Doarpsmûnen binne wynmûnen dy't fan doarpen binne. 

Troch de moasje ‘enerzjy fan en foar de doarpen’ sjocht de provinsje Fryslân nei it ferlet fan doarpsmûnen yn Fryslân op plakken dêr’t al wynmûnen binne. It ûndersyk rjochtet him op de ynteresse by bewenners en enerzjykoöperaasjes nei de doarpsmûnen. Dêrneist sjogge wy ek nei it effekt fan de mûnen op it lânskip en op de drokte op it elektrisiteitsnet (netkongestje). 

Troch in eigen mûne del te setten kinne doarpen gearwurkje oan it opwekken fan duorsume enerzjy en dêrmei ekstra ynkomsten generearje, want de ynkomsten floeie werom nei it doarp. De mûnen drage sa by oan de leefberens fan it doarp, it behâld fan foarsjennings én fansels oan de duorsume enerzjyfoarsjenning. 

Op dit stuit binne der al in tal doarpsmûnen yn Fryslân, bygelyks yn Reduzum en Tsjom. Wy sjogge no mei it ûndersyk nei hokker doarpen noch mear ynteresse hawwe om dit te ûntwikkeljen. Op 24 febrewaris organisearje wy in startgearkomste om te ynteresse yn doarpsmûnen yn jo omjouwing (doarp) te ynventarisearjen. Uteinlik sil de ynventarisaasje mids 2025 oan Provinsjale Steaten oanbean wurde. Jo kinne josels fia ûndersteande knop oanmelde foar de startsesje.

Oanmelde startsesje