Beslutelist Deputearre Steaten 4 maart 2025
1. Agraryske kollektiven krije ekstra subsydzje foar beskerming greidefûgels
It kolleezje fan Deputearre Steaten fan Fryslân hat besletten om in subsydzje te jaan oan de sân agraryske kollektiven yn Fryslân. De kollektiven krije in subsydzje fan mei-inoar €46.311,- foar it útfieren fan predaasjebehear foar it beskermjen fan greidefûgels. Greidefûgels lykas de skries, ljip en tsjirk wurde bedrige troch ferskate predatoaren lykas bygelyks de foks, stienmurd en brune rôt. Om de fûgels, harren nêsten en piken better te beskermjen is predaasjebehear wichtich. De kollektiven hawwe sels besjoen hokker middels oft se dêrfoar nedich hawwe. It giet bygelyks om wyldkamera's, ferskate typen falle, plestik lokkraaie en rasters. Dêr hat de provinsje Fryslân no ekstra subsydzje foar beskikber steld.