Natuerdoelanalyzes foar stikstofgefoelige Natura 2000-gebieten

It is wichtich om goed sicht te hawwen op de steat fan de natuer yn Fryslân. Dêrom makke provinsje Fryslân natuerdoelanalyzes (NDA’s). Dit binne analyzes wêryn't stiet hoe't it mei de natuer yn de Fryske Natura 2000-gebieten giet. Ek oare provinsjes meitsje dizze analyzes foar harren gebieten. 

De natuerdoelanalyzes binne no earst makke foar de stikstofgefoelige natuergebieten. Yn Fryslân binne dit: Rottige Meenthe, It Amelân, Alde Feanen, Flylân, Skylge, Skiermûntseach. Foar Aldegeaster brekken, Fluessen en omkriten, Snitsermargebiet en Grutte Wielen is in ferkoarte natuerdoelanalyze opsteld. Foar de twa gebieten Drents-Friese Wold & Leggelderveld en it Fochtelerfean is provinsje Drinte ferantwurdlik foar de NDA’s. Foar de Waadsee en de Iselmar is Rykswettersteat ferantwurdlik foar de NDA’s.

Een grote grasduin met een bewolkte lucht er achter
Natuur op Vlieland

Yn de NDA’s is foar elk gebiet te lêzen hoe't it mei de natuer giet, hokker knyppunten der binne en wat mooglik oplossingsrjochtingen binne. It befettet gjin maatregels op gebietsnivo. Dy folgje in gebietsrjochte oanpak yn it ramt fan it Frysk Programma Lanlik Gebiet (FPLG). Foar in soad fan de Natura 2000-gebieten yn Fryslân jildt dat ferdrûging, stikstof en ferstjoering foar problemen soargje. De NDA’s jouwe in oanset hokker ûndersiken nedich binne om eventuele kennisleemtes op te foljen.

Advizen Ekologyske Autoriteit

De provinsje Fryslân hat de natuerdoelanalyzes foar de stikstofgefoelige Natura 2000-gebieten op 30 juny 2023 nei de Ekologyske Autoriteit (EA) stjoerd. De EA hat foar alle natuerdoelanalyzes in advys útbrocht. Foar elke Fryske NDA hat de EA befêstige dat ús oardielen oer de steat fan de natuer klopje. Yn elk advys jout de EA oan wêr't sy oanfoljend ûndersyk nedich achtsje, wat neffens harren urginte maatregels binne dy't troffen wurde moatte en wat sy graach yn in folgjende NDA werom sjogge. 

De advizen fan de EA binne te finen op harren webside.

Besjoch de natuerdoelanalyzes

De natuerdoelanalyzes binne hjirûnder te downloaden. Se befetsje ynformaasje oer de steat fan de natuer yn dy spesifike gebieten. De analyzes binne makke op basis fan besteande ynformaasje. lykas fjildbesites, kaarten, ynventariseaasjes en getallen út databanken. Oer guon soarten en leefgebieten is op dit stuit noch net foldwaande bekend. Om dy kennisleemtes te foljen, start de provinsje oanfoljende ûndersiken. Arcadis hat in advys skreaun foar it ynfoljen fan dy kennisleemtes. Dy kinne jo hjir downloade.

De NDA’s wurde bliuwend aktualisearre. Dêrby wurdt hieltyd sjoen hoe't it mei de natuer giet, of troffen maatregels helpe en hokker maatregels der oanfoljend nedich binne. Besteande (âldere) ynformaasje kin dus sjoen wurde as nulmjitting. Sa ûntstiet der in hieltyd folsleiner byld fan hoe't de natuer him ûntwikkelet yn Fryslân. De natuerdoelanalyzes befetsje dus ek net ûnomkearbere konklúzjes. De natuerdoelanalyzes foar it Drents-Friese Wold & Leggelderveld en it Fochtelerfean binne te finen op de webside fan provinsje Drinte

Yn de fragen en antwurden ûnderoan dizze side is mear ynformaasje te finen oer de natuerdoelanalyzes.

Wat stiet der yn in NDA?

Yn in NDA stiet foar in Natura 2000-gebiet dat de steat fan de natuer is. Der stiet yn beskreaun hoe bot oft de natuerdoelen foar dat gebiet helle wurde, oft der knyppunten binne en hokker oft dat dan binne. 

