Fuortgongsrapportaazje Frysk Programma Lanlik Gebiet nei it Ryk ferstjoerd
De Fuortgongsrapportaazje Frysk Programma Lanlik Gebiet (FPLG) is fan ’e wike oanbean oan minister Wiersma fan LVVN (lânbou, fiskerij, fiedselwissichheid en natuer). Dat dogge wy út namme fan de stjoergroep FPLG dêr’t de trije Fryske oerheden yn fertsjintwurdige binne.
Der is de ôfrûne tiid folop wurke oan in folgjende ferzje fan it Fryske gebietsprogramma. De ferplichting om dy foar 1 oktober 2024 oan te bieden by it Ryk is der net mear. Lykwols, mei de Fuortgongsrapportaazje jouwe wy it ministearje ynsjoch yn al it wurk dat yn Fryslân ferset is en de moaie stappen dy’t set binne foar de takomst fan ús lanlik gebiet. It is tagelyk in ôfsluting fan de ôfrûne perioade dêr’t yn ’e mande mei ús partners motivearre yn wurke is oan it Fryske gebietsprogramma. De rapportaazje is opsteld yn oerlis mei Wetterskip Fryslân, Fryske gemeenten en gebietspartners: organisaasjes op it mêd fan lânbou, natuer en leefberens.
Konstruktive gearwurking
We sjogge werom op in konstruktive gearwurking yn dit trajekt en wolle yn Fryslân dy brede gearwurking te’n geunste fan it lanlik gebiet graach trochsette. De doelen foar wetter, natuer en klimaat – dy’t ta grûnslach lizze oan it eardere NPLG - freegje noch om in konkretere útwurking. Wy sjogge dat dêryn in urgint ferlet leit dêr’t stjoering út it Ryk by nedich is. Tagelyk wolle wy as Fryske oerheden, yn ’e mande mei ús gebietspartners, graach mei it Ryk gearwurkje om it Regearprogramma binnen de Fryske kontekst konkreet te meitsjen en takomstperspektyf te bieden foar ús lanlik gebiet.
Der bliuwe folop kânsen
It fuortfallen fan it Nasjonaal Programma Lanlik Gebiet (NPLG) bringt feroaringen mei him mei, mar yn Fryslân bliuwe wy ek folop kânsen sjen om oan de slach te gean mei de útdagingen yn it lanlik gebiet. De stappen dy’t wy oant no ta set hawwe, binne weardefol en wurde fierder fersterke troch de nije ramten dy’t troch it nije kabinet opsteld wurde. Dy ramten biede nije mooglikheden foar finansiering, benammen op it mêd fan agrarysk natuerbehear.
Integraliteit fêsthâlde
As Fryske oerheden pleitsje wy derfoar om yn alle gefallen fêst te hâlden oan wat goed wurket en wêr’t elkenien entûsjast oer is:
- De mienskiplike oanpak fan de Fryske oerheden en gebietspartners
- De yntegrale oanpak op ynhâld dy’t fan belang is en bliuwt by it realisearjen fan de doelen foar natuer, wetter, lânbou en klimaat
- De gebietsrjochte wurkwize dy’t nedich is foar it realisearjen fan de opjeften.
It yntegrale karakter fan ús oanpak, dêr’t stikstof, klimaat, wetter, natuer en lânbou op in gearhingjende manier yn benadere wurde, biedt in soad foardielen. Wy hawwe sjoen dat it ferbinen fan dy tema’s liede kin ta win-winsituaasjes foar sawol de lânbou as de natuer. Deputearre Abel Kooistra: “Mei tank oan de nije kabinetsplannen ferwachtsje wy dat de (yntegrale) gebietsrjochte oanpak fierder fersterke wurdt, benammen troch de erkenning fan de krúsjale rol fan de lânbousektor yn it behear fan ús natuer en libbensgebiet.”
Finansiering no en aanst
Wy binne wiis mei de €180 miljoen dy’t foar de kommende jierren beskikber is foar maatregels op it mêd fan klimaat, feangreide, natuer en lânbou. Dat is in moaie earste stap en dat bedrach sette wy krekt yn lykas fêstlein is yn de maatregelpakketten. Dêr hâlde wy kontakt oer mei ús gebietspartners. Tagelyk is der mear nedich. Wy hawwe noch fikse stappen te setten foar it realisearjen fan de opjeften. Wy ûnderskriuwe dan ek it belang dat der op relatyf koarte termyn in alternatyf plan beskikber komt foar it realisearjen fan de stikstofdoelen, klimaatdoelen, natuerferbettering en de Kader Richtlijn Water (KRW).
Fryslân bliuwt him ynsetten as in betroubere partner foar it Ryk. Wy ferwachtsje dat de nije ramten, keppele oan it nije Regearprogramma, mear perspektyf en strukturele finansiering biede sille foar konkretere plannen foar it lanlik gebiet. Dat is nedich om trochpakke te kinnen op de urginte opjeften. De enerzjy en belutsenheid yn ús gebietsprosessen sille wy duorjend oansprekke, mei it betrouwen dat wy mei-inoar bouwe oan in fruchtbere en duorsume takomst foar Fryslân.