Fryslân freget Ryk om earste reaksje op ûntwerp gebietsprogramma
Tanksij de reaksjes fan tsientallen organisaasjes en gemeenten is it gebietsprogramma foar it lanlik gebiet fan Fryslân fierder oanskerpe. De nijste ferzje, it ûntwerp gebietsprogramma, wurdt no oan it Ryk foarlein om toetst te wurden. It is noch gjin kompleet programma. Nei ferwachting sil it definitive gebietsprogramma der begjin 2024 lizze. Tagelyk mei it ûntwerp gebietsprogramma wurde ek de earste fjouwer maatregelpakketten mei konkrete plannen opstjoerd.
It ûntwerp gebietsprogramma ferskilt yn opset net fan it konsept dat it kolleezje begjin maaie oan de Mienskip foarlein hat. Op in tal tema’s lykas de gebietsrjochte oanpak en de sosjaalekonomyske analyze is yn dizze ferzje mear taljochting opnommen.
Yn 'e begrutting is mear romte makke foar ûnder oare de útfieringskosten fan it programma, dêr 't wy mei útkomme op sa 'n €5.2 miljard. Ek binne der op in soad plakken yn de teksten lytse korreksjes makke of ferdúdlikingen tafoege. Utbredere wizigingen en tafoegingen kinne yn de hjerst ferwurke wurde op basis fan de hjoeddeistige reaksjes, de weromkeppeling fan it Ryk en ien dan te hâlden formele ynspraakronde. Untwikkelings yn it dossier, lykas in lânbouakkoart en ferdúdliking fan de regionale opjeften, kinne dan ek meinommen wurde.
Begrutting en maatregelpakketten
Om de opjeften fan it NPLG yn Fryslân te realisearjen hawwe wy in begrutting makke. Dizze begrutting is ús bêste ynskatting op basis fan de foar ús beskikbere ynformaasje. Wy ferwachtsje dat de kommende jierren dizze begrutting meibewege sil mei nije ynsichten, ûntwikkelings en ôfspraken tusken Ryk en provinsje. In al konkretere útwurking fan de nedige finânsjes is te finen yn fjouwer maatregelpakketten dy 't wy op basis fan it gebietsprogramma makke hawwe. Yn dy maatregelpakketten, mei de tema's ‘natuer’, ‘wetter & boaiem’, ‘sosjaalekonomysk & lânbou’ en ‘klimaat - feangreide’, sit in oanfraach foar hast €328 miljoen foar de jierren 2024 en 2025.
Ut namme fan Fryslân
De ôfrûne moannen hawwe wy yntinsyf de ynbring fan belanghawwenden yn it lanlik gebiet opsocht. Net allinnich fan kollega-bestjoerders fan Wetterskip Fryslân en de 18 Fryske gemeenten. Ek lânbou-organisaasjes, natuerorganisaasjes en fertsjintwurdigers fan bygelyks de rekreaasjesektor hawwe yntinsyf meitocht oer de útdagingen en mooglike oplossingen foar it lanlik gebiet. Troch dizze ynbring kinne wy in better ûntwerp gebietsprogramma oan it Ryk foarlizze as sûnder de tiid en muoite. Wy binne dêrom tige tankber foar alle ynset en reaksjes út Fryslân wei.