Fryslân Klimaatbestindich 2050+
Hoe geane wy yn Fryslân en in part fan it Grinzer Westerkwartier om mei de effekten fan klimaatferoaring, seespegelstiging en boaiemdelgong? Hoe soargje wy foar foldwaande wetter fan goede kwaliteit? En wat betsjut dat foar de ynrjochting fan ús provinsje? Dy fragen steane sintraal yn de fisy ‘Fryslân Klimaatbestendig 2050 +’ fan Wetterskip Fryslân en Provinsje Fryslân.
Fisy ‘Fryslân Klimaatbestendig 2050+’
Troch klimaatferoaring, it omheech gean fan de seespegel en boaiemdelgong nimt de kâns op oerstreamings, wetteroerlêst, drûchteskea, hjittestress en fersâltsjen ta. Hoe soargje wy derfoar dat wy yn de twadde helte fan dizze iuw yn Fryslân en it Grinzer Westerkwartier noch goed wenje, wurkje en rekreëarje kinne? Dy fraach stiet sintraal yn de fisy ‘Fryslân Klimaatbestendig 2050+’. In fisy dy't derfoar pleitet om wetter en grûn stjoerend te meitsjen yn de romtlike ynrjochting fan Fryslân. Dat freget om maatwurk it dielgebiet (feangrûn, klaaigrûn, sângrûn, Waadeilannen en beboud gebiet), want alle gebieten hawwe har eigen útdagings en mooglike oplossings.
Troch op ûndersteande dokuminten te klikken kinne jo de fisy ‘Fryslân Klimaatbestendig 2050+’, en byhearrend eftergrûndokumint fan Wetterskip Fryslân en de mienskiplike reaksjenota fan Wetterskip en provinsje lêze.
Yn de maitiid fan 2023 hat de fyzje seis wiken ta ynsjen lein. Tidens in webinar is de fyzje taljochte en koene minsken fragen stelle. Oer it algemien wie men it iens mei de wichtichste ideeën, lykas it ferbetterjen fan ús wetter- en bodemsysteem, it soargen foar foldwaande swietwater en feiligens by omheech gean fan de seespegel en ekstreme rein. Oer hoe wy dat it bêst dwaan kinne, binne de mieningen ferskillend.
Lânbouorganisaasjes meitsje harren bygelyks soargen oer it ferheegjen fan it grûnwetter en it oanlizzen fan gebieten om wetter op te slaan, benammen yn it feangebied. Yn ferskate sjochswizen waard oankaart dat it tsjingean fan fersilting de reden wie om maatregels te treffen yn it feangebied. Dit is net it gefal, dêrom is dit ferdudelike yn de einferzje. Yn totaal binne der 181 reaksjes binnen kommen dy’t beantwurde binne yn in reaksjenota. Dit hat op ûnderdielen laat oant oanpassing fan de fyzje. Sa past it útstel fan natuurorganisaties foar behâld en realisaasje fan ’greppeltjesland’ prima yn de maatregels om wetter fêst te hâlden. Dat wie earder net opnommen.
Ferskate partijen, lykas gemeenten, natuerorganisaasjes, lânbouorganisaasjes en partikulieren, fine dat gearwurking wichtich is om de fyzje te realisearjen. Dêrom beklamje Provinsje Fryslân en Wetterskip Fryslân yn de definitive ferzje fan de fyzje noch mear it belang fan gearwurking. De fyzje is in rjochtline foar takomstige plannen en gjin útfieringsplan. De konkrete aksjes sille de kommende jierren en tsientallen jierren mei-inoar mei de mienskip útwurke wurde yn útfieringssplannen en gebietsplannen, yn ferskate dielen fan Fryslân
Definitive fêststelling
Op 18 july nimt it algemien bestjoer fan Wetterskip Fryslân in beslút oer de takomstfyzje. Ek Provinsjale Steaten sille de fyzje beprate as ûnderdiel fan it Frysk Programma Lanlik Gebiet (FPLG) en it provinsjale fraachstik Nationale Omgevingsvisie Extra (Novex). Nei goedkeuring sil de fyzje Fryslân Klimaatbestendig 2050+ as basis tsjinje foar it ûntwikkeljen fan belied en plannen oer wetter, boaiem en romte. Wetterskip Fryslân sil de fyzje ek brûke om besteande plannen, lykas it Waterbeheerprogramma 2022-2027, te wersjen.
Dokuminten
Hawwe jo problemen mei de lêsberens? Dan kinne jo in formulier ynfolje of belje mei it Klantkontaktsintrum. Sy helpe jo graach fierder.
Mear witte?
- Mear witte oer it Fryke boezemsysteem?
- Mear witte oer swiet en sâlt wetter yn Fryslân?
- Mear witte oer klimaatbestindich ynrjochtsen?
- Mear witte oer it Fryske Regionaal Wetterprogramma 2022/2027?
- Mear witte oer de ympakt fan klimaatferoaring yn Fryslân?
- Mear witte oer grûnwetter yn Fryslân?
- Mear witte oer de Fryske ûndergrûn?