Enerzjybesparliening

De Enerzjybesparliening biedt de mooglikheid oan Fryske ynwenners dy't harren sparjild net ynsette wolle of kinne ynsette foar it enerzjysuniger meitsjen fan harren hûs. Fia it Nationaal Warmtefonds (NWF) kinne wenningeigeners in liening oan freegje foar de ferduorsuming fan de wenning.

Maatregels dy’t binnen de Enerzjybesparliening falle

Isolearje

Ferwaarmje

Opwekke

Fentilearje

Asbestsanearing mei dakisolaasje

Oanslute op waarmtenet

Sinnepanelen

CO 2 stjoerde fentilaasje

Dakisolaasje

Hoogrendementsketel

Lykstroomfentilaasje

Gevelisolaasje

HRe-ketel

Lykstroompomp

Heechrindementsglês

Lege temperatuer-ôfjeftesysteem

Isolearrende duorren, kezynen, panelen

Waarmte weromwinsysteem

Spouwmuurisolaasje

Warmtepomp

Vlor - en boaiemisolatie

Wettersidich ynregelje

Solderflier- en en vlieringvlierisolaasje

Sinneboiler

Neist boppeneamde maatregels kin der ek advys, begelieding en behear troch de Energiebespaarlening oanfrege wurde.

Fia in subsydzje fanút de provinsje Fryslân kinne Fryske oanfregers in koarting fan 1% op de rinte ûntfange op de lanlike enerzjybesparliening. Fan 1 febrewaris ôf jildt in koarting fan 1% op 'e rinte.

Sûnt it earste fearnsjier fan 2022 is it NWF útwreide mei NWF 2 wêrtroch't ek lytse VvE’s en wenningeigeners âlder as 75 jier yn oanmerking komme foar de Energiebespaarlening. Op 29 maart 2022 hat Deputearre Steaten fan Fryslân besletten de subsydzje foar de rintekoarting ek foar NWF 2 beskikber te stellen. De rintekoarting wurdt oant en mei 31 desimber 2024 ferliend.

Partikuliere oanfraach

VvE oanfraach

Benijd nei de ûnderfining fan in Fryske ynwenner? Lês hjir in ûnderfining út Fryslân.

Tink derom: meikoarten kinne jo jo oanfraach foar dizze regeling digitaal yntsjinje. Dêrfoar hat jo DigiD (as partikulier) of eHerkenning (as ûndernimming) nedich. 

Sjoch hjir foar mear ynformaasje.

Neidat jo mei DigiD of eHerkenning ynlogd binne, kinne jo jo oanfraach tuskentiids opslaan en letter (binnen 5 dagen) opnij iepenje.