Dêrnei jout de NDA in pear globale oplossingsrjochtingen dêr 't oan tocht wurde kin foar it ferbetterjen fan eventuele drukfaktoaren / knyppunten – bygelyks ferdrûging of ferstjoeren – dy 't nei foaren kommen binne.

De provinsje beäntwurdet yn in NDA de folgjende fragen:

Hoe giet it mei de stikstofgefoelige habitattypen en soarten (stiet fan ynstânhâlding)?

  • Wêr soe it fan komme kinne as it net goed giet (drukfaktoaren)?
  • Hokker maatregels binne útfierd of pland om oan natuerferbettering te wurkjen (al besteande werstelmaatregels)?
  • Oan watfoar type maatregels soene wy tinke kinne om dit te ferbetterjen (suggestjes werstelmaatregels)? 

De NDA’s binne makke oan 'e hân fan 'e Hantakten fan 'e Ekologyske Autoriteit.

Wat stiet der net yn in NDA?

Wat net yn in NDA omskreaun stiet, is in pakket mei konkrete maatregels om de natuer te ferbetterjen. Der stiet op globaal nivo wat bydrage kinne foar maatregels (tink dan bygelyks oan: in heger wetterpeil kin bydrage ), mar net oant yn detail útwurke hokker maatregel wêr plakfine moat. It is de bedoeling dat soksoarte maatregels bepaald wurde yn de gebietsrjochte oanpak mei de streek en belanghawwenden dêr 't de gebietsplannen yn makke wurde (op basis fan it FPLG gebietsprogramma).

Wat is de status fan in NDA?

In NDA is gjin juridysk dokumint, mar befettet de op dat stuit meast resinte ynformaasje oer de steat fan in Natura 2000-gebiet. It is wetlik bepaald dat foar besluten oangeande fergunningferliening de meast resinte ynformaasje brûkt wurde moat. Ek foar it opstellen fan Natura 2000-behearplannen is dit wichtige ynput. Dêrom wol de provinsje derfoar soargje dat dy meast resinte ynformaasje ek sa kompleet mooglik en fan goede kwaliteit is.

Hokker NDA’s binne no oanlevere?

It giet om de Natura 2000 - gebieten mei stikstofgefoelige habitats (leefgebieten). Yn Fryslân binne dat:

  • Rottige Meenthe & Brandemeer
  • It Amelân
  • Alde Feanen
  • Flylân
  • Skylge
  • Skiermûntseach
  • Aldegaasterbrekken, Fluessen en omkriten
  • Snitsermargebiet
  • Grutte Wielen

Foar it Drents-Friese Wold & Leggelderveld en it Fochtelerfean makket provinsje Drinte de natuerdoelanalyzes. Provinsje Fryslân sjocht dêryn mei. En hoe sit it mei de oare Natura 2000 - gebieten? Ek foar de oare Natura 2000 - gebieten sille nei alle gedachten NDA’s makke wurde. Dizze earste rûne NDA’s omfettet de stikstofgefoelige gebieten.

En hoe sit it mei de oare Natura 2000-gebieten?

Ek foar de oare Natura 2000-gebieten sille op termyn NDA’s makke wurde moatte. Dizze earste rûne NDA’s omfettet de stikstofgefoelige gebieten. In twadde ronde NDA’s wurdt ferwachte yn 2030, foar alle Fryske N2000 gebieten.

Hoe giet it mei de natuer yn Fryslân (n.a.v. NDA’s)?

Yn de NDA’s foar de ûnderskate gebieten is te lêzen hoe't it giet mei de natuer per gebiet. De algemiene yndruk is dat de natuer yn Fryslân ûnder druk stiet en de doelstellingen net helle wurde. 

De belangrykste problemen binne de stikstofdeposysje en ferdrûging. De útstjit fan stikstof is yn in soad Natura 2000-gebieten op it fêste lân te heech om de natuer yn de Natura 2000-gebieten te werstellen en te behâlden. Ek ferdrûging en ferstjoering binne wichtige problemen. 

