Frysk yn it underwiis

De provinsje Fryslân stimulearret en subsidearret, oerienkomstich Europeeske en nasjonale wet- en regeljouwing, it brûken fan it Frysk. It ûnderwiis is dêryn in sintraal domein. De provinsje stelt in soad finansjele middels beskikber foar it Frysk yn it ûnderwiis, op alle niveau’s en foar alle leeftiden.

Foarskoalsk

De provinsje stimulearret it brûken fan it Frysk by hiel jonge bern. Sa set de provinsje derop yn dat op in soad pjutteboartersplakken en bernedeiferbliuwen in twatalich Frysk-Nederlânsk belied fierd wurdt. Op dit stuit binne likernôch de helte (rûchwei 200) fan it totale oantal (rûchwei 400) foarskoalske lokaasjes twatalich. Dizze lokaasjes krije begelieding fan it Sintrum Frysktalige Berne Opfang (SFBO).

Primêr en fuortset ûnderwiis

Eltse skoalle yn it Fryske taalgebiet is ferplichte om (guon of alle – sjoch ek Taalplan Frysk, kearndoelen foar it Frysk te beheljen. Dêrnjonken binne der ûngefear 70 trijetalige basisskoallen (3ts) en 6 lokaasjes foar meartalich fuortset ûnderwiis (mfû) dêr’t sawol it Frysk, Ingelsk as Nederlânsk as ynstruksjetaal brûkt wurde yn in substânsjeel diel fan de ûnderwiistiid.Trije- en meartalige skoallen binne feriene yn in netwurk, en krije begelieding fan it Sintrum Meartaligens fan Cedin. De ûnderwiismaterialen wurde yn opdracht en mei stipe fan de provinsje ûntwikkele troch benammen Cedin en Afûk. De lêste jierren is bot ynset op it ûntwikkeljen fan digitale learmaterialen. Ek is der in toetsings- en learlingfolchsysteem ûntwikkele, ûnder de namme GRIP.

Middelber beropsûnderwiis

Yn it beropsûnderwiis is it wetlik net ferplichte om Frysk oan te bieden. Wol wurdt op guon lokaasjes (ROC Friese Poort, Friesland College, Nordwin College) it Frysk by guon opliedingen – benammen opliedingen rjochte op soarch, opfieding en ûnderwiis – modulêr oanbean. Studinten krije in sertifikaat at se de module Frysk mei goed resultaat trochrûn hawwe. Afûk en it Sintrum Meartaligens fan Cedin wurkje gear yn it ûntwikkeljen fan in module Frysk foar it beropsûnderwiis en it opsetten fan in passend learmiddelenoanbod.

Heger ûnderwiis

Beide hegeskoallen yn de provinsje (NHL en Stenden) biede Frysk oan yn de learareopliedings, rjochte op sawol it primêr as fuortset ûnderwiis. Der is in spesjale trijetalige stream ynrjochte foar takomstige learkrêften op (trijetalige) basisskoallen yn de provinsje. Ek biede de hegeskoallen neiskoallingskursussen Frysk oan en in kursus foar taalkoördinatoaren yn it basisûnderwiis.

Universitêr ûnderwiis

De Ryksuniversiteit Grins (RuG) biedt in bacheloroplieding Minorities and Multilingualism oan, mei dêryn opnommen in opsjonele spesjalisaasje yn it Frysk. Ek biedt de RuG in masteroplieding ta earste graads learaar Frysk en in master Multilingualism (ferbûn oan de alfde fakulteit ‘Campus Fryslân’) oan. Ek binne der promovendy oansteld dy’t ûndersyk dogge nei it Frysk of oan Fryslân relatearre ûnderwerpen.