Bioferskaat
Bioferskaat is de fariaasje oan planten en bisten yn it wyld. Hoe mear ferskillende soarten planten en bisten, hoe mear fan elke soart der binne, hoe mear bioferskaat der is. Wy neame it ek wol de soarterykdom.
Bioferskaat is o sa wichtich. Foar de soarten sels, mar ek foar ús. Planten en bisten soargje foar de skjinne en sûne lucht dy’t wy ynazemje, fisken en wetterplanten soargje foar helder wetter en ynsekten soargje foar bestowing fan planten sadat wy foldwaande iten hawwe. Dêrom is it wichtich om it bioferskaat te beskermjen en te fersterkjen.
Bioferskaat yn Fryslân
Yn Fryslân is al in soad bysûndere natuer te finen. Bygelyks de Natura 2000-gebieten, mei Europeeske topnatuer! Dêrom wurkje wy oan projekten om dy natuer te beskermjen en te fersterkjen. Ek rjochtsje wy nije natuer yn, as ûnderdiel fan Natuernetwurk Nederlân. Dit is in netwurk fan wichtige natuergebieten yn Nederlân dy’t wy safolle as mooglik mei inoar besykje te ferbinen.
Beamme- en boskestrategy
Deputearre Steaten stelden yn septimber 2022 de Fryske beamme- en boskestrategy fêst. Haaddoel hjirfan is it fêstlizzen fan mear CO2 om de effekten fan klimaatferoaring te ferminderjen. Tagelyk befoarderje ekstra beammen, beamwâlen en bosken it bioferskaat.
Yn de strategy stiet hokker omstannichheden it geskiktst binne foar nije oanplant. Utgongspunt is dat sa folle as mooglik oansluten wurdt op besteande biotopen en lânskippen. Der binne gjin gebieten oanwezen, dat bart letter yn oerlis mei lokale partyen.
Herstelprogramma Biodiversiteit Fryslân
Mei it Herstelprogramma Biodiversiteit Fryslân sette ferskate partners yn op it fersterkjen fan bioferskaat yn de provinsje. Om sa mei-inoar de delgeande line fan soarterykdom om te bûgjen nei in opgeande line.
Bioferskaat is in graadmeter foar de kwaliteit fan ús leefomjouwing. De oarsaken fan it ôfnimmen fan bioferskaat binne ferskaat. De oanpak foar herstel fan bioferskaat moat dat dêrmei ek wêze. It Werstelprogramma Biodiversiteit Fryslân rjochtet him op ferbinen, fersterkjen en ferbetterjen om in wichtige bydrage te leverjen oan dizze oanpak. Net sa bot troch sels de skeppe yn 'e grûn te setten (oars as om kennis op te dwaan en diele te kinnen). Wol troch derfoar te soargjen dat bioferskaat heech op de aginda komt by alle organisaasjes en op alle beliedsterreinen dy't in bydrage leverje kinne oan herstel. Dêrneist giet it oer it fergrutsjen fan de kennis en belutsenens en ferbinen fia it programma fan wat der (al) dien wurdt foar it bioferskaat yn Fryslân. It herstelprogramma wol yn Fryslân in plus realisearje op de besteande oanpakken, wurkwizen en inisjativen. Yn it programma wurkje û.o. Fryske oerheden, lânskip-, lânbou- en natuerorganisaasjes en kennis- en ûndersyksorganisaasjes gear oan it herstel fan it bioferskaat.
Begjin 2021 presintearren de partijen yn in webinar in aginda foar it herstel fan bioferskaat yn ús provinsje. It webinar is hjir werom te sjen.
Dokumint
Biodiversiteit.frl
Biodiversiteit.frl is in groeiend platfoarm dat kennis oer biodiversiteitsherstel, projekten, organisaasjes, nijs en aktiviteiten yn de provinsje mei-inoar op ien sintraal plak gearbringt. Der binne praktyske hânfetten, tips en ynspiraasje foar boargers, boeren, bedriuwen, oerheden, griene organisaasjes en skoallen te finen. Mei as haadfraach: 'Wat kin ik dwaan?’.
It platfoarm is yndield yn ferskate gebieten. Bygelyks it Waad, de Noardlike Wâlden en it Klaai. Der is ynformaasje oer ferskate tema’s – tink oan ‘Wat kinst dwaan yn dyn tún?’ of ‘Natuerynklusive bedriuweterreinen’ – en oer ferskillende soarten en soartgroepen yn Fryslân. Ek is it platfoarm de yngong fan it Biodiversiteitsloket.