Somtiden liket it mei de habitattypen en leefgebieten foar soarten kwa omfang noch bêst goed te gean, mar giet de kwaliteit fan de natuer wol achterút. Ek is yn in soad habitattypen de soarterykdom leech: der is minder bioferskaat. Dat hat nei alle gedachten te krijen mei ferstjoering troch stikstofdeposysje. Dy ferstjoering, mar ek fermesting wurde mooglik fersterke troch ferdrûging. Wetter kin fersuorje of fermêsting 'bufferje'. Dat betsjut dat de effekten fan ferstjoering en fermesting tsjinhâlden wurde. As der ferdrûging plakfynt, hat it grûnwetter dus minder kapasiteit om dy ferstjoering of fermêsting te bufferjen en binne de effekten op de natuer mear te fernimmen. Yn heidegebieten komt it foar dat de grûn te fiedselryk wurdt troch stikstof. Grassen, beammen en strûken hâlde fan dy fiedselrike grûn en groeie hurd. Wylst de kwetsbere (heide)soarten krekt net fan dy fiedselrike grûn hâlde en dus stadichoan ferkrongen wurde troch de gerzen en de beammen. 

Hoe't it mei de spesifike Natura 2000-gebieten giet, is yn de oanbelangjende NDA’s te lêzen. 

Wat is it proses oangeande it advys fan de Ekologyske Autorityt?

De provinsje hat de NDA’s by de Ekologyske Autoriteit (EA) oanlevere foar in advys. De EA hat foar elk gebiet in advys, basearre op de NDA’s, de efterlizzende ynformaasje en in fjildbesite. Dat is foar in tal NDA’s fan oare provinsjes al bard. De advizen fan de EA binne hjir te finen

Wa moat de Natuerdoelanalyzes meitsje?

It opstellen fan Natuerdoelanalyzes (NDA’s) is in ferplichting út it nasjonale Programma Stikstofreduksje en Natuerferbettering (PSN) wei. De provinsjes binne ferantwurdlik foar it opstellen fan de NDA’s yn harren eigen provinsje. Ek Rykswettersteat en it ministearje fan Definsje stelle de natuerdoelanalyzes op foar de stikstofgefoelige Natura 2000 - gebieten dêr't sy ferantwurdlik foar binne.

Wêr binne de NDA’s op basearre?

De provinsje Fryslân makket de Natuerdoelanalyzes op basis fan gegevens dy 't al bekend binne. It giet om gegevens út fjildbesites, gegevens fan - en petearen mei de terreinbehearders en yn in tal gefallen oanfoljende fjildbesites by it meitsjen fan de NDA’s. Der wurdt gebrûk makke fan de mjittings dy 't dien binne doe 't de Natura 2000 - gebieten oanwiisd waarden. Dy kinne je sjen as nul-mjitting. Ek brûke we kaarten wêrop de fegetaasje yn in bepaald gebiet steane, en binne der profilen fan de soarten en leefgebieten yn de Natura 2000-gebieten. Dêryn stiet bygelyks de kenmerken fan in soarte fan leefgebiet, mar ek de sprieding yn Nederlân en de ynstânhâldingsdoelen. Fierder wurdt gebrûk makke fan ûndersyksgegevens fan ûnder oare ekologyske buro's, terrein-behearende organisaasjes en soarte-organisaasjes. 

Al dizze gegevens mei-inoar sjen litte hoe 't de natuer him de ôfrûne jierren (sûnt de nul-mjitting) ûntwikkele hat. Dêrmei is it mooglik in yndikaasje te jaan oft de natuer foarút of efterút gien is. Wat omfang oanbelanget, mar ek as it giet om kwaliteit.

Hoe wurdt de steat fan de natuer omskreaun yn de NDA’s?

Yn de NDA’s stiet foar elk natuerdoel omskreaun oft it helle wurdt mei de maatregels út it Natura 2000 - behearplan. Ek stiet der yn oft de stikstofútstjit sakket of net. Op basis dêrfan binne 3 eintrochdielen mooglik:

Ja. Dit betsjut dat de stikstofgefoelige natuer net achterút giet en eventuele útwreidingsdoelen helle wurde. 

Ja, mits. Dit betsjut dat der gjin fermindere is fan de stikstofgefoelige natuer, mar dat it net wis is oft de útwreidingsdoelen helle wurde. Oanfoljende maatregels binne needsaaklik yn dit gefal.

