Fryske oanpak
Sûnt 2018 hawwe der yn Fryslân wolveoanfallen west op lânbouhúsdieren (benammen skiep). Yn Fryslân is der in Gebietskommisje Wolf dy 't him dwaande hâldt mei de previnsje fan wolveskea yn Fryslân. De kommisje skreau yn novimber 2021 in advys oan Deputearre Steaten oer hoe 't wy omgean kinne mei de wolf yn Fryslân. Yn septimber 2023 brocht Gebietskommisje Wolf op 'e nij advys út en is der in evaluaasje útfierd. Op grûn fan dy beliedsoanbefellings oer de (provinsjale) wolveregelingen, hat Deputearre Steaten it reglemint fan Gebietskommisje Wolf en de subsydzjeregeling foar wolfkearende maatregels oanpast.
Ek is der in wolvekonsulint aktyf yn Fryslân. Hy helpt bistehâlders mei harren wolfkearende maatregels: plannen opstelle, subsydzje oanfreegje, ôfrastering kontrolearje, ensafuorthinne.
Yn de nijsbrieven fan de Gebietskommisje Wolf is mear ynformaasje te finen oer de aktiviteiten en ûntwikkelings op it mêd fan skeaprevinsje en de wolf.
De Gebietskommisje Wolf hat de folgjende taken:
- It frege of net-frege advisearjen fan Deputearre Steaten oer:
a. beskermingsmaatregels foar holden lânbouhúsdieren oangeande wolven;
b. ( ynnovative) projekten rjochte op it foarkommen fan wolveskea;
c. bysûndere gefallen fan wolveskea;
d. de finansiering fan winske beskermingsmaatregels. - Foarljochting jaan en kommunisearje oer previnsje fan wolveskea rjochting bistehâlders. GW fiert dizze wurksumheden selsstannich en/of yn gearspraak mei bistehâlders út.
- It evaluearjen fan de wurksumheden en it funksjonearjen fan de GW en it advisearjen oer de ferfolchstappen.
Yn de PPWF hawwe sitting:
- In ûnôfhinklik foarsitter;
- Op syn minst twa en maksimaal fjouwer leden út namme fan de profesjonele en/of hobbymjittige dierhâderij;
- In lid út namme fan de Terreinbehearende organisaasjes (TBO`s);
- In lid út namme fan de Vereniging van Friese Gemeenten (VFG).
Dokuminten
Hawwe jo problemen mei de lêsberens? Dan kinne jo in formulier ynfolje of belje mei it Klantkontaktsintrum. Sy helpe jo graach fierder.