Hoe libbet de wolf?
Wolven hawwe in grut oanpassingsfermogen. Se kinne oerlibje yn alderhande lânskippen, ek yn omjouwingen dy 't troch de minske ynrjochte en dominearre binne. Wolven libje yn territoaria dy 't yn Europa, ôfhinklik fan it oanbod oan iten, in omfang fan sa ’n 200 km hiene kinne.
Fêstige of swervende wolven
Der binne yn Nederlân swervende en fêstige wolven. Swarjende wolven binne (jonge) wolven dy 't de ridel fan harren âlden ferlitten hawwe om op syk te gean nei in eigen territoarium en in partner. Se lizze grutte ôfstannen ôf wêrby 't se yn Nederlân in soad auto - en wetterwegen oerstekke.
Wolf mei halsbânstjoerder sjoen yn Fryslân
Yn de omkriten fan Oranjewâld, Ketlik en Beetstersweach is yn it neijier fan 2024 in wolf mei in halsbânstjoerder sjoen. Dizze wolf komt net út in Nederlânske ridel. Yn Nederlân rint gjin ûndersyk wêrby't wolven mei in stjoerder foarsjoen binne. Yn Dútslân ha inkelde wolven in halsbânstjoerder foar wittenskiplik ûndersyk. Dizze wolven komme bytiden ek nei Nederlân ta rinnen. Sa waard bygelyks de wolvin 'Naya', dy't ek in halsbandstjoerder hie, yn 2018 yn Nederlân sjoen.
Wolf sjoen? Dit kinne jo dwaan
- Bliuw kalm en hâld ôfstân, it leafst minimaal 100 meter.
- Komt de wolf te tichtby, nim stadich ôfstân, sprek lûd en meitsje gebearten.
- Hâld hûnen koart oan.
- Bliuw op de tastiene paden en diken.
- Foer of lokje de wolf net en rin de wolf net efternei.
- Meld it sa gau mooglik by it www.bij12.nl/wolvenmeldpunt as jo in wolf of spoaren fan in wolf sjoen hawwe.
- Lês mear oer wat te dwaan by in moeting mei in wolf op www.bij12.nl/wolf.
- Besjoch de flyer ‘Wolf yn Fryslân’
Subsydzjeregeling wolfkearende maatregels
Hâlders fan lânbouhúsbisten kinne gebrûk meitsje fan in subsydzje foar de oanskaf fan previnsjemaatregels om skea troch in wolf foar te kommen. Mei de ynset fan de goede previntive maatregels kinne jo rôfbisten, lykas de wolf, op ôfstân hâlde en jo bisten beskermje.
Wolvekonsulint yn Fryslân
Wolle jo help of advys oer wolfkearende maatregels of de subsydzjeregeling? Dan kinne jo kontakt opnimme mei in wolvekonsulint yn Fryslân. Sy advisearje hâlders fan lânbouhúsdieren fergees en op maat.
Op Wolven in Nederland en op de pagina fan Bij12 fine jo mear ynformaasje oer it leefgebiet, it gedrach, de leefwize en de histoarje fan wolven.