Gebietsûntwikkeling Achtkarspelen Súd
De provinsje Fryslân is ferantwurdlik foar fierdere ûntwikkeling fan it Natuurnetwerk Nederland (NNN, foarhinne EHS). Achtkarspelen Súd is dêrby ien fan alle gebietsûntwikkelingsprojekten yn de provinsje Fryslân. Yn dat gebiet wurkje wy oan it ferbetterjen fan it bioferskaat en de lânboustruktuer en it fierder ûntwikkeljen fan rekreaasje. Gebietsûntwikkeling Achtkarspelen Súd leit yn it easten fan Fryslân en is ûnderdiel fan de Fryske Wâlden. It oerflak is sa'n 5.400 hektare.
Underdiel fan de gebietsûntwikkeling is de natueropjefte dy't him konsintrearret yn De Mieden. De Mieden binne bysûnder. De natuer en skiednis fan it lân binne sterk mei-inoar ferweve en noch oeral taastber. Yn dat gebiet komt grûnwetter út grutte djipte wei en fan de rânen fan de sângrûnen, dy’t der omhinne lizze, ôf omheech. Dat is parswetter. De gearstalling fan it wetter fariearret foar elk plak. Dat soarget dêrnei wer foar tige bysûndere en fariearre plantegroei. Troch de hichteferskillen yn it gebiet is it in fariearre lânskip fan blomrike gerslannen, petgatten en moerasboskjes.
Op dizze webside kinne jo mear lêze oer de gebietsûntwikkeling Achtkarspelen Súd. Dielgebieten binne Droegehamstermieden, Reahel en Surhuzumermieden. De ûntwikkeling fan it gebiet krijt foarm troch in nije fyzje op natuerynrjochting. Fierderop op dizze side stiet mear ynformaasje oer dy fyzje, de dielgebieten en de maatregels dy't hjir útfierd wurde. By einsluten hawwe wy foar jo op in rychje set wat de gebietskommisje docht en wa't de leden fan 'e kommisje binne.
In nije wize fan natuerûntwikkeling
Yn desimber 2020 is it plan “De Mieden op zijn mooist, op naar uitvoering”, skreaun troch de gebietskommisje, fêststeld. It plan presintearret in alternatyf foar de ynrjochting as natuergebiet. Wêr't maatregels him gewoanwei folslein fokusje op omfoarming ta natuer, wurdt yn it plan 130 hektare reservearre foar saneamde 'oergongsgebieten'. Dy oergongsgebieten, it wurd seit it al, markearje de grins fan it part dat as natuer ynrjochte wurdt nei de râne fan it gebiet.
Yn de oergongsgebieten stiet it kreëarjen fan krûde- en greidefûgelgerslân sintraal. It giet hjir om it fersterkjen fan it bioferskaat mei agrarysk gebrûk (natuerynklusive lânbou ). Njonken de oergongsgebieten hat it plan kearngebieten, dy't ynrjochte wurde as natuergebiet. Doelstelling is om de maatregels út it plan “De Mieden op z’n mooist, op naar uitvoering” foar 1 jannewaris 2025 te realisearjen.
Document
Hawwe jo problemen mei de lêsberens? Dan kinne jo in formulier ynfolje of belje mei it Klantkontaktsintrum. Sy helpe jo graach fierder.
Utgongspunten kearngebieten en oergongsgebieten
Doelen fan de kearngebieten:
- Ynrjochtsje as natuergebiet mei passend behear.
- Wetterbehear ôfstimd op natuer.
- Mear bioferskaat.
- Behâld fan feangrûn en ferminderje CO2-útstjit.
Doelen fan de oergongsgebieten:
- Beheare as krûde- en greidefûgelgerslân.
- Wetterbehear stipet natuer yn kearngebieten.
- Mear bioferskaat fan feangrûn en CO2-útstjit ferminderje.
It projektgebiet
It yn te rjochtsjen gebiet binnen gebietsûntwikkeling Achtkarspelen Súd bestiet út:
- Droegehamstermiede
Grutte: 175 hektare - Reahel
Grutte: 332 hektare - Surhuzumermieden
Grutte: 242 hektare
Fierder dielgebieten neamd.
In kaartsje fan it gebiet dêr’t ek de kearngebieten en oergongsgebieten yn markearre binne:
Droegehamstermieden
Droegehamstermieden leit tusken it Prinses Margrietkanaal en Droegeham. It gebiet leit leger as de omlizzende sângrûnen. Dêrtroch komt der parswetter omheech. Parswetter is kalk- en izerryk grûnwetter. Dat soarget foar ideale omstannichheden foar tal fan plante- en fûgelsoarten. Troch it parswetter kin in part fan de Droegehamstermieden har ûntwikkelje ta wiet skraallân. Dat binne wiete healannen dy't net bedonge wurde, lykas blaugerslân en dotterblomhealannen.
Maatregels yn it gebiet binne:
- Wiete skraallannen (kearngebiet) en blomrike gerslannen (oergongsgebiet) ûntwikkelje.
