Beslutelist Deputearre Steaten 22 april 2025

1. Ferlinging FSFE oant en mei 2034 

Enerzjyprojekten, bedriuwen en agrariërs yn Fryslân krije fiif jier langer de mooglikheid om in liening of partisipaasje te ûntfangen út it Fûns Skjinne Fryske Enerzjy (FSFE) foar duorsume enerzjyprojekten. It kolleezje fan Deputearre Steaten stelt foar de rintiid fan it fûns te ferlingjen oant en mei 2034. Provinsjale Steaten beslute hjir yn juny 2025 oer.