Frysk Programma Lanlik Gebiet

Boeren, natuerorganisaasjes, ûndernimmers, ynwenners en oerheden; mei-inoar brûke en beheare wy it lanlik gebiet yn Fryslân. Wy beskermje de natuer, en biede takomst foar de ekonomy yn it algemien en de lânbou yn it bysûnder. Dêrom wurkje wy mei-inoar oan in takomstbestindich Fryslân, dêr’t foar elkenien romte, perspektyf en brede wolfeart yn is.

Yn it Frysk Programma Lanlik Gebiet, ôfkoarte FPLG, wurket Fryslân oan de takomst fan it Fryske lanlike gebiet. It FPLG is de Fryske ynfolling fan it Nasjonaal Programma Lanlik Gebiet (NPLG).

Fia dizze webside, ús nijsbrief en (digitale) bypraatmominten en oerlizzen hâlde wy inoar op 'e hichte.

Gebietsprogramma

Ek yn de takomst wolle wy yn in moai, sûn en leefber Fryslân wenje, wurkje en iten produsearje. No't it klimaat feroaret en wy dêr hieltyd mear gefolgen fan sjogge, binne dit gjin wissichheden mear.

Dat freget om oanpassingen fan ûnder oare ús lanlik gebiet en om it meitsjen fan karren. Dy karren moatte wy mei-inoar meitsje. Hoe't wy omgeane mei stikstof, natuer, wetter en boaiem, klimaat en in fitaal plattelân omskriuwe wy yn it gebietsprogramma. Dat gebietsprogramma hawwe wy yn in earste ûntwerpferzje op 1 july 2023 by it Ryk oanlevere. Dat programma is skreaun yn gearwurking mei ûnder oare de lânbou, natuerorganisaasjes, kennisynstellingen en de oare Fryske oerheden.

Fan it Ryk krigen wy kompliminten oer de earste ferzje fan it gebietsprogramma, sawol oer de ynhâld as oer ús oanpak, wêrby’t nau gearwurke is mei Wetterskip, gemeenten en in breed skala fan maatskiplike organisaasjes. Hjirfine jo it ûntwerp-gebietsprogramma sa't dat yn juny 2023 by it Ryk oanlevere is, mei as taheakken de earste ferzje fan de maatregelpakketten.

Wurkje oan folgjende ferzje & weroriïntaasje

Ein oktober 2023 hawwe wy fan it Ryk de earste reaksje krigenop it ûntwerp gebietsprogramma. Wy krigen kompliminten oer sawol de ynhâld as de oanpak fan de earste ferzje. Dêrnei is yn febrewaris 2024 in (aktualisearre) Handreiking NPLG ûntfongen foar it skriuwen fan de neikommende ferzje fan de provinsjale gebietsprogramma's, mei dêryn in tal easken foar foarm en ynhâld.

Sa moat it gebietsprogramma in strategy befetsje om de opjefte foar grienblauwe-trochiering te realisearjen en moatte wy ynsichtlik meitsje hokker ynstruminten en maatregels yn it gebietsprogramma bydrage oan CO2-eq reduksje en om hoefolle reduksje oft it dêrby giet. In oar foarbyld is dat it gebietsprogramma foar elk dielgebiet (FPLG-regio) de makke globale karren en foarnommen maatregels ynsichtlik meitsje moat.

Yn febrewaris 2024 binne wy úteinset mei it skriuwen fan de folgjende ferzje fan it gebietsprogramma. It doel is om dêryn de Fryske doelen foar natuer, wetter, klimaat en leefberens nei regionale doelen oer te setten. Dêrfoar is Fryslân ferdield yn sân regio's, op basis fan boaiemtype. De regio sille wy yn petear oer de mooglikheden en kânsen foar it berikken fan de FPLG-doelen yn dy regio. Nammentlik elke regio hat spesifike gebietskenmerken om op yn te spyljen.

