Beslutelist Deputearre Steaten 18 maart 2025
1. Subsydzjeregeling Ondersteuning Europese projectontwikkeling Fryslân
Per 1 april kinne ûndernimmers wer subsydzje oanfreegje foar stipe by Europeeske projektoanfragen. Ek foar netwurkûntwikkeling en lidmaatskip (maksimaal 2 jier) fan Europeeske netwurken kin subsydzje frege wurde. Oanfregers kinne harren mei harren projekt(idee) melde by Europapact Fryslân, fia de webside www.europapact.frl. Mei de regeling stimulearret en helpt de provinsje mei de ûntwikkeling fan mear en bettere Fryske projekten dêr’t in berop mei dien wurde kin op Europeeske middels om de brede wolfeart yn Fryslân te fersterkjen.