Fryske befolking en libje yn Fryslân
Op it stuit wurdearje Friezen de leefberens yn harren omkriten ôfrûne mei in 8. Dat is in heech sifer en ús ambysjes is dan ek om dat sifer mei mienskiplike ynset sa te hâlden.
De rol dy’t de provinsje Fryslân hat yn de Fryske mienskip feroaret. Alderlei ûntwikkelingen hawwe dêr ynfloed op.
Yn it beliedsbrief Leefberens
lizze wy út hokker ûntwikkelingen ynfloed hawwe op ús rol en hoe’t wy de gearwurking mei gemeenten en oare partijen stal jaan. Hoe’t wy romte jaan kinne oan de enerzjy dy’t oanwêzich is yn de Mienskip, wêrtroch’t boargers sels ynfolling oan leefberens jaan kinne. Jo kinne dêrby tinke oan hoe’t wy inisjatyfnimmers yn wiken en doarpen stypje wolle om nije ûntwikkelingen mei betrouwen yn eigen krêft en kinnen yn ‘e mjitte te gean, sadat sy harren ynsette kinne foar takomstbestindige wiken en doarpen. Us mearwearde sjogge wy yn de ‘helikopterview’: breed mei sjen en partijen oan inoar ferbine. Bygelyks troch kennisdieling en soms ek troch de rezjy te nimmen op guon dossiers.
Yn it beliedsbrief omskriuwe wy fjouwer aksjelinen dy’t wy folgje wolle. Dy binne yn de infographic ‘Samenwerken aan leefbaarheid in de provincie Fryslân’
útbylde. De ynfographic is in gearfetting yn wurd en byld fan it beliedsbrief.
Startnotysje
It beliedsbrief is in útwurking fan de Startnotysje Leefberens dy’t op 12 july 2017 troch Provinsjale Steaten fêststeld is. Mei it fêststellen fan de startnotysje, hawwe Provinsjale Steaten besletten de leefberens yn Fryslân fuort te sterkjen troch yn te setten op de krêft fan gearwurking en oan te sluten by inisjativen út de Fryske maatskippij. Koartsein, yn ‘e mande mei boargers en partners geane wy troch mei ús n te setten foar de 8!
Belied
Leefberens is in breed begryp en freget om in totaaloanpak. Dit beliedsbrief ferfangt dêrom it beliedsbrief Krimp en Leefberens (2016 – 2020).
De fjouwer spoaren út it foarige beliedsbrief binne nei fjouwer aksjelinen omset:
- Kennis ophelje en diele: dêrmei behâlde en fersterkje wy de leefberens yn Fryslân;
- Inisjativen út de mienskip stypje: oplossingen om de leefberens te ferbetterjen, romte te jaan en op ferskate manieren stypje;
- Oanslute op en gearwurkje oan útfieringsplannen yn de regio’s;
- De wurkwize fan it beliedsbrief Leefberens wurket troch yn de ferskate beliedsfjilden.
Mear ynformaasje oer de aksjelinen fine jo yn it beliedsbrief Leefberens en yn de infographic.
Wat wy oerein hâlde wolle binne ús liedende prinsipen. Dy passe wy sels ta en wy freegje ek oan oare partijen om harren dêr oan te hâlden. Us liedende prinsipen hawwe benammen te krijen mei it skerper meitsjen fan karren foar de kommende perioade:
- By belieds- en planfoarming fan alle oanbelangjende partijen wurdt rekken hâlden mei de demografyske ûntwikkelingen (fergrizing, ûntgriening, krimp fan de befolking).
- By finansjele stipe fan projekten of prosessen wurdt neigien oft it om in takomstbestindige foarsjenning giet.
- Net oeral kin alles mear, soms is it nedich om skerpe karren te meitsjen dy’t ek op de lange termyn hâldber binne.
- Yn gearspraak mei oanbelangjenden sil by in inisjatyf besjoen wurde oft it net laat ta it oerlaapjen mei in selde soarte inisjatyf yn itselde fersoargingsgebiet, wêrtroch’t it ien ta skean fan it oare gean kin.
By it beliedsbrief is in oersjoch foege mei alle ynspannings dy’t de provinsje op it mêd fan de leefberens dien hat. Dat is hiel breed, fan iepenbier ferfier oant sportbelied en fan it hifkjen fan romtlike plannen oant it Iepen Mienskipsfûns (IMF) om lokale inisjativen te stypjen.
Kontakt
Folgje Fan Mear nei Better op twitter!
Hawwe jo fragen oer krimp en leefberens? Nim dan kontakt op mei Willy van Asperen: w.vanasperen@fryslan.frl