Frysk foar no en letter 2021-2025
Alle skoallen yn Fryslân kinne yn 2025 wer subsydzje oanfreegje foar it fuortsterkjen fan de posysje fan it fak Fryske taal en kultuer. Skoallen út alle ûnderwiissektoaren kinne subsydzje oanfreegje: berne-opfanglokaasjes, primêr ûnderwiis, fuortset ûnderwiis, mbû, hbû, wû en spesjaal ûnderwiis.
De iepenstelling fan de subsydzjeregeling is fan 31 maart-13 juny. In skoalle kin de kategory ien kear in oanfraach dwaan yn dy perioade. In skoalle kin wol in oanfraach dwaan foar mear as ien kategory. By it skriuwen fan in projektplan kin gebrûk makke wurde fan it ‘helpmiddel projektplan’, te finen ûnderoan dizze side.
It maksimale subsydzjeplafond ferskilt de kategory en is op de folgjende wize ferdield:
De katagory:
- Skoalling en oplieding maksimaal € 50.000,-
- Oanskaf materiaal maksimaal € 150.000,-
- Kultueredukaasje maksimaal € 100.000,-
- Frijroasterjen maksimaal €300.000,-
Wêr kin ik subsydzje foar oanfreegje?
1. Skoalling of neiskoalling
Mei it folgjen fan in kursus of it dwaan fan in oplieding kinne leararen, ûnderwiisstipers en pedagogysk meiwurkers harren eigen kennis oer it Frysk en/of meartalige didaktyk útwreidzje en sa ek de posysje fan de Fryske taal en kultuer fuortsterkje op de eigen skoalle/lokaasje. Der kin ûnder oare subsydzje oanfrege wurde foar it folgjen fan in kursus Frysk, it beheljen fan it Foech Frysk foar it basisûnderwiis of it dwaan fan in oplieding ta dosint Frysk yn it fuortset ûnderwiis of middelber beropsûnderwiis. De skoalle/lokaasje kin foar meardere wurknimmers oanfrege wurde. De kosten foar in oplieding en/of neiskoalling wurde folslein subsidiearre oant in bedrach fan €5.000,-. It ofsluten fan de oplieding of skoalling mei in diploma of sertifikaat is in betingst foar de takenning fan de subsydzje.
2. Les- en lêsmateriaal
Goed les- en lêsmateriaal is wichtich foar it oanbieden fan goed Frysk ûnderwiis. Neist lesmateriaal en lêsboeken kin ek tocht wurde oan faktydskriften en oar materiaal wêrmei’t it ûnderwiispersoniel syn kennis oer de Fryske taal en kultuer ferbetterje kin. Ek materiaal foar it oanbieden fan meartalich ûnderwiis (ynkl. de Fryske taal en kultuer) komt yn oanmerking foar subsydzje. De kosten foar les- en lêsmateriaal foar de Fryske taal wurde foar 100% subsidiearre, mei in maks fan €2.000.
3. Kultueredukaasje
Der binne ferskate mooglikheden om learlingen yn de kunde komme te litten mei de Fryske taal en kultuer. De berne-opfang, skoalle of ûnderwiisynstelling kin in oanfraach dwaan foar in kulturele aktiviteit yn groepsferbân yn of bûten de skoalle. Under kultueredukaasje falt ûnder oare in besite oan it teäter of museum. Mar tink ek oan bygelyks film, muzyk of literatuer. Aktiviteiten op it mêd fan erfgoed, histoarje, sport of natuer binne ek mooglik as der in dúdlike ferbining is mei de Fryske taal en kultuer. De kosten foar kultueredukaasje wurde foar 100% subsidiearre oant in bedrach fan €2.500,-. Foar reiskosten yn de foarm fan groepsferfier of OV ûntfangt in skoalle 100% subsydzje mei in maksimum fan €500,-.
4. Ekstra ynset fan meiwurkers, learkrêften en dosinten
Ekstra omtinken foar it (fak) Frysk freget ek ekstra ynset fan meiwurkers, learkrêften en dosinten. Dêrom jout de regeling ek romte foar it ferfangen en/of frijroasterjen fan personiel. Der kin subsydzje oanfrege wurde foar it ferfangen fan in learaar dy’t in oplieding folget mar ek foar in meiwurker (of learkrêft/dosint) dy’t wurket oan ekstra aktiviteiten foar de Fryske taal en kultuer. Bygelyks foar it meitsjen fan in taalbeliedsplan, it bywenjen fan kongressen, it ûntwikkeljen fan lesmateriaal, it organisearjen fan aktiviteiten foar lêsbefoardering of it netwurkjen mei oare skoallen. Betingst is dat de aktiviteit in strukturele ferankering fan it Frysk bewurkstelliget.
Sjoch foar mear ynformaasje oer Taalplan Frysk 2030 op de webside.
Hoe kin ik subsydze oanfreegje?
Wy advisearje jo foar it oanfreegjen fan de subsydzje it Helpmiddel te brûken. Dizze is te finen op de webside fan Taalplan Frysk 2030. Hjiryn stiet wêr't in plan oan foldwaan moat, wat helpe kin by it yntsjinjen fan in folsleine en juste subsydzjeoanfraach.
Salang’t de regeling iepenstiet, kinne jo digitaal in oanfraach yntsjinje.
Oanfraachformulier Frijroasterjen 2025
Oanfraachformulier Kultueredukaasje 2025
Oanfraachformulier Materiaal 2025
Oanfraachformulier Skoalling oplieding 2025
Yn dit proses kinne jo ynlogge mei DigiD of E-herkenning (foar stichtingen en ferieningen). Alle fragen kinne jo digitaal beäntwurdzje en alle taheakken kinne online tafoege wurde. It is wichtich dat it oanfraachformulier folslein ynfolle is en alle ferplichte taheakken derby sitte. Is dat net it gefal, dan rinne jo mooglik subsydzje mis. Nei it ynloggen mei DigiD of E-herkenning kinne jo de oanfraach tuskentroch opslaan en letter (binnen fiif dagen) opnij iepenje.
Sjoch hjir foar mear ynformaasje.
Mear ynformaasje
Foar fragen kinne jo kontakt mei it Klantkontaktsintrum opnimme fia telefoannûmer 058 - 292 59 25 of fia de mail mei provincie@fryslan.frl of folje ûndersteand kontaktformulier yn.
Tink derom: meikoarten kinne jo jo oanfraach foar dizze regeling digitaal yntsjinje. Dêrfoar hat jo DigiD (as partikulier) of eHerkenning (as ûndernimming) nedich.
Sjoch hjir foar mear ynformaasje.
Neidat jo mei DigiD of eHerkenning ynlogd binne, kinne jo jo oanfraach tuskentiids opslaan en letter (binnen 5 dagen) opnij iepenje.