Genietsje en faar bewust, gun fûgels yn de winter harren rêst

Sjogge jo in giele boei? Fûgelrêstgebiet!

Yn de winterperioade komme jo giele boeien mei de tekst ‘ik rust!’ tsjin op ferskate plakken yn de Fryske Marren en Alde Feanen. Dizze boeien markearje de fûgelrêstgebieten foar in grut tal beskerme fûgelsoarten. Bygelyks de piiptjilling, de slob en it nontsje. Tusken 1 oktober en 1 april freegje wy jo dy gebieten net yn te farren. Dit is in earekoade dy't provinsje Fryslân yn `e mande mei wettersportferieningen, rekreaasjeûndernimmers en natuerorganisaasjes neistribbet.

Wêr lizze de fûgelrêstgebieten?

Op de kaart is te sjen wêr’t de fûgelrêstgebieten lizze. De markearre gebieten lizze by de kanten fan de marren lâns yn it ûndjippe wetter, mar nea yn it soal.

Jo fine de giele boeien by:

  • De Alde Feanen
  • De Fluezen
  • De Aldegeaster Brekken
  • De Wite Brekken en Swarte Brekken
  • De Snitser Mar
Een gele boei met opschrift; niet invaren aub. Ik rust!

Hoe sjogge dy boeien derút?

De boeien binne giel fan kleur mei dêrop in blauwe bân. Op'e bân stiet in skyld mei in slob en de tekst ‘ik rust!’. Boppe it skyld stiet de tekst ‘niet invaren a.u.b. "

Wêrom binne der fûgelrêstgebieten?

Ferskate fûgelsoarten oerwinterje yn Fryslân. Dat dogge sy yn de saneamde fûgelrêstgebieten. Yn dat tiidrek sterkje se oan en bouwe se in fetlaach op. Dat is wichtich foar de sûnens fan de wetterfûgels. Se brûke dy reserves om nei harren simmergebieten te fleanen om dêr te brieden.

Alle kearen dat de fûgels fersteurd wurde, ferlieze se wat fan harren opboude reserves. By tefolle fersteuring kinne fûgels in gebiet sels gean mijen.

Om de rêst te bewarjen is it wichtich om de mei boeien markearre gebieten net yn te farren. Sels as jo gjin fûgels sjogge. Fersteuring fynt nammentlik earder plak as sichtber is. Fûgels reitsje strest, stopje mei iten en yn it uterste gefal fleane se op. Dit kin úteinlik ta gefolch hawwe dat fûgels in gebiet hielendal mije sille. Soms feroarsaket in boatsje op inkelde hûnderten meters al genôch ûnrêst om de fûgels opfleane te litten. Mar krekt ek de lytse feart, lykas kanofarders, suppers, wing foilers en fiskers kinne foar fersteuring soargje.

Wannear’t jo yn in ûnfeilige situaasje tahâlde, bygelyks troch in tongerbui, dan is it wol tastien om troch dy gebieten te farren.

Dashboard Vogelrustgebieden

Fûgeltellers hâlde it tal fûgels yn en bûten de rêstgebieten en de fersteuringen fan de oerwinterjende wetterfûgels elts seizoen by. De sifers binne te finen yn it Dashboard Fûgelrêstgebieten.

Dashboard vogelrustgebieden

Nonnetje in zomerkleed
Seachbek yn simmer (foto: Hans Pietersma)

Fûgelrêstgebieten ûnderdiel fan Natura 2000

Yn Europa lizze in soad natuergebieten mei útsûnderlike natuerwearden. Ek yn Nederlân lizze sokke gebieten. It is wichtich om dy natuer te beskermjen. Dêrom hat de Europeeske Uny in stelsel opset: in Europeesk netwurk fan natuergebieten. Dat netwurke neame wy Natura 2000.

De beskerming fan de natuer rjochtet him op de plantegroei en bisten. Yn Nederlân hat it ministearje fan Ekonomyske Saken in list fan gebieten opsteld, dy’t yn it Europeeske natuernetwurk hearre. Yn Nederlân binne mei-inoar 162 Natura 2000-gebieten. Dêrfan lizze der 20 yn de provinsje Fryslân, wêrûnder de fûgelrêstgebieten yn de Fryske Marren en de Alde Feanen.

 

Melde fan aktiviteit yn fûgelrêstgebieten

Fûgeltellers hâlde de aktiviteiten yn de fûgelrêstgebieten yn ‘e gaten. Sy kontrolearje de gebieten ien kear yn ‘e pear wike. Sjogge jo sels in boatsje of oare aktiviteit yn de rêstgebieten? Dan hearre wy dat graach. Jo kinne dat melde troch te mailen nei provincie@fryslan.frl.

Jou dêrby oan:

  • Om hokker type boat it giet. In jacht, sylboat, sloep, motorboatsje, fiskersboatsje of wat oars
  • Oft der  wetterfûgels binne (Ja/Nee)
  • Oft de persoan in tafersjochhâlder is (Ja/Nee)
  • Mooglike opmerkings

Jo fine de fûgelrêstgebieten ek yn de Watersport app fan de provinsje Fryslân. Mei-inoar wurkje wy oan it behâld fan ús prachtige Fryske natuer!

Watersport app Android Watersport app IOS