Fryslân Elektrysk

Het logo van Fryslân Elektrysk. Fryslân staat in blauwe letters en daaronder Elektrysk in groene letters. Rechts uit de letters komt een stekker te voorschijn.

Fan desimber 2021 ôf kinne ynwenners fan Fryslân in publike laadpeal foar elektryske auto’s oanfreegje. Foar ein 2024 komme der 400 publike laadpeallen by. Elke peal hat twa laadpunten. It pleatsen fan laadpeallen is in wichtige stap nei in folslein dekkend laadnetwurk, dat de kommende jierren fierder útwreide wurde sil. It bedriuw TotalEnergies hat de oanbesteging wûn en leveret en pleatst de laadpeallen.

Laadpeallen

In folslein netwurk fan publike laadpeallen makket elektrysk riden tagonkliker. Fan de 18 Fryske gemeenten nimme der 17 diel oan de konsesje foar it pleatsen fan laadpeallen. Gemeente Súdwest-Fryslân hat in eigen konsesje. De laadpeallen komme op iepenbiere lokaasjes en binne foar algemien gebrûk. Dus net allinnich foar dejinge dy 't de laadpeal oanfrege hat.

It útwreidzjen fan it laadnetwurk bart op basis fan oanfragen fan ynwenners fan Fryslân en it brûken fan laadpeallen yn de buert (op minder as 250 meter ôfstân). Ek sjogge wy nei de belesting fan it netwurk om de goede lokaasjes te bepalen.

Laadpeal oanfreegje

Hawwe jo in elektryske auto, mar gjin eigen oprit? Dan kinne jo in laadpeal oanfreegje. Dit jildt ek foar wurknimmers fan bedriuwen. In laadpeal oanfreegje kin fia: www.laadpaalnodig.nl/. Dêr fine jo ek de betingsten foar it oanfreegjen fan in laadpeal. Wolle jo witte wêr 't al laadpeallen steane? Sjoch dan op www.oplaadpalen.nl.

Gemeente Súdwest-Fryslân hat in eigen konsesje. Wenje jo yn dizze gemeente? Freegje dan in laadpeal oan. Of folje op www.laadpaalnodig.nl gemeente Súdwest-Fryslân yn. Jo wurde dan automatysk trochlinkt nei de goede website.

Lokale duorsume enerzjy

Njonken de ynkeap fan Nederlânske duorsume stroom út sinne en wyn stimulearret TotalEnergies it opwekken fan lokale duorsume enerzjy. It ynkeapjen fan duorsume stroom wie in oanbestegingseask. It opwekken fan lokale duorsume enerzjy wie in grutte winsk. Troch stroom yn te keapjen by ferskate lokale produsinten yn Fryslân op it stuit fan laden bringt TotalEnergies it opwekken en it ferbrûken fan stroom tichter byinoar. Dit is net allinnich griener, mar ek kostebesparjend en it foarkomt drokte op it net.

De laadpeallen dy 't we no pleatse binne foar persoane-auto's of buskes. In folgjende stap is it stimulearjen fan de frachtweinen, bussen, bou - en lânbouferkear en fartugen. Wy dogge dit ûnder it motto ‘ Fryslân Elektrysk ’ en dêr binne alle Fryske gemeenten by oanheakke.

Opjefte Klimaatakkoart

De Nationale Agenda Laadininfrastructuur (NAL) is taheakke oan it nasjonale Klimaatakkoart. It doel fan de NAL is om mei goede laadynfrastruktuer elektrysk riden te stimulearjen. Der is in fersnelling nedich yn it útrôljen fan laadpeallen. Dy útrol hat grutte ympakt op ûnder oare it elektrisiteitsnet en de iepenbiere romte.

Gemeenten en netbehearders spylje in wichtige rol om dat doel te berikken. De NAL freget oan elke gemeente om in yntegrale fyzje laadynfrastruktuer en pleatsingsbelied op te stellen. Njonken dat de fyzjes en it belied gemeenten helpe by de útrol fan laadynfra, jout it netbehearders ek wichtige ynformaasje oer de ympakt op it elektrisiteitsnet. De provinsje stipet en stimulearret dêrby de gemeenten en netbehearders. Wy dogge dit ûnder it motto ‘Fryslân Elektrysk’ en dêr binne alle Fryske gemeenten by oanheakke.

Stân fan saken

Op dit stuit binne der sa'n 350 laadpeallen pleatst (oktober 2024), wy binne rom oer de helte fan de pleatsingsperioade hinne. Tegearre mei de gemeenten ûndersykje wy dêrom de mooglikheden foar it ferfolch op de hjoeddeistige konsesje. Regy op de ûntwikkeling fan de laadynfrastruktuer en wêr 't mooglik sels enerzjy leverje binne wichtige (nije) spearpunten. 

Mear ynformaasje

Hawwe jo in fraach en kinne jo it antwurd op jo fraach net fine op dizze webside? Dan kinne jo maile nei provincie@fryslan.frl of belje mei 058 - 292 59 25 fan moandei oant en mei freed yn kantoaroeren.