Nee, of it moast wêze. Dit betsjut dat it net út te sluten is dat de natuer minder wurdt en dat útwreidingsdoelen net helle wurde. Oanfoljende maatregels binne needsaaklik yn dat gefal.

Wat as der bepaalde gegevens net bekend binne?

Der wie net folle tiid foar it meitsjen fan dizze earste NDA’s. Dêrom wie it no allinnich mooglik om de analyzes te meitsjen op basis fan al besteande gegevens (en yn in pear gefallen fan oanfoljend ûndersyk). Dat betsjut dat der no in sa folslein mooglik byld makke wurdt fan de steat fan de natuer yn de gebieten mei de ynformaasje dy't der al is, mar dat dat yn de kommende jierren noch fierder oanfolle wurde kin mei mear ûndersyk. 

Yn de NDA’s stiet hokker kennis der noch ûntbrekt en wat de perspektiven binne foar it oanfoljen fan dy kennis. De kommende tiid sil de provinsje oan de slach om de kennisleemtes op te foljen. Dêrfoar hawwe wy advys frege hoe't dizze kennisleemtes oan te pakken. It advys is hjir yn te sjen.

Wat betsjut it foar de fergunningferliening?

Yn de fergunningferliening moat rekken hâlden wurde mei de NDA’s. Juridysk hâldbere fergunningen sille by ‘Nee, of it moast wêze’ en ‘Ja, mits’ -NDA-oardielen tige beheind mooglik binne. Dat wie yn de praktyk al sa, mar de NDA’s binne de meast resinte samling fan gegevens.

Hoe geane wy om mei fergunningferliening as it giet oer de gebieten dy't (ek) yn oare provinsjes lizze?

Problemen lykas ferdrûging, ferstjoeren en stikstof hâlde har net oan (provinsje)grinzen. Dêrom moatte wy by fergunningferliening rekken hâlde mei de natuer yn ús buorprovinsjes. Yn de praktyk betsjut it dat we rekken hâlde moatte mei de effekten fan in projekt oant in maksimale ôfstân fan 25 kilometer.

Wat wurdt der no mei de NDA’s dien?

De Ekologyske Autoriteit hat foar elk Natura 2000 - gebiet in advys útbrocht. De EA hat toetst oft de NDA en de beoardielingen dêryn klopje en neifolchber binne. Foar elke Fryske NDA hat de EA de oardielen (ja, mits, nee of it moast wêze) ûnderskreaun. 

Yn de advizen beneamt de EA dat foar alle gebieten in LESA (Landschaps Ecologische Systeemanalyse) needsaaklik is foar in better begryp fan de gebieten. Dêrneist beskriuwt de EA yn har advizen maatregels dy't hurd úteinset wurde moatte en kinne. Dit omfettet urginte maatregels dêr't wis fan is dat se nedich binne om minder goed foar te kommen, en de ekologyske risiko's dêrfan minimaal binne. 

As provinsje binne wy al dwaande mei tariedingen foar it dwaan fan de LESA’s. Wy geane der dan ek mei faasje mei oan de slach.

Kinne wy de foar- of efterútgong fan de natuer goed ferlykje as de natuergebieten sûnt de foarige analyze útwreide of wizige binne?

Foar guon gebieten is foar de winsklike útwreidings destiids in ambysjekaart makke neist de habitattypekaart. Foar guon habitattypen jildt in útwreidingsdoelstelling foar it oerflak en / of de kwaliteit. Meastentiids is dat by habitattypen wêrby't it yn Nederlân yn de ôfrûne desennia min gien is. Dy ambysjekaart joech globaal oan wêr't dy útwreidings fan de oerflaktes binnen de ekologyske opbou fan it gebiet it meast wierskynlik wiene. Mar mear as in globale oantsjutting fan de ambysjes wie it net.

Yn Fryslân is der gjin gebrûk makke fan amysjekaarten en wurdt der allinnich gebrûk makke fan habitattypekaarten, dy’t wy ek wol T0-kaarten neame. Dy T0-kaart jout oan wêr't de habitattypen foarkamen by de oanwizing fan it gebiet of by it fêststellen fan it Natura 2000-behearplan. 

