Feilich, foldwaande en skjin wetter

Fryslân is dé wetter provinsje by útstek. Wetter is manmachtich oanwêzich en wy meitsje der op in soad manieren gebrûk fan. It is in taak fan de provinsje om te soargjen foar feilich, genôch en skjin wetter. Hoe dogge wy dat?

Feilich wetter

Feiligens stiet foarop. Stevige diken en dunen beskermje ús tsjin oerstreamings fan de Waadsee, de Noardsee en de Iselmar út. Sûnder dizze opkearings soe likernôch 60% fan Fryslân ûnder wetter rinne. In grut part fan ‘e provinsje leit ûnder seenivo.

Foldwaande wetter

Net te folle, mar ek net te min wetter. Dêr draait it om by it behearen fan wetter. Te folle wetter jout oerlêst op it plattelân, mar ek yn de stêden. Te min is benammen ûngeunstich foar de skipfeart, de lânbou en de natuer.

Provinsje Fryslân en Wetterskip Fryslân beslisse yn oerlis oer it wetterpeil. Wetterskip Fryslân nimt de besluten oer it peil. En behâldt it peil mei help fan likernôch 1.000 gemalen, 4.200 keardamen, 3.700 plakken dêr’t wetter ynlitten wurde kin en 40.000 kilometer oan wettergongen lykas sleatten, fearten en kanalen.

Skjin wetter

Skjin wetter is fan libbensbelang foar minsken, bisten en planten. Provinsje Fryslân en Wetterskip Fryslân binne ferantwurdlik foar de kwaliteit fan it oerflak- en grûnwetter. It wetter moat fan goede kwaliteit wêze en frij fan skealike stoffen. Dan is it gaadlik foar wetterlibben, natuergebieden, drinkwetter, bereining fan gewaaksen en om yn te swimmen.

Feilich swimme yn bûtenwetter, wêr kin dat?

De provinsje wiist alle jierren swimwetterlokaasjes oan dêr't feilich en sûn swommen wurde kin. It fêststellen fan dy lokaasjes bart alle jierren út de Wet Hygiëne Veiligheid Badinrichtingen en Zwemwateren (Whvbz) wei. De provinsjale kaart, dêr't de 53 swimwetterlokaasjes fan 2024 op oanjûn steane, is as taheakke oan dit berjocht en online te rieplachtsjen fia de webside en app fan zwemwater.nl.

Wetterskip Fryslân hâldt de kwaliteit fan it wetter yn de gaten troch geregeld meunsters fan it wetter te nimmen en te ûndersykjen. De Fryske Utfieringstsjinst Miljeu en Omjouwing (FUMO) kontrolearret de swimlokaasjes op feiligens en wetterkwaliteit. Op buorden by de lokaasjes is ynformaasje oer de aktuele swimwetterkwaliteit beskikber. As der troch waarm waar tefolle baktearjes en blau-algen yn it wetter groeie, kin dit sûnensproblemen opsmite foar swimmers.

Fia de lanlike webside www.zwemwater.nl krije ynwenners yn it swimseizoen (tusken 1 maaie en 1 oktober) ynformaasje oer de kwaliteit fan it swimwetter op alle lokaasjes yn Nederlân. Op de list 'Zwemlocaties 2024' steane alle hjoeddeistige swimwetterlokaasjes beskreaun.

Aktuele warskôgings swimwetter 

Hawwe jo fragen oer de kwaliteit fan de swimwetterlokaasjes yn Fryslân of wolle jo witte foar hokker lokaasjes warskôgingen en/of ferbean jilde? Sjogge jo dan op www.zwemwater.nl of op www.fumo.nl. Dêrneist kinne jo kontakt opnimme mei de swimwettertelefoan fan FUMO telefoannûmer 058 - 292 56 50. Fia de ynformaasjebuorden by de swimplakken fine jo yn it swimseizoen ek ynformaasje oer de swimwetterkwaliteit.

Besjoch de infographic Swimme yn bûtenwetter

Fryske klimaatatlas

De klimaatferoaring hat grutte gefolgen foar ús wenjen en wurkjen. Dêr moatte wy ús op tariede. De klimaatatlas bringt yn byld wat der yn ús libbensfermidden feroarje sil en wat de gefolgen dêrfan binne. De atlas draacht gjin oplossingen oan, mar jout in yndikaasje fan de effekten fan de klimaatferoaring en ekstreme waarsituaasjes.

Fryske Klimaatatlas

Wettertechnology

Fryslân en wetter binne stiif oan inoar ferbûn. Net om ‘e nocht is Fryslân dé wetterprovinsje fan Nederlân. Itselde jildt foar de wettertechnology. Fryslân hat in top technologysk ûndersyksynstitút, in trochrinnende learline en in unike ynfrastruktuer foar ynnovaasjes.

Lanlike wetterkampagne 'Ons Water'

Mei de lanlike kampanje 'Ons Water' meitsje wy jo as ynwenner fan Nederlân bewust fan it feit dat skjin, feilich en foldwaande wetter net fanselssprekkend is. Der moat de kommende jierren mear dien en ynvestearre wurde om Nederlân te beskermjen tsjin wetter. Mar ek om genietsjen bliuwe te kinnen fan wetter. En om ús wetterfoarried op oarder te hâlden.

It liket hiel gewoan dat der altyd skjin drinkwetter út de kraan komt en dat wy allegearre feilich binne efter ús diken en dunen. Wy hawwe it ek goed regele, mar it is nea ôf en grif net fanselssprekkend.

Lês mear oer de lanlike publykskampagne 'Ons Water'