binne nedich foar it heljen fan de opjeften. Boppedat slút de wurkwize oan by de útgongspunten fan de Omgevingswet. De ûnderfining en enerzjy dy’t yn Fryslân opboud is, wolle wy as trije Fryske oerheden fêsthâlde en fierder stimulearje.
€180 miljoen beskikber yn 2024
Oan ‘e ein fan it fjirde fearnsjier 2024 komt der foar de neikommende Fryske maatregelpakketten jild beskikber: Natuer (€43 miljoen), Klimaat-Feangreide (€46,6 miljoen) en Lânbou-sosjaal-ekonomysk (61,6 miljoen). Oanfoljend waard op 9 july bekend dat ek it troch Fryslân oanfrege bedrach fan €30 miljoen foar it wurkjen mei de KPI-systematyk takend is. Sa is der sprake fan in substansjele ynset op koarte termyn foar de oanpak fan it lanlik gebiet. Om de ryksmiddels sa goed en effektyf mooglik te besteegjen, wurkje wy nau gear mei ús provinsjale partners en gebieten.