Hoe’t buorkje binnen sûne grinzen leannet

Yn ‘e mande mei de streekinisjativen SIOO en Rûnom it Alddjip organisearre de Gebietskommisje Koningsdiep op 26 novimber 2024 in gearkomste oer ‘buorkje binnen sûne grinzen’. Kin dat kânsen opsmite foar de agrariërs en terreinbehearders fan it Alddjip?

Oare blik

De sprekkers Henk Hut, Wim Schippers en Harm Rijneveld nûgen de oanwêzigen út om ris mei in oare blik de agraryske bedriuwsfiering te besjen. Hoe kinne je je bedriuw leannend meitsje troch just minder te melken en dêrtroch mear rêst en rezjy te ûnderfinen? Hoe kinne we troch minder regeljouwing de boeren wer langje litte nei it boerelibben sels én de skientme fan it plattelân? Hokker rol kin de agrariër spylje yn it bioferskaat fan Nederlân? 

Alderearst definiearre Henk Hut it begryp natuer. Der binne ûnderskate typen natuer: de wyldernis dy't ûntstiet troch net-steurd natuerlike prosessen en de heal natuerlike typen dy't sterk ûnder ynfloed fan de minske stean en dy't je faak yn kultuerhistoaryske lânskippen weromfine. Dizze moarn kamen benammen gerslântypen oan bod. Sa binne duingraslannen, wiete en krûderike gerslannen en heechproduktive gerslannen foarbylden fan gerslannen dêr't de minsklike ynfloed hieltyd grutter yn wurdt.

Buorkje binnen sûne grinzen 

Wim Schippers joech útlis oer wat ferstien wurdt ûnder `buorkje binnen sûne grinzen'. Dizze moarn waard de fokus lein op de melkfeehâlderij. Oan de hân fan statistiken oer it tal greidefûgels en it tal agrariërs, waard konstatearre dat beide oantallen ôfnaam binne. Soene mear boeren ta herstel fan bioferskaat liede? Oars buorkje, wêrby't boaiem, plant en pânse it measte wurk dogge hat de takomst. pleitet waard foar ûnder oare mear greidegong, ôfbouwen fan keunstdong en krêftfoer en it omfoarmjen fan de stâl foar goede fêste dong dy't soarget foar krûderyk gerslân en mear bioferskaat yn it lanlik gebiet. ‘Mest is gjin hillichheid, mar docht wûnders wêr't er leit.’ De rol fan dong op it boaiemlibben waard taljochte. It doel fan dong is in bliuwende fruchtbere omjouwing wêrby't troch it werstel fan it kringloopsysteem gjin belesting fan boaiem, wetter en lucht mear plak fynt. Dit resultearret yn in bedriuwsfiering dy't klear is foar de takomstige opjeften yn it lanlik gebiet, wêrby't de boer syn regy werwint en syn wurk behâldt en wurkjend is.

Ynfloed op bedriuwsfiering 

Harm Rijneveld (Terug naar de Basis Advies) ûnderboude dy bedriuwsfyzje mei sifers en hoe't je mei minder ynput itselde ynkommen behelje kinne. As ûndernimmer hawwe je nammentlik in beskate mjitte fan ynfloed op de kosten fan de ynput en net op de molkpriis. Der kinne bygelyks kosten besparre wurde troch mear greidegong, minder krêftfoer, de kij sels it iten ophelje litte, it fersprieden fan de dong troch de kij sels en úteinlik minder traktortransport. In oantal finansjele jierferslaggen fan molkbedriuwen liet sjen dat dit mooglik is.

Presintaasjes 

De dielnimmers fan dizze moarn ûntfange de presintaasjes. Spitigernôch kinne dy net iepenbier beskikber steld wurde fanwegen yllustraasjerjochten en privacygefoelige bedriuwsgegevens. Mochten jo as agrariër ynteresse hawwe om te sjen oft dizze bedriuwsfyzje by jo past? Dan kinne jo kontakt opnimme mei de provinsje Fryslân, Anja de Vries (a.devries@fryslan.frl), jo Streekinitiatief SIOO of Rûnom it Alddjip. Faaks kinne jo oanheakje by in inisjatyf dêr't perspektiven foar boeren fierder yn ferkend wurde kinne.