Beslutelist Deputearre Steaten 9 july 2024

1. Bestjoersrapportaazje 2024

Yn de bestjoersrapportaazje wurdt de fuortgong op de begrutting 2024 werjûn. Wy leverje in soad ynspanningen om de winske resultaten, lykas opnommen yn de begrutting 2024, te realisearjen. Wy lizze foar it grutste part op koers. In punt fan omtinken bliuwt it foarsizzend fermogen. Dêrby is net allinnich fan belang dat de budzjetten yn it krekte bestegingsritme yn de begrutting komme te stean, mar noch mear dat dúdlik wurdt wat wy dit jier feitlik realisearje kinne kwa útfiering fan de begrutting. By net op 'e tiid realisearjen wurde budzjetten trochskood. It trochskowen fan de budzjetten hat as gefolch dat guon resultaten letter yn de tiid realisearre wurde en dat is werom te sjen yn de bestjoersrapportaazje (oranje skoare op yndikator ‘Geld’).

2. Subsydzjeregeling provinsjale plus isolaasje 

Mei de 'Subsydzjeregeling Provinsjale Plus lokale oanpak isolaasje' kinne eigener-bewenners subsydzje oanfreegje foar it isolearjen fan wenningen fan minima. De regeling is keppele oan de gemeentlike subsydzjeregelingen yn it ramt fan it Nationaal Isolatieprogramma (NIP). Om it de ynwenner sa maklik mooglik te meitsjen, kinne beide subsydzjes yn ien kear oanfrege wurde by Duurzaam Bouwloket. Deputearre Steaten hawwe foar dy subsydzjeregeling €4.500.000,- beskikber steld foar de perioade fan 17 juny 2024 oant en mei 31 augustus 2026.

3. Pachtbelied 2025

Wy jouwe de ferduorsuming fan de lânbou in ekstra ympuls yn ús fernijd pachtbelied. De Provinsje Fryslân is, yn it ramt fan syn opjeften, tydlik eigener fan lânbougrûnen. De bliuwende agraryske grûnen (sa’n 1.000 bunder ferspraat oer Fryslân), dy't op termyn ynset wurde as 
ruil- of kompensaasjegrûn, wurde tydlik yn behear jûn by agrariërs. Dêrfoar wurdt gebrûk makke fan koartrinnende jierlikse pachtkontrakten. It kolleezje hat in oanpassing dien oan it pachtbelied wêrtroch de bliuwende agraryske pachtgrûnen foar in bredere doelgroep beskikber binne. De provinsje bliuwt duorsum brûken fan syn pachtgrûnen, krekt as yn it figearjende belied, stimulearjen. Ien en oar is fêstlein yn it pachtbelied 2025, dat it kolleezje yn septimber oan Provinsjale Steaten foarlizze wol.

4. Ynrjochtingsplan Dulf Janssenstichting

It kolleezje fan Deputearre Steaten fan Fryslân hat ynstimd mei it konseptynrjochtingsplan foar de polder Dulf Janssenstichting. Dit is ûnderdiel fan it Natura 2000-gebiet fan Van Oordt’s Mersken. Mei it ynrjochtingsplan wurdt de polder optimaal ynrjochte foar natuer en greidefûgels en geskikt makke foar needwaterberging yn de winter. Fierder wurdt in regionale wetterkearing  ferbettere, wurdt der in gemaal ferfongen en in fytspaad opwurdearre.

5. Evaluaasje partisipaasjeplatfoarm Stim fan Fryslân 

Oan it wurkjen mei digitaal partisipaasjeplatfoarm Stim fan Fryslân is in proses fan ‘learend evaluearjen’ keppele. Overall byld út de evaluaasje is dat Stim fan Fryslân in weardefolle oanfolling foarmet op oare partisipaasjefoarmen dy't de provinsje ynset.  De mearwearde sit foaral yn de leechdrompelichheid en de transparânsje fan it    platfoarm. Ynwenners kinne yn sels keazen tiid belutsen wêze by provinsjale plannen en aktiviteiten. Meidwaan kin op elk winske momint, fia de telefoan, tablet of kompjûter. Alle ynbring fan ynwenners ferskynt sûnder tuskenkomst fan de provinsje op it platfoarm en is foar elkenien nei te lêzen.

6. Evaluaasje partisipaasjeplatfoarm Stim fan Fryslân 