De hear drs. A.A.M. (Arno) Brok

De hear drs. A.A.M. (Arno) Brok is kommissaris fan de Kening yn de provinsje Fryslân. Hy is foarsitter fan Provinsjale Steaten (PS) en foarsitter en lid fan it kolleezje fan Deputearre Steaten (GS).

As rykshear hat hy taken op it mêd fan boargemasterssaken, leit hy gemeentebesites ôf, ûnderhâldt hy kontakten mei ryksfunksjonarissen yn de provinsje en is hy mei ferantwurdlik foar Keninklike ûnderskiedingen en predikaten.

Útnûgje

Wolle jo de Kommissaris fan 'e Kening útnoegje om by in aktiviteit te wêzen, dan kinne jo it formulier infolje.

Curriculum vitae

De CV fan de kommissaris fan de Kening kinne jo hjir dellade.

Fideo: Wat docht de kommissaris fan de Kening eins?

Njonkenfunksjes kommissaris fan de Kening drs. A.A.M. Brok

Oant it amt bûne njonkenfunksjes (qualitate qua):  

  • Foarsitter fan it Kultuerfûns Fryslân: 2017 – hjoed
  • Foarsitter fan Stichting Simulatortraining Nautysk Underwiis: 2017 – hjoed
  • Foarsitter fan Stichting Bouwcultuurfonds: 2017 – hjoed
  • Lid bestjoer Stichting ta behâld steedhâlderlike grêfromten yn de Grutte tsjerk te Ljouwert: 2017 – hjoed*

Bestjoerlike njonkenfunksjes (saaklik)

  • Foarsitter Omjouwingsberied Waadgebiet en vice foarsitter BOW: 2018 – hjoed 
  • Foarsitter genoatskip Us Taal: 2020 – hjoed
  • Foarsitter Raad van Inspiratie Fries Leesoffensief 2023 - heden
  • Lid Fryske Akademy: 2005 – hjoed*
  • Lid komitee fan oanbefelling Prof. Feitsma Fûns: 2009 – hjoed*
  • Beskermhear Club Diplomatique Fryslân: 2017 - hjoed
  • Provisor (tafersjochhâlder) fan it Sint Christophorileen oant Aldehou: 2023 - hjoed.

Privee njonkenfunksjes:

  • Foarsitter kommisje Investituur van de Ridderorde van het Heilig Graf van Jeruzalem: 2020 - hjoed*

Koartlyn beëinige njonkenfunksjes:

  • Foarsitter lanlik komitee 'Stilstaan bij corona': 2022 - 2024
  • Foarsitter Permanente Scoutingscommissie VVD: 2021 - 2024
  • Lid Stichting Prinsjesdagontbijt: 2015 - 2023
  • Lid komitee fan oanbefelling Stichting Heiligverklaring Titus Brandsma: 2020 -2023

De kommissaris fan de Kening akseptearret út prinsipe gjin fergoedingen foar syn njonkenfunksjes. De kommissaris freget by it oanfangen fan nije njonkenfunksjes ynstimming fan it presidium fan Provinsjale Steaten en it kolleezje fan Deputearre Steaten en makket by guon saaklike njonkenfunksjes gebrûk fan tsjinstferfier, by foarkar yn kombinaasje mei oan 'e haadfunksje relatearre ôfspraken.

* njonkenfunksje(s) dêr't tsjinstferfier dy't beskikber steld binne net foar brûkt wurdt.