Frysktalige toanielstikken
Fan 13 jannewaris 2025 ôf oant en mei 17 oktober 2025 is it mooglik om subsydzje oan te freegjen foar it skriuwen fan in Frysktalich toanielstik. Toanielstikken dy’t yn in Fryske streektaal sa as it Biltsk of it Stellingwerfsk skreaun wurde falle ek ûnder de regeling.
It subsydzjeplafond foar de regeling Frysktalige literatuer is € 60.000,-. Dit betsjut dat ek de subsydzjes dy’t jûn wurde foar it skriuwen fan Frysktalige fiksje en non-fiksje út dit budzjet betelle wurde.
Hichte fan it subsydzje
De regeling is ornearre foar toanielferienings dy’t in skriuwer opdracht jouwe om in nij Frysktalich stik te meitsjen. De toanielferiening kin it subsydzje dan brûke om de skriuwer in fergoeding te jaan foar it meitsjen fan de tekst. De hichte fan it subsydzje is € 2.000,-.
Besjoch earst oft jo oan de betingsten foldogge
De regeling foar it skriuwen fan in toanielstik is in ûnderdiel fan paragraaf 2.1 Frysktalige literatuer fan de Subsydzjeregeling kultuer en mienskip Fryslân 2025.
.It is de bedoeling dat it toanielstik noch skreaun wurde moat. It kin fansels wêze dat in skriuwer alfêst wat mei it idee boartet en in lyts begjin makket om te sjen hoe’t er it oanpakke sil. Mar as de skriuwer al serieus oan de gong is en in ein op wei is mei it skriuwen fan de tekst, is it net de bedoeling dat dêr noch subsydzje foar oanfrege wurdt.
Stappen foar it oanfreegjen fan subsydzje
De oanfraach mei allinnich yntsjinne wurde troch rjochtspersoanen mei folslein rjochtsfoech dy't harren rjochtsje op it produsearjen of opfieren fan toaniel. By de oanfraach tsjinje jo in projektplan en in oeuvrelist fan de skriuwer yn.
De link nei it digitale formulier wurdt fan 13 jannewaris 2025 ôf aktyf sadat jo fan dat momint ôf de oanfraach yntsjinje kinne. Yn dit proses logge jo yn mei E-werkenning. Alle fragen kinne jo digitaal beäntwurdzje en alle bylagen kinne jo online taheakje. It is belangryk om it oanfraachformulier folslein yn te foljen en alle bylagen dy't nedich binne ta te foegjen. Dogge jo dat net, dan rinne jo mooglik subsydzje mis.
Rjochtsjildige ûndertekening
It is wichtich om it oanfraachformulier rjochtsjildich te ûndertekenjen. De hantekening fan allinnich de foarsitter fan in stichting as feriening is hast nea genôch. Yn it úttreksel fan de Keamer fan Keaphannel stiet oft ien bestjoerslid it folsleine foech hat oft dat alle bestjoersleden it foech mei-inoar hawwe. Yn it karbrief kinne jo neigean hokker bestjoersleden jo stichting / feriening yn en bûten rjochte fertsjintwurdigje meie.
Mear ynformaasje
Foar fragen oer de regeling kinne jo kontakt opnimme mei it KCC op telefoannûmer 058 - 292 59 25 of fia de mail provincie@fryslan.frl.
Tink derom: Jo kinne jo oanfraach foar dizze regeling digitaal yntsjinje. Dêrfoar hat jo DigiD (as partikulier) of eHerkenning (as ûndernimming) nedich.
Sjoch hjir foar mear ynformaasje.
Neidat jo mei DigiD of eHerkenning ynlogd binne, kinne jo jo oanfraach tuskentiids opslaan en letter (binnen 5 dagen) opnij iepenje.