Fryslân kin oan ’e slach mei €150 miljoen yn it lanlik gebiet
Fryslân kriget €150 miljoen foar de oanpak fan it lanlik gebiet. Dêrmei kinne wy noch fan ‘t jier oan ’e slach mei maatregels foar lânbou, wetter, klimaat, feangreide, natuer en stikstof. It Ryk hat lanlik €1,54 miljard beskikber steld foar it lanlik gebiet. Fryslân kriget in part hjirfan op grûn fan de oanfrege maatregelpakketten. Minister Van der Wal sprekt yn har brief oan Fryslân wurdearring út ‘foar de enoarme ynspannings dy’t yn dat ramt dien binne’.
It Ryk hat bekend makke dat Fryslân definityf oanspraak makket op €150 miljoen foar de oanpak fan it lanlik gebiet, sadat wy dêrmei konkreet oan de slach kinne mei projekten yn de ferskate gebieten. It jild is ornearre foar projekten en maatregels dy’t bydrage oan de doelen op it mêd fan it ferminderjen fan it útstjitten fan stikstof, it opknappen fan natuer en klimaatmaatregels. In jier lyn tsjinnen alle provinsjes dêr in plan foar yn. Yn Fryslân is dat it Frysk Programma Lanlik Gebiet (FPLG). De maatregelpakketten hearre by dat programma en binne ôfrûne jier – njonken it toetsteam út ûnderskate ministearjes wei – troch ferskate ynstituten, lykas Wageningen Economic Research en de Ecologische Autoriteit, beoardiele. Dêrnjonken is der foar Fryslân noch sicht op €30 miljoen ekstra; dat ekstra bedrach moat lykwols noch troch de Earste en Twadde Keamer goedkard wurde.
Konkrete plannen
De takende € 150 miljoen is yn te setten foar in breed skala oan maatregels. It jild foar maatregels op it mêd fan Lânbou-Sosjaalekonomysk (€61,6 miljoen) wurdt ynset foar ferlinging fan de Noardlike Ynvestearringsregeling Reduksje Stikstofemisjes, sawol foar maklik te berikken saken (management-oanpassings) as yn guon gebieten de dreger te berikken saken (technyske ynnovaasjes) op it boerehiem. Tink dêrby ek oan monitoaring en evaluaasje by generyk en gebietsrjochte fersnellen.
Jild foar Natuer, Klimaat-Feangreide, Wetter en Lânbou
It jild foar maatregels Klimaat-Feangreide (€45,7 miljoen) is beskikber foar yngrepen yn it wettersysteem dy’t boaiemdelgong en it útstjitten fan broeikasgassen helpe te ferminderjen. Tink oan it wieter meitsjen fan feangrûn, it ynrjochtsjen fan in robúst en klimaatbestindich wettersysteem en optimalisaasje fan greidefûgelbiotoop. Dêrneist is der jild foar proses- en organisaasjekosten fan gebietsprosessen en foar de funksjeferoaring fan lânbou nei natuer.
Foar it Maatregelpakket Natuer komt in bedrach fan €43 miljoen beskikber foar de útfiering fan de boskestrategy, foar kennisûntwikkeling en foar maatregels dy’t it yn stân hâlden en ferbetterjen fan greidefûgelgebieten stimulearje.
Wannear en foar wa is it jild beskikber?
De provinsje sil it jild no formeel oanfreegje. De ferwachting is dat dit uterlik yn it fjirde fearnsjier fan 2024 beskikber is, sadat yn gearwurking mei de mienskip en mei mei-oerheden konkrete plannen taret wurde kinne.