Brêge Dronryp

De brêge oer it Van Harinxmakanaal yn Dronryp is de earste trije wiken fan desimber ticht foar autoferkear. Op dizze side fertelle we wat we wannear dwaan sille en wat dat foar jo betsjut.

Ofrûne simmer hat de provinsje in reguliere ynspeksje útfierd. Dêrút die bliken dat der in skuor yn de brêge siet. Om it funksjonearjen fan de brêge garandearje te kinnen, is reparaasje op dit stuit needsaaklik. Dêrom is de brêge fan moandei 2 desimber 6.00 oere oant en mei freed 20 desimber 18.00 oere ôfsletten foar trochgeand ferkear. De brêge betsjinje wy ûnder it wurk net. Fytsers, scooters en fuotgongers kinne wol gebrûk meitsjen bliuwe fan de brêge. As alles neffens planning ferrint, is de brêge foar de krystfakânsje wer iepen foar far- en dykferkear.

Omleidingsroute in kaart gebracht.

Tydlike oplossing

De herstelwurksumheden dy't wy no útfiere is in tydlike oplossing. Yn it neijier fan 2025 fiere wy de definitive herstelwurksumheden út. Dan pakke we ek it lûd fan it tikjen fan de brêge oan. Om dit dwaan te kinnen, sil de brêge dan ek wer foar in bepaalde perioade ôfsletten wêze foar auto- en farweiferkear. Dat sille wy op dizze side pleatse.

Mear ynformaasje?

Foar alle ynformaasje oer it wurk in brêge Dronryp kinne jo dizze side yn 'e gaten hâlde. Dêr sille wy ek de planning op pleatse foar it definitive werstelwurk fan it neijier 2025. Hawwe jo noch fragen? Dan kinne jo kontakt opnimme mei Hotze Brouwer fia provincie@fryslan.frl of belje mei 058 - 292 59 25 fan moandei o/m freed op kantoaroeren.

De brug in Dronryp die half open staat.