Dêrby stiet op ’e nij de gearwurking mei de Fryske maatskiplike organisaasjes út natuer, lânbou en leefberens wei foarop. Wy nimme dy tiid om de regio mei-inoar soarchfâldige karren te meitsjen. Betingsten dêrby binne hieltyd in takomstbestindige lânbou en sosjaal-ekonomyske leefberens; Fryslân hat dy doelen tafoege en yn de hantrekken NPLG is de sosjaal-ekonomyske ympaktscan as eask opnommen.

Weroriïntaasje 

Lykwols, de nije aksinten yn de begrutting fan It Hoofdlijnenakkoord fan it nije kabinet (op 16 maaie 2024 publisearre) en it fuortfallen fan in part fan it Transysjefûns foar it NPLG, soarget foar in weroriïntaasje foar it Frysk Programma Lanlik Gebiet. It is op it stuit noch net dúdlik oft der wol in twadde ferzje fan it gebietsprogramma - neffens de easken fan de hantrekken NPLG - frege wurdt. Wy hâlde dêrom efkes ho mei twa prosesstappen (de regiosesjes en de plan-mer-proseduere). Wy wachtsje earst de fierdere ûnderhannelingen en it regearakkoart ôf. Dat betsjut net dat wy wilens stil sitte.

Wy wurkje troch oan de realisaasje fan doelen

 Provinsje, Wetterskip en Fryske gemeenten wurkje gear mei ús provinsjale partners troch oan de ûnderlizzende opjeften foar natuer, lânbou, stikstof, wetter en klimaat. De Europeeske en lanlike doelen foar natuer, stikstof, lânbou, wetter, boaiem en klimaat binne nammentlik net feroare. It bliuwt dêrom fan belang om troch te gean mei it meitsjen fan plannen en oan ’e slach te gean mei de útfiering fan maatregels. Dat sjogge wy ek werom yn it Haadlineakkoart: it nije kabinet wol trochgean mei de ynset op de klimaatopjefte, dêr't it Feangreideprogramma en de Fryske beamme- en boskestrategy ûnderdiel fan binne. Ek wurkje wy troch oan de Kaderrichtlijn Water (KRW ), Programma Natuur, it Fryske part fan it NatuurNetwerk Nederland (NNN ), de stikstofdoelen en doelberik Vogel- en Habitatrichtlijn (VHR ), agrarysk natuer- en lânskipsbehear en greidefûgels yn it bysûnder. 

De trije Fryske oerheden sjogge de urginsje om yn it lanlik gebiet de doelen foar natuer, wetter, klimaat en takomstbestindige lânbou yn gearhing op te pakken en dêrmei karren posityf opinoar ynwurkje te litten. Wy wurkje dêrom yntegraal mei-inoar fierder op ynhâld.

Fuortgongsrapportaazje biedt ynsjoch yn it proses 

Dêrneist leverje wy foar 30 septimber 2024 in Fuortgongsrapportaazje FPLG op by it Ryk, dêr’t wy de stappen yn omskriuwe dy’t oant no ta set binne foar in folgjende ferzje fan it gebietsprogramma FPLG. Dat is in prosesmjittich stik, sûnder ynhâldlike karren. Wy omskriuwe dêryn hokker stappen set binne en oan hokker ûnderdielen noch wurke wurdt, om it Ryk dêrmei ynsjoch te jaan yn de fuortgong. Lês hjirfierder oer dit ûnderwerp.

Maatregelpakketten

Yn juny 2023 binne fjouwer oanfragen foar Maatregelpakketten FPLG by it Ryk yntsjinne. It giet om de pakketten 1. Natuer, 2. Water en Bodem, 3. Klimaat-Feangreide en 4. Lânbou / Sosjaal-ekonomysk. Yn dizze pakketten steane ferskate maatregels dy't bydrage oan de realisaasje fan de FPLG-doelen. De oanfragen binne basearre op besteand belied of binne in fuortsetting fan earder útfierde regelingen.

