Gemeenten en provinsje bondelje krêften foar in leefber en wolfarrend Fryslân yn 2050

De provinsje Fryslân en de gemeenten Hearrenfean, Ljouwert, Smellingerlân en Súdwest-Fryslân sjogge kânsen foar Fryslân en de fjouwer grutste stedske sintra om mei-inoar te groeien en by te dragen oan de nasjonale ferstêdlikingsopjeften*. Mei as resultaat in leefberder en wolfarrender Fryslân. Dat stiet yn de ferstedlikingsproposysje foar it Frysk Stedelijk Netwerk 2050 dy't de Fryske oerheden oan it Ryk oanbiede sille. Dy fisy rjochtet him op de takomst fan de fjouwer Fryske stedske sintra Drachten, It Hearrenfean, Ljouwert en Snits en de omlizzende regio. 

Om de regio ek yn de takomst leefber, duorsum en wolfarrend te hâlden, sette de belutsen gemeenten en provinsje yn op groei rjochting 2050. Fan de stêden oant de regiokearnen en fan de doarpen oant it plattelân. Dêrby rjochtsje se harren op passende en betelbere wenten, foldwaande wurkgelegenheid, berikberens en sterke foarsjennings. De klam moat komme op trije wichtige sektoaren dêr't de regio sterk yn is: wettertechnology, agrifood en de hightech maakindustrie. In goede gearwurking tusken it Fryske ûnderwiis en bedriuwslibben is dêrby ûnmisber. 

Doelstellings en maatregels 

  • Ekonomyske Groei: Fersterking fan de 3 topsektoaren troch klustering en spesjalisaasje.
  • Wenningbou: Utwreiding fan it wenningoanbod mei 25-40% oant 2050, mei ferskate en oantreklike wenmiljeus.
  • Talintûntwikkeling: Oanlûken en behâlden fan talint troch kwalitatyf ûnderwiis en ferskate wurkgelegenheid.
  • Ferbetterde Berikberheid: Ynvestearrings yn oanslutende ferbiningen.
  • Duorsumens: mear grien en wetter yn bewenne gebiet, klimaatadaptive ynrjochting stêden en doarpen en enerzjytransysje. 

Utdagingen en kânsen 

Wethâlder Jelle Zoetendal fan Hearrenfean út namme fan de fjouwer Fryske stedske sintra: "Als regio staan we voor grote veranderingen, zoals vergrijzing en krimp. Tegelijk hebben we als Fryslân alles in huis om daarop in te spelen. Door als gemeenten, provincie en Rijk samen te werken, kunnen we ervoor zorgen dat Fryslân economisch groeit en zich duurzaam ontwikkelt. Zo zorgen we ervoor dat het hier goed leven is, nu én in de toekomst."

Foar de regio en har ynwenners 

Deputearre Sijbe Knol út namme fan de provinsje Fryslân: "Wy binne bliid dat wy yn gearwurking mei de fjouwer grutte kearnen ta dizze proposysje kaam binne. It is goed dat wy wurkje mei bânbreedtes fan autonome groei oant in plus op mear ambysje. No is it wichtich om dizze proposysje ûnder de oandacht te bringen by it Ryk en te ferwurkjen yn belied. Binnen ús provinsje is it ús taak om dizze proposysje te ferbreedzjen nei de alve stêden en 412 doarpen, want it is ús ferantwurdlikens om de belangen fan hiel Fryslân ôf te weagjen. ” 

Erik de Groot, foarsitter fan kommisje Romte & Wonen van de Vereniging Friese Gemeenten: : “De verstedelijkingspropositie biedt een toekomst voor Fryslân waarin de Friese steden en omliggende kernen in de hele regio profiteren van economische groei, verbeterde infrastructuur en een hogere kwaliteit van leven. Het versterkt de economische positie en verhoogt de leefkwaliteit, waardoor Fryslân een aantrekkelijke plek blijft om te wonen en werken."

Gearwurking en Utfiering 

De ferstedlikingsproposysje foarmet in stevige basis foar alle belutsen partijen om gear te wurkjen oan in duorsume en wolfarrende takomst foar Fryslân. Dêrby sille de provinsje en neamde stêden gearwurkje mei de Fryske gemeenten, regiokearnen, lokale en nasjonale oerheden, bedriuwen, kennisynstellings en ynwenners. It ferfolch op de ferstedlikingsproposysje is de ûntwikkelstrategy en de ynvestearringsaginda, dy't se mei-inoar as in konkreet aksjeplan opstelle om de foarlizzende proposysje foar 2050 wier te meitsjen.

* De nasjonale ferstedlikingsopjefte fan Nederlân rjochtet him op it takomstbestindich meitsjen fan stêden en doarpen troch wenningbou, ekonomyske ûntwikkeling, foarsjennings, enerzjy en fergriening. Dy opjefte is ûnderdiel fan de Nasjonale Omjouwingsfisy (NOVI), dy't in yntegrearre oanpak fan romtlike fraachstikken biedt.