Greidefûgels yn Fryslân
Fryslân is in echte greidefûgelprovinsje. Jierliks komme der ferskate soarten greidefûgels yn it foarjier nei Fryslân om nêstkes te meitsjen en jongen grut te bringen. De bekendste soart is de skries, mar ek de ljip, tsjirk, wylp, fjildljurk, gerspeper, klút en wettersnip komme hjir graach. De ôfrûne jierren is it tal greidefûgels hieltyd fierder ôfnaam. Dêrom wurket de provinsje Fryslân gear mei tal fan oare organisaasjes oan it omkearen fan dy delgeande trend nei in opgeande line yn oantallen greidefûgels.
Underoan de side fine jo inkelde downloads oer it greidefûgelbelied yn de provinsje Fryslân.
Aanvalsplan Grutto
Us nasjonele fûgel, de skries, wurdt yn har fuortbestean bedrige. It tal briedpearen yn Nederlân naam de ôfrûne desennia ôf fan 100.000 nei goed 30.000. Omdat goed 80 persint fan de wrâld skriezepopulaasje yn ús lân briedt, stiet it fuortbestean fan dizze greidefûgel op it spul. Om it tij te kearen hawwe de inisjatyfnimmers ûnder de besieljende lieding fan âld-minister Pieter Winsemius in Aanvalsplan Grutto makke.
It Aanvalsplan Grutto foarsjocht yn de ynrjochting fan saneamde kânsgebieten, ferspraat oer de provinsjes. Yn dizze oaniensletten gebieten, fan op syn minst 1.000 bunder, wurkje natuerbehearders en boeren yntinsyf gear. Se beheare it (iepen) lânskip ekstinsyf, sadat greidefûgels der genôch fretten fine, feilich briede en piken útfleane litte kinne. Dêrby moat oan in tal betingsten en behearmaatregels foldien wurde. Boeren kinne rekkenje op in robúst fertsjinmodel, rjochte op langjierrich behear.
De oanpak fan it Aanvalsplan is fasearre. De earste weach sette yn 2022 útein mei sa 'n trettjin gebieten. Dit wurdt stap foar stap útwreide nei sa ’n tritich gebieten yn 2027. By de útrol fan it Aanvalsplan wurdt nau gearwurke mei boere-organisaasjes, terreinbehearders, de suvelketen, kennisynstellingen en banken. Foar it plan is foar it behear in lytse € 70 miljoen beskikber foar de perioade oant en mei 2027. Dêrneist wurdt hurd wurke oan oanfoljende, langjierrige fertsjinmodellen.
Grutsk op ús Greidefûgels
Grutsk op ús Greidefûgels is in projekt dat as haaddoel hat de wearde fan greidefûgels foar ús provinsje dúdlik te meitsjen. Hoe kinne wy de greidefûgel feilich hâlde en beskermje ûnder it wurkjen op it lân? Dizze kampanje rjochtet him benammen op melkfeehâlders, bouboeren, leanwurkers en fûgelwachten. Hjir fine jo mear ynformaasje oer de kampanje. Grutsk op ús Greidefûgels is in inisjatyf fan provinsje Fryslân, Wetterskip Fryslân, LTO-Noord, Cumela, KBF, Nordwin, Van Hall Larenstein, BFVW en AJF
Poes yn de mand
Mei de kampanje 'Kuikens in het land, poes in de mand ' roppe natuerorganisaasjes en Fryske agraryske kollektiven kateigeners op om nachts de kat binnen te hâlden by it briedseizoen. It Bûn fan Fryske Fûgelwachten is inisjatyfnimmer fan de kampanje. Op de kampagnesite is mear ynformaasje te finen oer de kampanje en wat je as katteeigener dwaan kinne om je kat nachts makliker binnen te hâlden.
Documenten
Hawwe jo problemen mei de lêsberens? Dan kinne jo in formulier ynfolje of belje mei it Klantkontaktsintrum. Sy helpe jo graach fierder.