Dy T0-kaart is wichtiger, no ek by de Natuerdoelanalyzes (ôfkoarte NDA ’s) Dy nulle- of útgongssituaasje fan dy T0-kaart wurdt yn de NDA brûkt om te bepalen wat de ûntwikkelings binne yn sa ’n gebiet. Mei help fan resintere gegevens (fegetaasjekarteringen en gegevens fan kenmerkende soarten as ynsekten en fûgels) wurdt bepaald oft de oerflakte feroare is. Ek de hjoeddeistige kwaliteit wurdt bepaald mei de resintere gegevens. De oerflaktes en kwaliteit kinne minder wurden wêze yn de ôfrûne 10 jier. It kin ek wêze dat troch de maatregels, dy't yn it gebiet útfierd binne, dat de oerflaktes of kwaliteit ferbettere binne. 

Dus de T0-kaart mei de oerflaktes fan de doe oanwêzige habitattypen wurdt brûkt as útgongssituaasje en mei resintere gegevens kinne de feroarings bepaald wurde. En dy wizigingen (posityf of negatyf) bepale de eintrochdielen fan de NDA’s. Giet it goed of giet it min mei de oanwiisde habitattypen of fûgelsoarten? Dat wurdt bepaald op basis fan de gegevens, dy't as boarnen oanjûn binne yn de NDA’s. En dêrmei wurdt in oardiel jûn oer de foarút - of achterútgong fan de natuer sûnt de foarige analyze (Natura 2000-behearplan mei de T0 kaart).

As de T 1 kaart (aanst) mear hektare fan in habitat sjen lit as de T0 kaart, dan is dat posityf foar de steat fan ynstânhâlding en draacht it by oan de doelstellingen en dêrmei oan it slot gean fan fergunningferliening.

Giet de provinsje no gau maatregels nimme om de efterútgong tsjin te gean?

Ut de NDA’s is nei foaren kaam dat neier ûndersyk nedich is om de saneamde kennisleemtes oan te pakken. Ek yn de advizen fan de EA binne oanbefellings dien foar neier ûndersyk. Wy hawwe ferline jier saakkundich buro Arcadis frege om in advys plan fan oanpak te meitsjen foar dizze kennisleemtes. 

De ûndersiken wurde de kommende jierren útfierd, mei prioriteit op de útfier fan LESA’s (LandschapsEcologische Systeemanalyses). Nije maatregels binnen N2000-begrinzing wurde meinaam yn de nije behearplannen. Nij foarstelde maatregels bûten V 2000 - begrinzing kinne pas neier duid wurde nei de útfier fan de LESA’s en mei in gebietsrjochte oanpak. 

Yn it advys plan fan oanpak is in oersjoch te finen fan de kennisleemtes, per gebiet en per tema. Dêrneist bringt it plan fan oanpak yn kaart hokker kennis der op it stuit al is en wat noch nedich is foar de ynfolling fan de kennisleemtes. 

De kennisleemtes binne ûnderferdield yn de neikommende tema’s: Monitoring, LESA en Soarterjochte ûndersyk. 

Foarbylden fan ûndersyksfragen binne: 

  • Wat is de draachkrêft fan de V2000-gebieten foar de ielskolver, sulverriger, kûfearjend? (Alde Feanen) 
  • Wat binne de oanwêzige grûnwetterstannen op It Amelân en hokker feroaringen hawwe oer tiid plakfûn? 
  • Wat binne mooglikheden foar it werstel fan binnenlânske kraaiheibegroeiingen yn Skar?

Wannear wurde de nije NDA’s ferwachte? Ferskile dy fan de hjoeddeistige NDA’s?

No't de advizen fan de EA binnen sjogge wy de earste syklus NDA’s as ôfrûne. It Ministearje fan LVVN set foar it ferfolch yn op nije NDA’s yn 2030, mei tuskentiids in twajierlikse check of updates nedich binne (in ‘APK’). Foar in twadde ronde sille nei alle gedachten foar álle Natura 2000-gebieten NDA’s opsteld wurde, en foar alle habitattypen en soarten (dus net allinnich stikstofgefoelige). Hjirfoar wurdt de lanlike wurkwize ferbettere en útwreide. Dit is yn line mei it lanlike Regeerprogramma.