Grutskalige sporteveneminten

Foar it organisearjen fan in grutskalich sportevenemint, kin subsydzje oanfrege wurde fan 21 jannewaris oant en mei 31 oktober 2025. 

Dizze subsydzjeregeling hat as doel de organisaasje fan grutskalige sporteveneminten te stimulearjen, mei it doel de sportdielname yn Fryslân te fergrutsjen. 

It subsydzjeplafond is € 125.000,-.

Subsidiale aktiviteiten

Subsydzje kin oanfrege wurde foar:

  • a. in ynternasjonaal sportevenemint
  • b. in topsportevenemint of
  • c. in breedtesportevenemint

Allinnich rjochtspersoanen lykas in stichting, in besletten fennoatskip of in feriening mei folslein rjochtsfoech kinne foar subsydzje yn oanmerking komme.

Oanfraach yntsjinje

Lês de regeling goed troch foardat jo ûndersteand oanfraachformulier yntsjinje. It is belangryk dat jo it oanfraachformulier folslein ynfolje en dat jo alle frege bylagen taheakje. Besteed ek genôch omtinken oan de begrutting. Jo kinne hjir in format foar in begrutting downloaden. 

Oanfraachformulier

Hichte fan it subsydzje

De hichte fan it subsydzje is maksimaal 25% fan de totale subsidiabele kosten, mei in maksimum fan € 5.000,-.

As it evenemint op syn minst seis dagen duorret yn in perioade fan fjirtjin dagen oanien en in oanwiisbere lokale ekonomyske ympuls tewei bringt, kinne jo in maksimum subsydzje fan € 10.000,- freegje.

Mear ynformaasje

As jo fragen hawwe oer de regeling kinne jo belje mei de ôfdieling Subsydzjes op tillefoannûmer 058 - 292 59 25 of maile nei provincie@fryslan.frl.

Tink derom: fan 21 jannewaris 2025 ôf kinne jo jo oanfraach foar dizze regeling digitaal yntsjinje. Dêrfoar hawwe jo eHerkenning. Freegje jo dit op'e tiid oan.

Sjoch hjir foar mear ynformaasje.

Neidat jo mei eHerkenning ynlogd binne, kinne jo jo oanfraach tuskentiids opslaan en letter (binnen 5 dagen) opnij iepenje.