Fryslân ûnderweis - subsydzje
It ferbetterjen fan de berikberens fan Fryslân. Dat is wat de provinsje wichtich fynt!
Dêrom hawwe wy yn 2024 seis kear de regio yn west om mei jo yn petear te gean. Yn dizze gearkomsten hawwe wy in koarte foarútblik jûn op it programma fan Fryslân ûnderweis, hawwe frijwilligers fan ferskate inisjativen mei in soad entûsjasme ferteld oer it hâlden en dragen fan it inisjatyf en presintearre Qbuzz de nije plannen de regio.
Subsydzje of reguliere Buertbus of wykauto
Mochten jo ynspirearre wêze troch dizze regiogearkomste en sels in goed idee hawwe foar in inisjatyf yn jo doarp of wyk, dan hearre wy dit graach. De provinsje Fryslân stelt yn de hjerst fan 2025 1 miljoen euro beskikber foar de earste tematyske iepenstelling fan Fryslân ûnderweis. Stiftings en ferienings kinne yn novimber 2025 in oanfraach dwaan by it Iepen Mienskipsfûns (IMF) foar in 90% subsydzje mei in maksimaal oan te freegjen bedrach fan 70.000 euro.
Dêrneist biedt de provinsje Fryslân de mooglikheid om in oanfraach te dwaan foar in Buertbus of Wykauto. Sjoch hjirûnder foar mear ynformaasje.
Foar it meitsjen fan it projektplan en it dwaan fan in oanfraach is stipe beskikber fia de provinsjale Streekkantoaren.
Dizze Streekkantoaren kinne jo fine yn De Gordyk, Snits, Harns (regio Waadeilannen), Frjentsjer en Burgum.
De eksakte spulregels en útgongspunten fan dizze iepenstelling folgje om de simmer fan 2025 hinne, mar by de tarieding fan jo projektplan kinne jo alfêst rekken hâlde mei de kritearia:
- Takomstbestindighied
- Draagflak en gearwurking
- Duorsumens
Buertbus
De Buertbus is in lytse bus foar maksimaal acht persoanen en rydt in fêste rûte by ferskate haltes del neffens in fêste tsjinstregeling. Reizgers hoege dan ek net yn it foar te reservearjen. De sjauffeurs fan de Buertbus binne frijwilligers; elkenien dy't yn it besit is fan in regulier rydbewiis B kin in Buertbus bestjoere. Njonken sjauffeurs binne der ek frijwilligers nedich foar it meitsjen fan de planning/roasters.
Yn'e Buertbus kin betelle wurde mei de OV-chipkaart en OV-pay neffens it jildende OV-taryf. De opbringsten geane nei Qbuzz. De auto wurdt beskikber steld troch de ferfierder (Qbuzz). De ferfierder is dêrneist ûnder oare ferantwurdlik foar it ôfsluten fan needsaaklike fersekeringen, de brânstof en it fersoargjen fan foldwaande byskoalling of ekstra kursussen foar de frijwillige sjauffeurs.
Op dit stuit ride der fiif buertbuslinen yn Fryslân. Yn oerlis mei de ferfierder (Qbuzz) wurdt sjoen nei in geskikte rûte, sadat de Buurtbus goed oanslút op de reguliere buslinen. Hat jo doarp of stêd ynteresse yn in Buertbus? Dan kinne jo dêrfoar in projektidee yntsjinje by de provinsje troch te mailen nei provincie@fryslan.frl.
Elke buertbusferiening kriget alle jierren in subsydzje fan € 5.000 fan de provinsje om de feriening te stypjen.
Wykauto
De wykauto is in persoane-auto mei frijwillige sjauffeur, dy't ynwenners fan in wyk of doarp reservearje kinne. Foar in lytse fergoeding wurde ynwenners dan nei de bestimming yn in beheinde straal brocht (bygelyks: Wijkauto Westeinde nei bestimmingen binnen de stêd Ljouwert).
De auto wurdt beskikber steld troch de ferfierder(Qbuzz). De ferfierder is dêrneist ûnder oare ferantwurdlik foar it ôfsluten fan needsaaklike fersekeringen en foar de brânstof. Dêrfoar krijt Qbuzz in fergoeding fan de provinsje.
Der is in groep frijwilligers nedich dy't ynset wurde kinne as sjauffeur en foar it meitsjen fan de reservearringen en de roasters/planning. De ynkomsten dy't de auto opsmyt, meie troch de doarps - of wykautoferiening brûkt wurde foar oare ûnkosten of oare lokale inisjativen. Dêrneist krijt de doarps - of wykautoferiening in ienmalige startsubsydzje fan de provinsje om de earste kosten te dekken.
Hat jo doarp of wyk ynteresse yn in doarp - of wykauto? Dan kinne jo dêrfoar in oanfraach dwaan by de provinsje troch te mailen nei provincie@fryslan.frl.