- Fytspaad en rekreative foarsjennings oer de Hege Bult oanlizze (lâns de rânen fan it natuergebiet nei de Hamsterpein).
- Opknappe en optimalisearje fan it troch parswetter fieden systeem.
- Kavelruil.
Reahel
It westlik part fan Reahel (125 hektare) is yn 2018 ynrjochte. Om it parswetter mear romte te jaan is de wetterhúshâlding oanpast en it wetterpeil omheech gien. Yn it súdwestlik part is dat goed werom te sjen oan de fochtige healannen. Planten as de dotterblom en it bûnt hantsjekrûd, mar ek greidefûgels hâlde fan sokke gebieten.
Yn it noarden fan Reahel-West wikselje petgatten, healannen en broekboskjes inoar ôf. It Mem Wedmanpaad is opknapt en der is in kuier- en fytsbrêge kaam tusken Reahel en de Twibaksmieden sadat de minsken út de omkriten in moaie rûte meitsje kinne.
Wy ferkenne oft it eastlik part fan de polder (180 hektare) mei kavelruiljen en ôfspraken ta in robúste natuerkearn omfoarme wurde kin. Ambysje is fochtich healân en wiete skraallannen yn de lichten, blomrike gerslannen op de Tjoelekop en op guon plakken moerasûntwikkeling. Yn it gebiet kin de natuer troch wetterhúshâldkundige maatregels ferbettere wurde. Ek op de Tjoelekop, dêr't al in soad ferbettere is foar natuer en lânskip, binne inkelde maatregels mooglik ta fersterking fan it elzelânskip en blomrike gerslannen.
Maatregels yn dit gebiet binne:
- Wetterhúshâlding yn it easten (kearngebiet) oanpasse en blomrike gerslannen ûntwikkelje (oergongsgebiet).
- Untwikkeling fan fochtige healannen, petgatten en blomryk greidlân yn it westlike part (kearngebiet) en blomrike gerslannen ûntwikkelje (oergongsgebiet).
- Belibbing kultuerhistoarje (ûnder oare mei kuier- en fytspaden) wêrûnder mooglik De Tjoele.
- Kavelruil foar it frijmeitsjen fan natuergebieten en lânboustruktuer.
Surhuzumermieden
De Surhuzumermieden liene harren poerbêst foar de ûntwikkeling fan fochtige healannen, greidefûgelgerslannen en op de hegere parten krûde- en faunarike gerslannen. Yn it iepen, noardlik part binne hege oantallen greidefûgels. Yn it súdlik/súdwestlik part lizze perselen mei elzesingels en lichten dy 't begroeid binne mei reid en broekbosk.
It noardlik part kin mei de ynrjochting en troch de iepenheid fan it gebiet noch fierder útgroeie ta greidefûgelparadys. Foar it omfoarmjen ta natuergebiet is it oanpassen fan de wetterhúshâlding nedich. Neist de mear algemiene greidefûgels lykas de ljip, skries en de strânljip sille minder algemien foarkommende soarten lykas de tjirk, waarlamke, ljurk en slob dêr ek fan profitearje. Benammen de splis-wiet gebieten binne dêr hiel geskikt foar.
Fierder lizze der om de Surhuzumermieden hinne noch folop kânsen foar lânboustruktuer-ferbettering en oare foarmen fan gebrûk yn 'e oergongsgebieten.
Maatregels yn dat gebiet binne:
- Wetterhúshâlding oanpasse.
- Kultuerhistoarje belibje (ûnder oare mei kuierpaden).
- Kavelruil.
Lânboustruktuerferbettering spilet lykwols yn in grutter gebiet om de dielgebieten hinne in rol.
Gebietskommisje
Yn opdracht fan de provinsje Fryslân wurket de gebietskommisje oan gebietsûntwikkeling Achtkarspelen Súd. De gebietskommisje bestiet út fertsjintwurdigers út de streek fan lânbou, natuer en rekreaasje.
Leden van de gebietskommisje:
- Frau. B. Nijboer, voorzitter
- Dhr. J.P. Tjaden, secretaris
- Dhr. R. Boersma
- Dhr. H. Vrijhof
- Dhr. H. Pilat
- Dhr. D. Hoeksma
- Dhr. R. Vriesema
Adviseurs:
- Dhr. J.D. van der Meulen
- Dhr. Y. Faber
Gearwurkingspartners
De provinsje Fryslân wurket yn dit projekt gear mei de gemeente Achtkarspelen, Wetterskip Fryslân, Fryske Miljeu Federaasje, LTO Noord, Steatsboskbehear en Noardlike Fryske Wâlden.
Kontakt
Hawwe jo fragen oer gebietsûntwikkeling Achtkarspelen Súd? Dan kinne jo it Klantkontaktsintrum fan de provinsje Fryslân telefoanysk berikke op telefoannûmer 058 - 292 59 25, of in mail stjoere nei provincie@fryslan.frl.