Op basis fan de reaksje fan it Ryk en WEcR (Wageningen Economic Research) binne de Maatregelpakketten ferbettere en oanskerpe. Begjin april 2024 binne de oanfragen foar de fjouwer pakketten op 'e nij by it Ryk yntsjinne. Jo kinne de fjouwer definitive ferzjes fan de Maatregelpakketten hjirûnder ynsjen

€ 180 miljoen beskikber foar maatregels yn Fryslân 

Op 7 juny 2024 krigen wy de earste definitive beoardieling fan de oanfragen. Dêrmei is foar Fryslân in prachtich bedrach fan € 150 miljoen takend. Oanfoljend waard op 9 july bekend dat der nochris in bedrach fan € 30 miljoen takend is foar it wurkjen mei de KPI-systematyk. Dat betsjut dat der foar ús provinsje yn it fjirde fearnsjier 2024 foar de folgjende maatregels jild beskikber komt:

Maatregels € Miljoen
Klimaat – Feangreide € 46,594
 Lânbou – Stikstofreduksje € 40,580
Lânbou – Gebietsrjochte ferhastigje € 18,000
Lânbou – Monitoaring en Evaluaasje € 3,430
 Lânbou – Doelstjoering / KPI € 27,875
Natuer – Kennisûntwikkeling € 3,628
Natuer – Boskestrategy € 15,798
Natuer Greidefûgels € 23,450
Wetter en Boaiem – Gebietsplannen€ 0,450
Totaal€ 179,862

Sa is der sprake fan in substansjele ynset op koarte termyn foar de oanpak fan it lanlik gebiet. Dêr binne wy tige wiis mei! Om dy ryksmiddels sa goed en effektyf mooglik te besteegjen, wurkje wy nau gear mei ús provinsjale partners en de gebieten. It jild komt ein 2024 echt beskikber. Wy hâlde jo op 'e hichte fia ús nijsbrief. 

Wêr wurdt it jild krekt oan bestege?

Yn it pakket Natuer (€ 43 miljoen) giet it om maatregels foar it útfieren fan de Fryske beamme- en boskestrategy, maatregels dy't it yn stân hâlden en ferbetterjen fan greidefûgelgebieten en kennisûntwikkeling stimulearje. It pakket foar Klimaat-Feangreide (€ 46,6 miljoen) is benammen rjochte op yngrepen yn it wettersysteem dy't boaiemdelgong en de útstjit fan broeikasgassen helpe te ferminderjen. It pakket mei maatregels foar de Lânbou (€ 61,6 miljoen) spilet ûnder oare yn op in ferlinging fan de Investeringsregeling Reductie Stikstofemissie, mar befettet ek jild foar stoppersregelingen. It ekstra bedrach fan € 30 miljoen (op 9 july 2024 takend) is ornearre foar it ymplemintearjen en wurkjen mei de KPI-systematyk (Kritische Prestatie Indicatoren, ûnderdiel fan Maatregelpakket Landbouw / Sociaal-economisch) en foar it tarieden fan gebietsplannen (ûnderdiel fan Maatregelpakket Wetter en boaiem). 

Op in soad plakken yn Fryslân wurdt al mei in soad enerzjy wurke oan de doelen foar natuer, wetter, klimaat en lânbou. Mei it jild dat wy fan it Ryk ûntfange foar de Maatregelpakketten, kinne provinsje, Wetterskip en Fryske gemeenten de enerzjy yn de gebieten ek yn konkrete plannen omsette. 

Generyk of gebietsspesifyk

Wichtich is it ferskil tusken generike (algemien jildende) en gebietsspesifike maatregels. In grut part fan it jild sil bestege wurde oan generike maatregels, dy't foar hiel Fryslân in posityf effekt hawwe en bydrage oan de FPLG-doelen. Tink dêrby oan it wurkjen oan de grienblauwe-trochiering, de fûgel- en habitatrjochtline en stikstofreduksje. In part fan it jild is ek gebietsspesifyk, lykas de maatregels foar feangreide en greidefûgels, dy't fansels bestege wurde sille yn respektyflik de feangreidegebieten en greidefûgel(kâns)gebieten

 Yn oerlis mei de provinsjale partners en de gebietskommisjes sille wy derfoar soargje dat it jild foar de Maatregelpakketten sa optimaal en effektyf mooglik bestege wurdt. It is wichtich dat der romte is foar in gebietseigen oanpak en spesifike kânsen foar elk gebiet.

