Gearwurkingsaginda's
Oersjoch gearwurkingsaginda’s
Yn it provinsjale Koälysje-akkoart (2011-2025) stiet as resultaat foar 2015 formulearre dat de gearwurkingsaginda’s mei de fjouwer grutte kearnen yn Fryslân folop yn útfiering binne. Mei dy gearwurkingsaginda’s wolle de provinsje Fryslân en de gemeenten de mienskiplike urginsjes fan de regio’s oanpakke. Hjirûnder folget in koart oersjoch fan de gearwurkingsaginda’s dy’t mei de fjouwer grutte kearnen ta stân brocht binne. Yn alle gearwurkingsaginda’s foarmet duorsumens in wêzentlik oandachtspunt.
Gemeente Ljouwert
Yn de perioade 2000 – 2010 wie de gearwurking tusken gemeente Ljouwert en de provinsje al fêstlein yn it Stedskonvenant Ljouwert. Dat konvenant waard op 1 jannewaris 2011 ferfongen troch in gearwurkingsaginda 2011 – 2012. Op 21 maaie 2013 is de fernijde gearwurkingsaginda fan gemeente Ljouwert (2013 – 2025) ûndertekene. De fernijde gearwurkingsaginda is benammen oanpast mei it each op de ambysjes foar Kulturele Haadstêd 2018 (KH2018). Mei de nije gearwurkingsaginda bringe de beide oerheden ta útdrukking dat wurkje oan in sterke posysje fan de haadstêd en it behertigjen fan de belangen fan Fryslân op inoar slute. De wichtichste tema’s út dy aginda binne: Ekonomy, ûnderwiis, partisipaasje, duorsumens, rekreaasje, toerisme en kultuer.
Gemeente Súdwest-Fryslân
Yn 2010 is troch de gemeenten, dy’t gearfoege wurde soene, en de provinsje ta wurke nei in strategyske gearwurkingsaginda om de nije gemeente Súdwest-Fryslân in fleanende start te jaan. Dy gearwurkingsaginda waard op 7 desimber 2010 ûndertekene. Yn de rin fan 2011 is de Gearwurkingsaginda (2011 – 2021) fierder útwurke yn in útfieringsprogramma mei de neikommende tema’s:
- In krêftich stedsk A7 kluster Snits-Boalsert;
- Lanlike klusters klear foar de takomst;
- Súdwest-Fryslân: de wetterpoarte fan Fryslân;
- Wetter, wyn, lân en Ofslútdyk ‘ûnderweis nei in duorsume takomst’; en
- Byldmerken Súdwest-Fryslân ‘kultuerhistoarje as sterk merk’.
Duorsumens is dêrby foar de gemeente Súdwest-Fryslân it ferbinende elemint en in fêst kritearium dêr’t alle belied op hifke wurdt.
Om ta in yntegraasje fan de gearwurkingsaginda en de streekaginda te kommen is op 12 novimber 2013 in mienskiplike yntinsjeferklearring ûndertekene tusken Wetterskip Fryslân, gemeente Súdwest-Fryslân, gemeente De Fryske Marren en provinsje Fryslân. Yn dy yntinsjeferklearring stiet opnommen dat de ôfspraken út de gearwurkingsaginda Súdwest- Fryslân ien op ien yn de nije gebietsaginda Súdwest-Fryslân oernommen wurde. De gebietsaginda Súdwest hat as pilot in spesjale status njonken de oare streekaginda’s en gearwurkingsaginda’s fanwegen de kombinaasje fan gearwurkings- en streekaginda.
Gearwurkingsaginda Gemeente Smellingerlân en it Hearrenfean
Nei’t Provinsjale Steaten op 18 juny 2012 besleaten op te hâlden mei it spoar it Hearrenfean-Drachten-Grins, is der troch de gemeenten Smellingerlân en it Hearrenfean wurke oan nije fersys fan de gearwurkingsaginda. Der waarden konkrete ynvestearrings oan de gearwurkingsaginda keppele om de berikberens en sosjaal ekonomyske struktuer fan Drachten en it Hearrenfean noch te ferbetterjen. Op de Ynvestearringsaginda Drachten it Hearrenfean (18 juny 2013) steane 16 projekten oangeande ynfrastruktuer, spoar, ekonomy, duorsumens en rekreaasje & toerisme. De rintiid fan de Ynvestearringsaginda is fjouwer jier, wat betsjut dat alle projekten fóár 2018 yn útfiering wêze moatte.
Smellingerlân |
It Hearrenfean |
---|---|
Farwei Drachten (helberheidsûndersyk) |
It Hearrenfean better berikber (oanslutingen A32) |
Âldegea oan it Wetter |
Sportstêd Bûten (ynkl. skeelerpiste) |
Gebietsûntwikkeling Drachten West |
Op ‘en nij ynrjochtsjen terrein Thialf |
Ferbetterjen binnenhaven Drachten |
Oerwei Rotstergaastwei |
Berikberens Drachten East |
Op ‘en nij ynrjochtsjen Molenplein |
Berikberens Drachten OV |
Ferbetterjen busstasjon It Hearrenfean |
Swimbad De Welle |
Ferbetterjen berikberens IBF |
Ynnovaasjehûs Drachten (VNO-NCW) |
Earne oars: Zwolle-Herfte |
Spearpunten gearwurkingsaginda Smellingerlân en it Hearrenfean
Neist in ferbettere berikberens en sosjaal ekonomyske struktuer hawwe alle gearwurkingsaginda’s noch in tal spearpunten. Yn Smellingerlân binne dat: krêftige ynnovative yndustriële ekonomy, foarsjennings foar de regio, fersterking rekreaasje en toerisme, stêd yn in griene omjouwing, folkshúsfêsting-werstrukturearring en breedbân. Yn it Hearrenfean binne wichtige tema’s: sport en soarchekonomy; logistyk en metaal; nije enerzjy (kearnbegryp duorsumens); toerisme en kultuer(histoarje).