Busstasjon It Hearrenfean
It iepenbier ferfier is de ferantwurdlikheid fan de provinsje Fryslân. Hjir hearre ek de bus - en treinstasjons by. Om derfoar te soargjen dat reizgers maklik opstappe kinne, is it wichtich dat in busstasjon tagonklik is. It busstasjon op It Hearrenfean is ferâldere. Dêrom wolle wy dy graach oanpakke. Underwilens is bekend dat oannimmer BAM Infra it earste wurk foar ús útfiere sil. Hjirûnder fine jo de lêste ynformaasje oer wat wy dwaan sille en wannear't wy wat dwaan sille.
Fia ûndersteande knop kinne jo jo oanmelde foar de digitale nijsbrief. Lês no de earste nijsbrief.
Wat sille we dwaan?
Wy wolle it busstasjon opnij ynrjochtsje. Dat betsjut dat de opstelling fan de bushaltes feroaret. Der komt in nije oerkaping mei dêrûnder in plak foar it stâlen fan dyn fyts en in noflike wachtromte. Op ferskate plakken lizze we grien oan. Dêrneist meitsje wy it busstasjon smookfrij.
Op ûndersteande ympresje is de nije opstelling fan de bushaltes werjûn. De bushaltes binne yn de nije situaasje neist inoar lein en skowe in stikje op yn súdlike rjochting.
De hjoeddeistige oerkaping brekke wy ôf. Troch Inbo arsjitekten fan It Hearrenfean is in sketsûntwerp makke fan in nije oerkaping. Dizze wurkje wy de kommende tiid fierder út.
Om de rûte nei de fytsestalling feilich en ek sa soepel mooglik ferrinne te litten, lizze we in nij stik fytspaad oan. Fytsers kruse op dizze wize net de busrûte en gean sa direkt nei de fytsestalling. Dit fytspaad fiere wy út yn opdracht fan de gemeente Hearrenfean. It fytspaad is aanst ek eigendom fan de gemeente.
Wat sille wy wannear dwaan?
De oanpak fan it busstasjon sil yn ferskate fazen plakfine. De tariedende wurksumheden starte al op koarte termyn.
Oersjoch planning
July 2024 | Oannimmer bekend + start wurksumheden |
Augustus o/m desimber 2024 | Ynrjochtsje tydlik busstasjon, sloop besteande busstasjon en ynrjochtsje nije busstasjon |
January o/m april 2025 | Realisearje nije oerkaping en ôfrûnjen wurk fytspaad fan de gemeente |
Start tariedende wurksumheden (july 2024)
Yntusken is de oannimmer foar de wurksumheden busstasjon Hearrenfean bekend. Oannimmer BAM Infra set útein mei de earste faze wurksumheden. Sy lizze it fytspaad oan en ferfange in part fan it rioel by it terrein fan Arriva. Under dizze wurksumheden binne der minder parkearplakken beskikber, omdat bussen omride moatte. Tink derom: Allinnich meiwurkers fan Arriva en inkele omwenner kinne dan parkearje op it terrein fan Arriva op fertoan fan in parkearkaart.
Realisearje nije busstasjon (2e helte 2024)
Nei de boufak sil BAM starte mei it wurk oan it busstasjon. Mei yngong fan begin septimber sille de bussen tydlik ophâlde foar it treinstasjon. Op dit plak lizze we dan ek tydlike halten oan. Dêrnei slope wy it besteande busstasjon sadat wy dit gebiet op 'e nij ynrjochtsje kinne. Mei yngong fan de nije buskonsesje mids desimber dit jier sille de bussen fan it nije busstasjon fuortgean.
Realisearjen nije oerkaping en ôfrûnjen fytspaad nei fytsestalling (begjin 2025)
Begjin 2025 sette wy útein mei it oanlizzen fan de nije oerkaping. Dizze oerkaping biedt (bus)reizgers de mooglikheid om te wachtsjen op de fuortgeande bus. Dêrneist is der romte foar it stallen fan de fyts. Yn dizze faze gongen wy ek de wurksumheden oan it fytspaad ôf.
Hinder
By de wurksumheden hâlde wy safolle mooglik rekken mei omwenners, omlizzende bedriuwen en bus- en treinreizgers. Wy besykje safolle mooglik de tagong ta bussen en treinen frij te hâlden en de berikberens fan wenningen en kantoaren sa optimaal mooglik te hâlden. Spitigernôch kinne wy net tefoaren komme dat jo oerlêst fan it wurk ûnderfine sille. We besykje dit fansels safolle mooglik te beheinen.
Fragen?
Hawwe jo noch fragen, dan kinne jo kontakt opnimme mei Henk Hoeksma fia provincie@fryslan.frl of belje mei 058 - 292 59 25 fan moandei o/m freed yn kantoaroeren.