Gebietsrjochte oanpak

Yn Fryslân wurdt de gebietsrjochte oanpak (GGA) sjoen as in kaai wêrmei't de doelstellingen út it Frysk Programma Lanlik Gebiet fierhinne realisearre wurde kinne. De ôfrûne tiid binne der stappen set yn it fierder ûntwikkeljen fan de GGA. Op gebietsnivo komme teory en praktyk byinoar, meitsje je mei-inoar karren en kin kreatyf socht wurde nei gearhing en win-win-situaasjes. De ûnderfining en enerzjy dy't yn Fryslân opboud binne, wolle wy fêsthâlde en as trije Fryske oerheden safolle mooglik stimulearje. 

Lykwols, yn hoefier’t wy trochgeane mei de gebietsrjochte oanpak hinget ôf fan de fierdere útwurking fan it Haadlineakkoart en byhearrende finansiering. Yn it NPLG wurdt de gebietsrjochte oanpak sjoen as de wize foar útfiering, wêrby't der sicht wie op jild foar gebietsprosessen yn it Transysjefûns. Yn 'e plannen fan it nije kabinet lêze wy gelokkich dat de gebietsrjochte oanpak fan belang bliuwt. Boppedat slút dat oan by de útgongspunten fan de Omgevingswet. Dochs is it ôfwachtsjen hoe't it NPLG trochgiet en oft der ek finansiering is foar de gebietsrjochte oanpak, of dat der mear ynstutsen wurde sil op generike maatregels of maatregels op bedriuwsnivo.

Dat betsjut net dat we stil sitte. Us provinsje ken op it stuit al mear as fyftich gebietsprosessen. Gebieten dêr't gearwurke wurdt tusken de oerheden, ynwenners en bedriuwen en dy't yn de measte gefallen in part fan de opjefte fan it FPLG reitsje. Dy gebietsprosessen hawwe in opdracht yn it ramt fan bygelyks de realisaasje fan it NNN of it Feangreideprogramma. Dy prosessen rinne troch, lykas de ôfstimming mei it FPLG. Dêrby hâlde wy rekken mei it ferskil yn ynhâld, tempo en mei de faze wêryn't de ûnderskate gebietsprosessen en -inisjativen sitte. 

Ek binne der fanwege de stikstofkrisis en de ûntwikkeling fan it NPLG en FPLG ferskate inisjativen fan ûnderop ûntstien. It giet om inisjativen fan groepen mei ferskate gearstallings, faak boeren. Hja wolle in bydrage leverje oan de realisaasje fan de doelen fan it NPLG. Meastal giet it om ferkennende aktiviteiten. Om dy inisjativen ek yn ‘e takomst te stypjen, wurde regelingen ynrjochte.

Webinars

Yn Fryslân wurkje wy oan de takomstplannen foar it Frysk Programma Lanlik Gebiet. Dêryn omskriuwe wy hoe't wy yn Fryslân wurkje wolle oan de opjeften oangeande klimaat, natuer & stikstof, wetter & boaiem, wêrby't in takomstbestindige lânbou en leefberens betingsten binne. De ôfrûne tiid wiene der in pear ynformearjende sesjes oer it FPLG.

Wolst de webinars nochris weromsjen? Dat kin fia de links nei de opnamen hjirûnder:

Bliuw op 'e hichte fia de nijsbrief 

lanlik gebiet Wolle jo op 'e hichte bliuwe fan de ûntwikkelings oangeande it Frysk Programma Lanlik Gebiet? Meld jo dan oan foar de nijsbrief. 

Oanmelde foar de nijsbrief

Fragen?

Hawwe jo fragen oer it FPLG of ien fan de ûnderlizzende tema’s? Dan kinne jo maile nei de provinsje Fryslân fia provincie@fryslan.frl. Fierdere ynformaasje fan de Ryksoerheid oer dit ûnderwerp stiet oersichtlik byinoar op: Homepage Levend Landschap | Levend Landschap (onslevendlandschap.nl) 

Nijsberjochten