Gastfrijheidsekonomy
Op 22 april 2020 hawwe Provinsjale Steaten de beliedsnota Gastvrij Fryslân 2028 fêststeld. Yn dizze nota stean de útgongspunten fan it nije provinsjale belied foar rekreaasje en toerisme. It sykjen nei in goede balâns yn ‘e sprieding fan toerisme is ien fan de wichtichste útgongspunten. Op dizze wize draacht toerisme by oan de leefberens: Friezen kinne nofliker wenje, libje en wurkje. Yn it Uitvoeringsprogramme Gastvrij Fryslân 2028 is dit noch fierder útwurke en konkreter makke. Dit programma is op 9 juny 2020 fêststeld troch Deputearre Steaten.
Foar it jier 2022 hawwe wy in jieroersjoch makke. Yn dit oersjoch litte wy sjen wat der yn it ôfrûne jier ta stân brocht is en hokker ympakt it programma ‘ Gastvrij Fryslân ’ hân hat op de ynwenners en besikers fan Fryslân.
Provinsjale ambysje
Yn 2023 is de groei yn it Fryske rekreaasje en toerisme bybûgd nei ‘tûke groei’. Dizze ambysje hat it Frysk provinsjaal bestjoer fêstlein yn it Bestjoersakkoart 2019-2023 (side 41). Gearwurking tusken oerheden, ûndernimmers en ûnderwiis (Toerisme Alliantie Friesland) is yn dizze sektor it útgongspunt.
Aksjeplan fitaliteit sliepakkommodaasjes
Yn 2019 is ûndersyk dien nei de takomst fan Fryske sliepakkommodaasjes. Dêrút kaam nei foaren dat de logiessektor foar rekreative sliepplakken yn Fryslân him goed kin mjitte kin mei dy't yn de restit oare part fan Nederlân. Oan de oare kant jildt: stilsteaân is efterútgong en om ûnderskieidend te bliuwen, moat no al wurke wurde oan de takomst wurke wurde. Bygelyks troch yn te setten op sprieding yn tiid (ferbreding fan it seizoen) en regio (nije bestimmingen) of troch eksperimintele ûntjouwingen te ferwolkomjen.
Mei it Actieplan Vitale Logiesaccommodaties sette Toerisme Alliantie Fryslân (TAF) en de provinsje yn op fernijing fan besteande ûnderkommens en it snoad ûntwikkelen fan nije by Fryslân passende ferbliuwen. De provinsje lûkt oardel miljoen euro út om goedie plannen in stap fierder te bringen. It jild is bedoeld foar stipe yn planfoarming en net foar iynvfestearringsen yn bedriuwen. It loket giet yn ‘e hjerst fan 2021 iepen fia de projektlieder dy’t by Innovatiepact Fryslân gestationeerd wurden giet.stasjonearre wurde sil.
Kontakt
Hawwe jo fragen? Nim dan kontakt op mei de provinsje Fryslân fia provincie@fryslan.frl of 058 - 292 59 25.
Dokuminten
Hawwe jo problemen mei de lêsberens? Dan kinne jo in formulier ynfolje of belje mei it Klantkontaktsintrum. Sy helpe jo graach fierder.