Busremize Skiermûntseach
Nei in lange tiid fan tarieding set de provinsje Fryslân útein mei de bou fan de busremize Skiermûntseach. Dit is in plak dêr 't elektryske bussen lade en stâlen kinne. Op dizze side fine jo alle ynformaasje oer de bou fan dizze busremize.
Planning
Op 26 augustus 2024 start oannimmer Friso út Snits mei de bou fan it gebou. Dit is it gebou dêr't bussjauffeurs by it skoft ferbliuwe kinne. Doel is om de nije busremize by de start fan de nije buskonsesje ein dit jier yn gebrûk te nimmen.
Fryslân bout Sirkulêr
De bou fan de busremize is in foarbyldprojekt fan Fryslân bout Sirkulêr. It bouwen fan de busremize op Schiemonnikoog docht de oannimmer folslein elektrysk. Dit om't de natuer, de dunen fan Skiermûntseach tichtby lizze. Dêrneist binne der ek ûnderdielen fan de busremize dy't duorsum binne, lykas:
- Opfang fan reinwetter foar it spielen fan de húskes en it waskjen fan de bussen;
- Opwek fan sinne-enerzjy wêrby't it gebou enerzjyneutraal wurdt en de elektryske bussen (foar in part) laden wurde kinne;
- Tapassen fan natuerlike materialen (hout) foar de bou en isolaasje fan it kantoargebou en de wurkpleats;
- Terreinferhurding mei brûkte h-klinkers
Mear ynformaasje
Hawwe jo noch fragen? Of wolle jo mear witte? Dan kinne jo kontakt opnimme mei Henk Hoeksma fia provincie@fryslan.frl of belje mei 058 - 292 59 25 fan moandei o/m freed op kantoaroeren.