Boargemastersoangelegenheden

(wer)beneamingsproseduere

De KfdK hâldt tafersjoch op in oarderlike proseduere oangeande beneaming en werbeneaming fan in boargemaster. Mar de KfdK hat op oare mominten in rol dy’t wat fierder giet en liedend is.

De boargemastersbeneamingsproseduere stiet mei alle bysûnderheden yn de Sirkulêre beneaming, werbeneaming en klankboerdpetearen boargemaster (oktober 2017) beskreaun. Yn desimber 2020 waard troch it ministearje fan Ynlânske Saken en Keninkryksrelaasjes (BZK) ek in nije 'Handreiking benoemingsproces burgemeester' útjûn.

Wichtige mominten yn de beneamingsproseduere

Profylsketsgearkomste

De gemeenterie oerleit mei de KfdK yn in iepenbiere riedsgearkomste oer de easken dêr’t in nij te beneamen boargemaster oan foldwaan moat. Dy easken komme yn in saneamde profylskets, dy’t de ried fêststelt.

Betrouwenskommisje

De gemeenterie stalt út har midden in Betrouwenskommisje gear. Dêryn sitte meastal de fraksjefoarsitters. De kommisje bringt advys út oan de rie oer de te beneamen boargemaster. It is ferstannich om ek de sekretaris en de griffier by de proseduere te beheljen. De ynstelling fan de Betrouwenskommisje is meastal yn of koart foar de de gearkomste oer de profylskets. De rie stelt in feroardering foar de wurkwize fan de Betrouwenskommisje fêst. It wurk fan de kommisje wurdt ûnder absolút geheimhâlden dien.

Iepenstelling fan de fakatuere

Inkelde dagen nei de profylsketsgearkomste is de iepenstelling fan de boargemastersfaka-tuere yn de Staatscourant en op de webside fan it ministearje fan BZK. It sollisitaasjebrief meie kandidaten dan oan Syn Majesteit de Kening rjochtsje, mar stjoere nei de KfdK. De iepenstellingstermyn duorret trije oant fjouwer wike.

Seleksje fan kandidaten

As de sollisitaasjetermyn sletten is, beoardielet de KfdK hokke sollisitanten geskikt wêze kinne foar de oanbelangjende boargemastersfakatuere. Hy wint ynljochtings oer de kandidaten yn en hat petearen mei harren. Hy selektearret in tal kandidaten en leit dy oan de Betrouwenskommisje foar. De kommisje kin de brieven en de cv’s fan alle sollisitanten ynsjen. De KfdK en de Betrouwenskommisje meitsje mei-inoar de definitive seleksje fan kandidaten. De Betrouwenskommisje giet mei harren in petear. Nei de petearen kin it wêze dat der noch in assessment folget.

Oanbefelling fan de gemeenterie

De Betrouwenskommisje bringt ferslach oer har wurk oan de KfdK út. Ek komt se mei in fertroulik advys oan de gemeenterie.
De gemeenterie beslút, efter sletten doarren, yn in oanbefelling hokke kandidaten as earste en twadde op de foardracht komme. De rie makket de namme fan de earstneamde kandidaat iepenbier.

Beneamingsbeslút

De gemeenteried stjoert de oanbefelling nei de minister fan BZK. De KfdK docht yn in rapportaazje ferslach oan de minister. Dêrnei riedt de minister it Keninklik Beslút ta. Syn Majesteit de Kening ûndertekenet it beslút, krekt as de minister, dy’t der ferantwurdlik foar is. By gemeenten mei mear as 50.000 ynwenners leit de minister it konsept-Keninklik Beslút earst oan it Kabinet foar. De beneaming fan in kroanbeneamde boargemaster jildt foar seis jier.

Ynstallaasje en beëdiging

Nei publikaasje fan it Keninklik Beslút beëdiget de KfdK de nije boargemaster en folget de ynstallaasje yn in iepenbiere riedsgearkomste. De boargemaster leit yn it bywêzen fan de ried de eed (ferklearring en belofte) ôf op grûn fan kêst 65 fan de Gemeentewet. By de ynstallaasje kriget de boargemaster it amtskeatling omhongen en de foarsittershammer oerlange.

In beneamingsproseduere nimt al gau 8 moanne yn beslach.

Tafersjoch op it funksjonearjen fan de boargemaster

It is de gemeenterie dy’t yn earste ynstânsje ferantwurdlik is foar it hâlden fan tafersjoch op it funksjonearjen fan de boargemaster. De rie fiert funksjonearringspetearen mei de boargemaster en kin ek by oare minsken ynljochtings ynwinne, lykas by de sekretaris, wethâlders of tredden fan bûten de rie. De rie makket fan dy petearen in ferslach. De KfdK fiert saneamde klankboerdpetearen mei de boargemaster. Dy binne nei it earste, tredde en fiifde jier nei de beneaming. Hy freget de boargemaster om dêr in rapportaazje foar oan te leverjen.

