Frysktalige literatuer / skriuwen

Fan 13 jannewaris 2025 ôf oant en mei 17 oktober 2025 is it foar skriuwers mooglik om subsydzje oan te freegjen foar it skriuwen fan Fryske boeken. Njonken it skriuwen yn it Frysk stiet de regeling ek iepen foar it skriuwen yn in Fryske streektaal sa as bygelyks it Biltsk. It subsydzje hat ten doel om it skriuwen fan oarspronklike Frysktalige fiksje en non-fiksje en toanielstikken te befoarderjen.

Op grûn fan dizze regeling kin subsydzje oanfrege wurde foar: 

  • it skriuwen fan oarspronklik Frysktalige literatuer dy’t him rjochtet op bern of jongerein fan 6 oant en mei 16 jier en 16 o/m 25 jier (young adults);
  • it skriuwen fan it earste Frysktalige boek fan in skriuwer of de earste Frysktalige publikaasje fan in skriuwer yn in foar dy skriuwer nij literêr sjenre;
  • it skriuwen fan oarspronklike Frysktalige sekundêre literatuer;
  • it skriuwen fan in yn de Nederlânske of bûtenlânske taal skreaune wittenskiplik wurk oangeande in oan de frisistyk relatearre ûnderwerp, dat ek yn de Fryske taal ferskynt;
  • In oarspronklik Frysktalich toanielstik.

It subsydzjeplafond foar de regeling Frysktalige literatuer is € 60.000,-. Dit betsjut dat ek de subsydzjes dy’t jûn wurde foar it skriuwen fan in Frysktalich toanielstik út dit budzjet betelle wurde.

Betingsten

Lês de regeling earst troch om te besjen oft jo oan de betingsten foldwaan kinne. De oanfraachkritearia kinne jo fine yn paragraaf 2.1 fan de Subsydzjeregeling kultuer en mienskip Fryslân 2025.

Stappen foar it oanfreegjen fan subsydzje 

Jo kinne it formulier online ynfolje mei jo kompjûter. By it iepenstellen fan de subsydzjeregeling kinne jo digitaal jo oanfraach yntsjinje. 

Oanfraachformulier

Yn dit proses logge jo yn mei DigiD of E-werkenning (foar stichtingen en ferieningen). Alle fragen kinne jo digitaal beäntwurdzje en alle bylagen kinne jo online taheakje. It is belangryk om it oanfraachformulier folslein yn te foljen en alle bylagen dy't nedich binne ta te foegjen. Dogge jo dat net, dan rinne jo mooglik subsydzje mis.

Mear ynformaasje

Foar fragen oer de regeling kinne jo kontakt opnimme mei  provinsje Fryslân op telefoannûmer 058 - 292 59 25 of fia de mail provincie@fryslan.frl.

Frysktalige toanielstikken

Oanfragen foar it skriuwen fan Frysktalige toanielstikken kinne jo yntsjinje fan 13 jannewaris 2025 oant en mei 17 oktober 2025. Jo kinne it digitale formulier dêr ek foar brûke. Fierdere ynformaasje fine jo op Frysktalige toanielstikken.

Tink derom: Jo kinne jo oanfraach foar dizze regeling digitaal yntsjinje. Dêrfoar hat jo DigiD (as partikulier) of eHerkenning (as ûndernimming) nedich. 

Sjoch hjir foar mear ynformaasje.

Neidat jo mei DigiD of eHerkenning ynlogd binne, kinne jo jo oanfraach tuskentiids opslaan en letter (binnen 5 dagen) opnij iepenje.