Founded in Friesland
Founded in Friesland stipet talint, start-ups en scale-ups om mei-inoar te bouwen oan in duorsume takomst. Mei in sterk start-upklimaat ûntstiet der mear ynnovaasje en dynamyk yn Fryslân. Dat is goed foar de ekonomy, mar foaral ek foar brede wolfeart. Founded in Friesland stipet fia fjouwer spoaren: rezjy op it ekosysteem, ynspiraasje, edukaasje en Business Development.
Benijd wat Founded in Friesland foar dy betsjutte kin en wat der allegear fasilitearre wurdt yn de regio? Besjoch de webside.