Beslutelist Deputearre Steaten 25 maart 2025

1. Brief oan steatssekretaris Rummenie oer hannelingsperspektyf wolf

It kolleezje fan Deputearre Steaten fan Fryslân hat besletten om in brief te stjoeren oan steatssekretaris Rummenie oer de wolf. Yn 'e brief freget it kolleezje de steatssekretaris om mear hannelingsperspektyf foar it behear op 'e wolf. De brief wurdt mei de fiif gemeenten stjoerd dy't yn it wolvegebiet lizze, te witten: Eaststellingwerf, Weststellingwerf, Opsterlân, Smellingerlân en Hearrenfean. De provinsje Fryslân en de fiif gemeenten binne fan betinken dat binnen de hjoeddeistige wet- en regeljouwing der net genôch mooglikheden binne om it gedrach fan de wolf te stjoeren.

2. Iepenstelling subsydzjeregeling Frysk foar no en letter 2025

Alle skoallen yn Fryslân kinne fan 31 maart oant en mei 13 juny subsydzje oanfreegje foar it fuortsterkjen fan de posysje fan de Fryske taal en kultuer yn it ûnderwiis. Der is €600.000,- beskikber. De subsydzjeregeling is ûnderdiel fan it projekt Taalplan Frysk 2030, wêryn’t wurke wurdt oan in sterke posysje fan it Frysk yn alle ûnderwiissektoaren. Njonken subsydzje foar oanfoljend lesmateriaal kinne skoallen mei dy regeling subsydzje oanfreegje foar kultueredukaasje, (nei)skoalling en ekstra ynset fan personiel (relatearre oan it leargebiet Fryske taal en kultuer).