Beslutelist Deputearre Steaten 8 april 2025
1. Fêststelling ynrjochtingsplan foar polder De Dulf-Janssenstichting
It kolleezje fan Deputearre Steaten fan Fryslân hat it definitive ynrjochtingsplan en de byhearrende gearwurkingsoerienkomst foar de polder Dulf Janssenstichting fêststeld. Polder De Dulf-Janssenstichting is ûnderdiel fan it Natuurnetwerk Nederland (NNN) en Natura 2000-gebiet Van Oordt’s Mersken. De ynrjochting fan polder hat as doel natuer te werstellen en te ûntwikkeljen. Sa wurdt it Natura 2000-gebiet geskikter foar greidefûgels. Sa wurdt der wurke oan it ferbetterjen fan in regionale wetterkearing, it ferfangen fan in gemaal en it opwurdearjen fan in fytspaad.
2. Sjenswize PAWOZ
De provinsje Fryslân tsjinnet, mei alle partijen yn de regio, in sjenswize yn foar de ûntwerpstikken fan it Programma Aansluiting Wind op Zee (PAWOZ) – Eemshaven. Fanút in yntegrale ôfwaging fynt de regio it fan belang dat it Ryk kiest foar in takomstbestindige rûte, de tunnelrûte. Wy fine it wichtich dat de oanlis fan grutte wynmûneparken op de Noardsee ek struktureel ta goede komt oan de duorsume enerzjytransysje foar de regio.
3. Prognoaze befolking en húshâldingen 2022 -2050
DS hat kennisnaam fan de Fryske befolking- en húshâldesprognoazes 2020-2050. Dy prognoaze leit heger as de foarige ferzje as gefolch fan hegere migraasjeferwachtingen. Dêrneist hat DS besletten de útkomsten fan dizze prognoaze te brûken as basis foar it ûntwikkeljen fan nij belied en beliedsútfieringstrajekten, wêrby’t de provinsje belutsen is, op tema’s lykas wenjen en leefberens.
4. Iepenstelling ‘Duurzame investeringen voor landschap, biodiversiteit en water’
De regeling ‘Duorsume ynvestearrings foar lânskip, bioferskaat en wetter’ is rjochte op it werstel en de ynrjochting fan it lanlik gebiet, mei spesifike oandacht foar lânskip, bioferskaat en wetterdoelen. It biedet subsydzjes foar net-produktive ynvestearrings yn it lanlik gebiet mei de fokus op grûn bûten it agraryske areaal. Yn totaal is der in budzjet fan 9,4 miljoen beskikber. De iepenstelling is om projekten te stypjen dy't bydrage oan de ferbettering fan wetterkwaliteit en - kwantiteit, natuerherstel, en it ferduorsumjen fan it plattelân yn line mei nasjonale en provinsjale klimaat - en biodiversiteitsdoelen. Subsydzjeoanfragen kinne fia it fertroude platfoarm fan SNN yntsjinne wurde troch wetterskip, natuer en lânskipsorganisaasje mar ek doarpsferienings.