Yn it klankboerdpetear stiet de KfdK mei de boargemaster stil by syn of har funksjonearjen, it bestjoerlik riden en farren fan de gemeente, de ferhâldings yn it kolleezje fan B&W en de rie. Ek kinne bysûndere foarfallen en problemen oan de oarder komme en de persoanlike situaasje fan de boargemaster. De Kabinetsjef hat petearen mei de oanbelangjende boargemaster yn it twadde en fjirde jier.

In wichtich ûnderdiel fan dy petearen is yntegriteit. Op basis fan de Gemeentewet befoarde-ret de boargemaster de bestjoerlike yntegriteit fan de gemeente.

Werbeneamingsproseduere boargemaster

Yn it fiifde jier nei de beneaming hat de KfdK in klankboerdpetear mei de boargemaster. Dêr komt ek de fraach yn oan de oarder oft de boargemaster foar werbeneaming yn ‘e beneaming komme wol. De amtstermyn rint foar de boargemaster nei 6 jier ôf. As de boargemaster dat wol, set de KfdK mei de werbeneamingsproseduere útein.

Dy proseduere hat oerienkomsten mei de beneamingsproseduere (sjoch hjirboppe). De KfdK nûget de gemeenterie út om in Betrouwenskommisje yn te stellen. Dy kommisje fiert petearen mei de boargemaster, mar behellet ek riedsleden, wethâlders, de gemeentesekretaris en de riedsgriffier derby.
De Betrouwenskommisje advisearret dêrnei de rie. De rie stelt úteinlik de oanbefelling ta werbeneaming fêst. Dêrnei giet de proseduere fierder lykas by de earste beneaming.

Beneaming fan in waarnimmend boargemaster

Op grûn fan kêst 78 fan de Gemeentewet kin de KfdK yn guon gefallen in waarnimmer beneame.

Bygelyks as der ynienen in boargemastersfakatuere ûntstiet. As der nei ferwachting langer as twa moanne gjin boargemaster is, beneamt de KfdK in waarnimmend boargemaster. In waarnimming duorret oant it stuit dat der wer in nije, troch Kroan beneamde, boargemaster is. Útgongspunt is dat elke gemeente in troch de Kroan beneamde boargemaster fertsjinnet.

KfdK Brok is fan oardiel dat langere waarnimmings yn begjinsel minder winske binne, of it moat wêze dat der in bysûndere reden is. Dat kin wêze as der ûnwissens oer de bestjoerlike takomst fan de gemeente is of as se dêr neitinke oer gemeentlike weryndieling of as besletten is ta gemeentlike weryndieling. Yn dy gefallen kin de waarnimming inkelde jierren duorje. It seit himsels dat de KfdK dat dan mei de gemeenterie en mei de minister fan Ynlânske Saken en Keninkrykrelaasjes oerleit.

By de beneaming fan in waarnimmend boargemaster hat de gemeenterie formeel gjin rjocht fan oanbefelling. Dochs freget de KfdK yn Fryslân foarôf in beheinde profylskets of in koart en bûnich winskelistje oan de gemeenteried. Op basis dêrfan selektearret de KfdK in kapabele kandidaat dy’t yn de profylskets past. De KfdK lit in riedsdelegaasje mei dy kandidaat yn ‘e kunde komme. Neidat dúdlik is dat de rie de miening fan de KfdK dielt, beëdiget de KfdK daliks de waarnimmend boargemaster.

De KfdK jout in ‘nij’ keazen gemeenteried primaat by de seleksje fan in nije boargemaster en net de âlde gemeenterie. Dêrom sette yn Fryslân fan 1 july foarôfgeand oan it jier fan de gemeenteriedsferkiezings gjin prosedueres foar Kroanbeneamde boargemasters útein en komt yn dy gemeenten in waarnimmend boargemaster.

Ynteresse yn it boargemastersamt?

As jo ynteresse yn it boargemastersamt hawwe of dêr fragen oer hawwe, dan kinne jo kontakt mei de Kabinetsjef opnimme. Dy is te berikken fia it Kabinet fan de Kommissaris fan de Kening.

Kontaktynformaasje

frou S. Pol, s.pol@fryslan.frl (beliedsstypjende meiwurker Kabinetssaken).

Dokumint

Hawwe jo problemen mei de lêsberens? Dan kinne jo in formulier ynfolje of belje mei it Klantkontaktsintrum. Sy helpe jo graach fierder.