Bestriden fan glêdens
De provinsje Fryslân is eigener en behearder fan mear as 500 km oan diken, hast 200 km oan fytspaden en nochris 120 km oan paralleldiken. Ek ûnder winterske omstannichheden moatte dy fansels feilich begeanber wêze. Yn de perioade fan 15 oktober oant 15 maaie stiet de provinsje dêrom paraat foar de bestriding fan glêdens!
Wês wach by glêdens
Yn guon gefallen is it, nettsjinsteande dat der struid of snie skood is, net foar te kommen dat de diken en fytspaden (op ‘en nij) glêd binne. Bygelyks by opfriezend teiwetter, izel of as it snijt. Yn dy gefallen bestride wy de glêdens oant de diken en fytspaden goed en feilich begeanber binne.
Folgje ús!
Sadree't de provinsje yn aksje komt om de glêdens te bestriden, wurdt dêr fia ús Twitteraccount melding fan makke. Ek by oare ekstreme waarsomstannichheden wurdt fia dit kanaal kommunisearre. Folgje ús dus, fia: @provfryslan
Previntyf struie
- Faak struie wy al foardat it echt glêd wurdt. Wy dogge dan in saneamde previntive struirûnte. By ekstreme waarsomstannichheden is dat net te garandearjen, dan kinne diken en fytspaden dus glêd wêze.
- Foar it bestriden fan glêdens makket de provinsje Fryslân gebrûk fan in mingsel fan sâlt en in floeistof (Natrium Chloride). Dy sâltoplossing hechtet better oan it weidek en is dus effektiver. Dêrtroch is der ek minder sâlt nedich.
- Foar in goede wurking fan it struimiddel is genôch ferkear ek in wichtige betingst. Troch genôch ferkearsbewegings wurdt de sâltoplossing oer it weidek ferdield en kin it optimaal syn wurk dwaan.
Us struiers folgje?
- De struiers hawwe in GPS-systeem. Dêrtroch is it mooglik om in strui-aksje ‘live’ te folgjen.
- Tink derom: dit systeem is kontinu yn ûntwikkeling, om it te optimalisearjen. Mooglik kinne ek steurings fan ‘e GPS derfoar soargje dat de kaart net in aktueel byld jout. Oan dizze kaart kinne dan ek gjin rjochten ûntliend wurde.
Besjoch hjir de kaart mei aktuele ynformaasje wêr 't struid wurdt.
Struie mei feitsjes
- Ut 5 provinsjale lokaasjes wei wurdt it bestriden fan de glêdens útfierd.
- De provinsje Fryslân hat in opslachkapasiteit fan 3200 ton struisâlt.
- By in strui-aksje wurdt der op 5 miljoen kante meter oan dyk en fytspaad struid.
- Der binne 19 struiers foar de diken en paralleldiken.
- Der binne 22 (lytsere) struiers foar de fytspaden.
- Der binne 64 snieskowers.
- Mei-inoar binne der 5 Fryske ûndernimmers dy’t it bestriden fan glêdens feitlik útfiere.
- Dat bart allegear yn nau oparbeidzjen mei Rykswettersteat, ferskate gemeenten en de fleanbasis Ljouwert.
- De provinsje beskikt oer in meldsysteem foar glêdens, sadat ynformaasje oer it bestriden dêrfan digitaal rieplachte wurde kin.
- ‘Last but no least’: efter in strui-auto ride is feiliger as derfoar. Helje dêrom strui-auto’s net yn!