Guozzen
Fryske guozze-oanpak
De guozze-populaasje yn Fryslân is bot groeid troch beskerming, troch de oanwêzichheid fan wiete natuer en troch aaiwytryk gers yn de lânbou. De oare kant is skea oan de lânbou, benammen oan gers. De provinsje betellet alle jierren sa'n €10 miljoen oan temjittekommings.
De Fryske guozze-oanpak (link) is in miks fan beskermjen en bestriden fan skea. Ut in evaluaasje yn 2017 die bliken dat de guozzeskea yn trije jier bot tanaam wie. Yn de Fryske guozze-oanpak 2017-2020 waard bepaald dat Fryslân bot ynsette soe op beheining fan de skea. Deputearre Steaten hawwe dit belied ferlinge oant 2023.
Beskermje: Wylde guozzen binne beskerme. Beskermje bart troch it ynstellen fan foerazjeargebieten – dêr't guozzen iten sykje - en it hanthavenjen fan rêst op guozzesliepplakken. Fryslân telt 21.000 hektare foerazjeargebiet. Fierder jilde maksima foar it tal guozzen dat alle jierren by it ferjeien ôfsketten wurde mei. Deputearre Steaten stelle dit oantal jierliks fêst. Foar seizoen 2021 -2024 giet it om 22.500 kolguozzen, 14.000 pauguozzen en 12.000 skiere guozzen.
Bestride: Bestriding fan skea bart troch grûnbrûkers en jagers romme mooglikheden te jaan om guozzen - bûten de foerazjeargebieten - te ferjeien. Hjirby mei in part fan de fûgels dus ôfsketten wurde, binnen de kaders fan de Omjouwingswet en it Beslút aktiviteiten leefomjouwing. It doel is beheining fan de fretskea mei 5 oant 10 persint yn it jier. Dat doel wurdt noch net helle. Wol stabilisearet de skea en it tal guozzen al in pear jier.
De Fryske guozze-oanpak slacht op trije soarten guozzen; de brângoes, de skiere goes en de blesgoes (sjoch ôfbyldingen fan links nei rjochts). It mei opset sin deadzjen en fersteuren fan dizze soarten is wetlik ferbean. De Omjouwingswet biedt de mooglikheid om in omjouwingsfergunning te krijen. Ek binne fergunningfrije gefallen oanwiisd. Dêrtroch is by de ferjaging stypjend ôfskot mooglik.
Soarten guozzen
Nij belied
Op dit stuit is nij guozzebelied yn de maak foar de perioade nei 2023. Utgongspunt is de startnotysje dy't Provinsjale Steaten (PS) yn april 2022 fêststeld hawwe. Dêryn hawwe Provinsjale Steaten de haadrjochting foar de nije guozze-oanpak fêstlein. In wichtige feroaring is dat PS grûnbrûkers, eigeners en jagers mear mooglikheden jouwe om lokaal te bepalen hoe't de guozzeskea bestriden wurde kin.
Ek hat PS foar it nije belied oanjûn dat der ferskil komme moat yn de oanpak fan stânguozzen en foar trekguozzen. Stânguozzen bliuwe hjir it hiele jier. Foar dy soart is neffens PS in yntinsivere oanpak nedich. Benammen de populaasje skiere guozzen groeit en feroarsaket hieltyd mear skea oan gewaaksen fan boeren. Dizze goes moat dêrom yntinsiver ferjage wurde. Dêrneist soargje stânguozzen foar mear oerlêst yn de bewenne omjouwing. Trekguozzen briede yn it hege noarden en binne hjir allinnich yn de wintermoannen. De oanpak foar trekguozzen bliuwt yn grutte linen gelyk. Wol wurdt it wurkjen mei foerazjeargebieten fierder optimalisearre. Tink oan werskikkingen binnen foerazjeargebieten en faaks ek ferromming fan ferjetiden.
Rezjygroep
Op it stuit bûcht in rezjygroep him oer it nije belied. Hjiryn sitte de wichtichste grûnbrûkers; boeren en terreinbehearende organisaasjes. De rezjygroep docht foarstellen foar it nije belied. Dizze wurde foarlein oan in klankboerdgroep. Dêryn sitte oare belutsen partijen, lykas de jagersferieningen, de bistebeskerming en it BFVW. Uteinlik beslute Provinsjale Steaten oer it belied. Deputearre Steaten wurkje it dan fierder út. De útfiering wurdt dêrnei regele troch de Faunabeheereenheid Fryslân.
Fragen en mear ynformaasje
- Hawwe jo fragen oer de útfiering fan it guozzebelied? Nim dan kontakt op mei Faunabeheereenheid Fryslân, dat it faunabehearplan opstelt. Dêryn stiet ûnder mear ynformaasje oer tiidstippen fan bejaging, de ynsette middels en oer previnsjemaatregels (nêsten en aaien prikke).
Meastentiids freget de Faunabeheereenheid omjouwingsfergunningen oan. De provinsje behannelet alle oanfragen en ferlient de omjouwingsfergunningen. - Foar fragen oer skea, taksaasjes en útbetellingen kinne jo terjochte op de webside fan BIJ12. Dat is de mienskiplike útfieringsorganisaasje fan de provinsjes.
De provinsje publisearret alle jierren ein novimber in jierberjocht mei resultaten fan de guozze-oanpak. It giet om sifers oer oantallen guozzen, ôfskot en skea.
Wêr lizze de foerazjeargebieten?
De begrinzging fan de foerazjeargebieten is opnommen yn de Omjouwingsferoardening. De meast aktuele begrinzing stiet hjirûnder.
Dokuminten
Hawwe jo problemen mei de lêsberens? Dan kinne jo in formulier ynfolje of belje mei it Klantkontaktsintrum. Sy helpe jo graach fierder.